Matchfixing

It wie in tige enervearjende wike mei moaie en minder moaie dingen. Wy begjinne mei de moaie, dan ha wy dat mar hân.

Hoewol’t ik it ferline wike ek al in pear kear bespeurd hie is it no echt sa dat de sinne nei in oere as fjouwer troch it kokensrút skynt en dat docht er mei de dei langer. Ik wurd der och sa fleurich fan. Ik mei oars ek wol oer winter mar oft Piet it oer winter hat dan moatte jo der op rekkenje dat it kutwaar wurdt. Mar om’t Piet no yn it karnafal siet hie de sinne it net sa dreech en dy hat it no dus oprêden. Prachtich!

It giet ek hiel goed mei Gordon. Hy stiet sawat alle dagen yn De Telegraaf en wa wol dat net? De iene leafde jaget de oare, ik tink dat de man oars neat docht as klearkomme. Geweldich! En ek fan dizze kant tige lokwinske.

Mei Halbe gie it justjes minder. Hy hat leugene en dat mei net. Gelokkich wie it gjin deasûnde want dan hie dat krûperke fan Rutte fansels wat in banaal gesicht west. Jo krûpe no ienkear net mei in lyk. Mar Halbe hat dus sein dat er earne wie dêr’t er hielendal net west hat. Dat is goed mis.

Ik bin net fan doel om it foar him op te nimmen – it is op ’t lêst mar in ûnnoazele heale Fries – mar wy moatte de saken al justjes yn perspektyf sjen. De man wurket yn de polityk en de basis fan polityk is ligen. Dat kinne jo sawat alle dagen sjen. Der hoecht mar in debat te wêzen oer bygelyks de sûnenssoarch en werklik alle politisy ha krekt dyselde middei wer in petear hân mei in ferpleechkundige of in thúshelper. Al dy politisy sizze dus dat se op plakken west ha dêr’t se net wiene. It went.

Wat ik folle slimmer fûn is dat Alexander Pechtold net leagene mar gewoan sei wat er tocht en altyd tinkt. Te witten: der hat noch nea in ‘neger’, ‘yndiaan’ , ‘inuit’ of ‘swarte pyt’ tsjinkommen is dy’t earlik is. Dat ús opperliger Rutte sels dat noch hieltyd net as in deasûnde beskôget komt my al wat nuver oan. Boppedat wol Alexander Fryslân anneksearje en dêr seit ek nimmen wat fan. Frjemd, frjemd, frjemd. Mar it skynt in echte demokraat te wêzen, dat dan wer wol.

Neffens dyen – demokraten dus – is wiere demokratsy ‘de helte plus ien’. Dêr sil statistysk it measte wol net tsjin yn te lizzen wêze mar mooglik koe dy grutste helte ek ris wat mear rekken hâlde mei de oaren yn stee fan der wat wetten troch te drukken dêr’t jo – ek statistysk besjoen – jo fan ôffreegje kinne oft de mearderheid it dêr wol sa mei iens is. Want wêrom – demokraten – hat dan net mear as de helte-plus-ien fan de Nederlanners fêstlizze litten dat se donor wêze wolle? It is gjin item fan juster dat dêr hawwe se al jierren lang de kâns foar hân en lang genôch oer neitinke kinnen.

Is it der fierder ek net in bytsje hiel fier by troch om de lju dy’t net foar dizze wet binne (en dat is wat oars as al of net foar donaasje te wêzen) as egoïsten del te setten? Sjoch: oft wetlik fêstlein wurde soe dat wa’t oanjout gjin donor wêze te wollen sels ek útsluten wurdt om in orgaan te ûntfangen, dan hie ik dêr frede mei hân. Mar sa’t dit giet, kin net. Der binne hiele groepen dy’t net yn steat binne om hjir goed oer nei te tinken en der is in hiele groep dy’t oan dat neitinken noch net takommen is, guon dy’t krekt 18 binne, bygelyks. It giet my fierstente fier al dyselden no mar as in soarte fan kohannel op de merk te bringen. It is no net oars as binne jo op de feiling dêr’t de oerbleaune griente trochdraaid wurdt.

En dêr komt noch wat by. Homo’s bygelyks meie gjin bloed jaan oft se it lêste jier seks hân hawwe. En dan kinne dy homo’s sa monogaam as de sykte wêze, dêr hat de ûntfangende partij gjin boadskip oan. Ommers: it is net te sizzen dat de partner fan de donearjende homo gjin seks hân hat mei in oar. Nee, dat sil bêst. It is ek net te sizzen dat de partner fan de hetero net by de hoeren west hat wylst er/se seit dat dat net sa is. Of bin ik no mis, Halbe?

