Mei de breidpriem op it Amearikaansk gazon

It is in tige lange horrorwinter. En dat is mar goed ek want neffens Piet syn winterfoarsizzing krije wy twa langere riten dêr’t yn riden wurde kin.

Ik wit net oft it earlik is mar ik bin dochs mar sa frij de Ryptsjerksterpolderdwazen net yn dit systeem mei te nimmen. Dy moatte se oppakke en fêstsette fan 1 novimber oant 21 maart, alle jierren wer. Dan kinne bern net sjen dat guon finaal mei it ferstân op ‘e rin binne. Mar dat tersijde.

Oft it mei dy twa riten noch wat wurde sil, dan wurde se beide net langer as ien dei want oaremoarn begjint de meteorologyske maitiid en maitiid is gjin winter. Dat wit elk dy’t fierder kommen is as de earste klasse fan de beukerskoalle.

Mar wy sjogge earst efkes nei it aktuele waarbyld.

Hjir binne no twa snieflokken.Of nee: trije. Dy lêste koe net rjocht meikomme. Nei it tsjetteltsje lij wetter fan fan ‘e moarn hat der hjoed gjin iis wer op de auto sitten, de Blikfeart leit foar 90% iepen en de baren binne dêr sa heech dat jo der seesiik fan wurde wylst ús iisbaan optilt fan de wynwekken mei wat skoskes fan goed twa sintimeter.

Hoe kin dat?

Dat komt om’t it hjir net ferzen hat en dat ek net dwaan sil. De minima wiene oant no ta:

sneintenacht, -4,5
sneontenacht, -4,9
freedtenacht, -3,1
tongersdeitenacht, -3,1

Fannacht soe it wolris -4,7 wurde kinne.

Mar ús waarman raast alles byinoar dat it matich ferzen hat. Klearebare kolder. En no hat er it der oer dat it fan ‘e wike -14 wurde kin en foar it gefoel wol -22.

Tsja… dan kin de ANWB fansels net efter bliuwe dat dy wolle ús op ‘en paad hawwe mei tekkens, skeppen, snieskowers, biezems en ruteskrabbers. Dy lêsten hearre standert yn in auto te sitten, it oare is klearebare hysteary. Salang’t de snie net heger as it tsjassys fan de auto komt begjint dat ding echt net te bulldoazerjen en oft jo dan gewoan op ‘e dyk bliuwe is der neat mis. No ja, der komt in spoar yn de snie en dat is skande foar it gesicht. Mar dat is it dan ek wol.

Op de NOS stiene ek tips. Wy moatte waarm drinke. Ja, dat is ek sa, dat moat simmerdeis likegoed. Alderen moatte de kachel oan dwaan. Dat sil bêst mar dat witte se sels ek wol. Jo moatte genôch iten yn ‘e hûs helje. Dat moatte wy hjir altyd al want de winkels lizze hjir net om ‘e hoeke. It is allegearre alderheislikst dom praat. It falt my noch ta dat ik net earne lêzen ha dat wy alle dagen op it Amerikaansk gazon de grûnfroast mei in heafoarke trochprippe moatte om de wjirms lucht te jaan. En dat jo dat better net mei in breidpriem besykje kinne om’t jo dan folle langer wurk hawwe en jo mei sa’n heafoarke eins tagelyk oan it hanbûtsen binne wylst de kjeld jo mei sa’n priem yn de bealch op lûkt.

Kinne jo it noch healwizer betinke?

Jawis wol. Oes Omroep, Oes Taal kaam tongersdei al mei in oersjoch fan iisbanen. Earst tink ik allinnich dyselden dy’t by de eigen meiwurkers bekend wiene. Allegearre yn it read om’t se noch ticht wiene. Doe moatte se der in full-timer op set hawwe dy’t alle iisbanen tige kundich yn byld brocht. Allegearre oranje om’t ‘by ús’ noch gjin gegevens bekend wiene. Hjoed moat it foltallige Oes Omroep-Oes Taal tiim der oer gear west hawwe om al dy iisbanen te linken nei harren eigen websiden of feestboekhoekje.

Mar hokker idioat yn Peazens-Moddergat hat der ferlet fan te witten oft de iisbaan yn Kûbaard al of net iepen is? En wêrom moat dy dat gewaarwurde fia de side fan Oes Omroep, Oes Taal? Ha wy dêr net in iiswegesintrale foar?

En hoenear sille dy iisbanen no eins iepen? Ik tink fierwei de measten moarn net. Woansdei faaks in pear. Oft it foar dy tiid teminsten gjin teiwaar wurdt.

Is dat spitich?

Ja, fansels is dat spitich. Benammen foar de skoalbern dy’t no sa moai fakânsje hawwe en dus moai de feart efkes út kinnen hiene.

Mar it wurdt gjin winter mear. Teminsten net om’t Piet dat sa graach wol en er dêrom elkenien en alles de kop sa gek as in spiker makket.

Wat in dwaas.