Der is oars goed nijs wat it donearjen oanbelanget. Der komt nammentlik hieltyd minder ferlet fan. Dat hat de rjochter útmakke. It is no noch in drankrelatearre oplossing mar it is in begjin. Dat it sil net lang mear duorje dat de maatskiplik wurker, de dûmny, de boufakker en de thúshelp gjin hûs mear yn hoege dêr’t ea smookt wurden is. Sokke stoffen bliuwe hingjen en dat moat út wêze seit de rjochter. Jo meie der alteast gjin oare lju oan bleatstelle. Dat de fraach nei nije longen en hûdweefsel is meikoarten opdroege. In prachtige útkomst fan in och sa demokratysk beslút.

Dyselde hoareka kin him oars mar opmeitsje foar in grut feest. De Fryske Akademy hat in baas fretterijpriis ynsteld foar oft jo in wat knappich gedicht yninoar freubelje. Ik wit net oft Swarte Piten, negers, yndianen, en inuits ek meidwaan meie mar ik tink it hast net want it is dyselde Fryske Akademy noch hieltyd net slagge in wurdboek op papier út te bringen yn de troch har sa needsaaklik achte nije stavering.

Oars in stavering dêr’t fakkeloptochtige skoalmasters en oare djipfriezen hiel goed sûnder kinne as jo neikommende reaksje op it iepen rioel fan Fryslân lêze:

De steatekommisje gearkomste fan ‘e middei bywenne. NHL/Stenden ûndersyk Taalplan Frysk. Ik earste wat my opfalt is it ferhollânske Frysk dat der sprutsen wurdt en it ien lûd Frysk ynstee fan it wurd ‘Frysk’ as twalûd. Wat tafoel it tal skoallen mei folsleine ûntheffing, allinnich de eilanden. 28% joech yn de Fryske lessen it allegearre neffens de skoallen. De ûndersikers seinen dat it in protte nei meartaligens ta giet. Ik tink dat, dat net goed foar it Frysk is. Mapkes brûke de skoallen foar de Fryske projekten. Skoallen freegje wat sy dwaan moatte. As direksjes wikselje foar de skoallen stean de lessen Frysk stil. Ek goede oplate learkreften is in probleem. As der ynspeksje komt is der panyk by de learkreften. Ynspeksje sjocht net nei it Frysk, dy lessen falle dreks fuort. Der wurdt mar ien kear yn ‘e 4 jier in ûndersyk dien nei de ûntjouwingen fan it Frysk. Better soe wêze 1 kear yn ‘t jier, dat soe de learkreften stipe jaan. Ek kaam it doel en de easken fan it ûndersyk net op it aljemint. Let stean wannear 100% Frysk op skoallen jûn waar. De konklusje fan de kommisje foarsitter wie:”dat soe wol wêze”, it oare ferstie ik net troch it leven fan it ein fan de gearkomste. Ik haw net betrouwen yn dat it de earste 10 jier goed komt mei it Frysk op skoallen. Webside: Taalplan.frl

Mar goed, ta dy nije stavering is tige demokratysk besletten dat wy sille it der mei dwaan moatte. Allinnich ik doch net mei. Registrearje my mar as net-Fries.

Neffens de NOS hie frou Ollengren juster in tige dreech debat. Ik ha der sa’n 2 minuten fan sjoen en dat wie krekt doe’t de beukers dy’t altyd sizze dat se earne binne dêr’t se net wêze wolle om in ligakoek út woene mar juf Arib sei dat se as de bliksem sitten gean moasten om nei muoike Ollengren har ferhaaltsje te harkjen. Mear ha ik net sjoen mar dreech kin it ûnmooglik west hawwe. Want de helte plus ien hat al lang útmakke dat it referendum eksit is om’t dat demokratyske middel net wurket sa’t it wurkje moatte soe en dus net demokratysk is.

Dan wie der ek noch wat mei matchfixing. Ik wit net wat dat is mar it sil wol wat mei Russen wêze want it giet leau ik oer sport. En dy Russen besoademiterje (net allinnich yn de sport nammers, eins rûnom) werklik alles en elkenien, safolle wit ik der wol fan. Bliid dat ik gjin Rus bin mar in net-Fries. Yn it bêste lân fan d’ierde mei fûgelakademy’s, keunstwurken dy’t der net op ‘e tiid komme, in pear kear tûzenen Friezen dy’t nei in brike Aldehou steane te koekeloeren (mar dy ferflokte Pieter de Groot it ferline wike freed op mar in pear hûndert hold) en noch folle mear saken dêr’t gjin Rus tsjin op kin!

No ja, lige, dat kinne se better. Stikken better.