Gjin tweets en retweets

As wy gjin kranten en oare nijsmedia hiene dan soene wy der nuver mei oan wêze want dan witte jo net heal wat der om giet.

It petear fan de dei wie ferline wike de ‘Week zonder vlees’. Trending Topic op Twitter, mannich en mânske bedriuwen dy’t meidiene, supermerken net te min, dat jo kinne neigean dat elkenien der oan meidien hat. No is dat op himsels net sa’n unikum want earder hat al bliken dien dat mear as de helte fan de Nederlanners op syn minst trije dagen wyks net oan deade bisten komt. Dat dat ek komme kin om’t se net witte dat aai yn hynsteljirre befrissele net yn it fabryk makke wurdt, stiet der dan wer net by.

De FNP yn De Wâlden is dûm. De stimwizer dêre tilt op fan de flaters. Dûm wêzen liket my yn dit stik fan saken net de meast winske opsje, der foar soargje dat de eigen leden in bytsje knap Frysk begjinne te skriuwen liket my in better begjin.

17% fan de wrâldbefolking sil foar de ivichheid bestjoerd wurde troch ien man en ek itselde tinke as hy.

It Reade Krús yn Rotterdam sil lju fan de spoed helje as oaren dat net dwaan kinne. Thús oankommen sille se dan mocht dêr ferlet fan wêze in stik bôle foar it folk smarre. Hoe’t dy bôle yn dat hûs komt en hoe’t der nije komt as it op is, wurdt net oanjûn. Soe it oars ek net sa wêze dat immen dy’t sels de bôle net smarre kin mooglik better út is op in oar plak?

Der is in spoedwet yn de maak om’t Nederlân lilk is op immen dy’t 3 miljoen fertsjinnet. Mar is dat ek sa? Nee, dat is net sa. Want Nederlân is ek net lilk op elk dy’t oft er mar in bal rôljen sjocht miljoenen yn de kontbûse stekt. Nederlân is dus net lilk mar spikergek. No ja, en dan wit de polityk wol wat se dêr mei moat.

De rûpen komme mids maaie. Earder wie it altyd sa dat wy dat earst wisten oft se har oppenearren mar der hat no yngreven ûndersyk west. Dat wy kinne alfêst nei de drogist om piteroalje. It earste ljipaai komt nammers no tongersdeitemoarn tusken alven en tolven. Dat moat fan Rendert Algra. Amalia is al ûnderweis. Dat is in broer fan de ljip.

Poetin soe yn 2014 in fleantúch delhelje, hie dat nedich west. Dat wiist mâl fansels. Der stiet net by dat wy foar’t neist itselde dien hiene as der juster sa’n ding koers set hie op it Olympysk Stadion.

It wetterpeil yn it feangreidegebiet moat omheech, oars bliuwt der temin fretten oer foar foksen en oar kostlik guod. No is dat bêst genôch mar ek hjir stiet der wer net by dat dy maatregel bedoeld is om it ûnfermogen en wangedrach fan politisy en harren folgers ôf te keapjen. Want dy tinke noch altyd dat oft dy foksebrot genôch fretten foar hannen hat in kante meter mear asfalt gjin inkeld punt is om’t se dat op dizze wize genôch kompinsearje.

Der wiene yn it wykein gjin tweets en retweets fan it Kulturele Hoofdstadje oer in bepaald yts.

Der wie ek noch wat mei frije fossilen. Mar ik kin op Wikipedia net krekt gewaarwurde wat dat binne.

O ja, en dan noch dit: Grinslanners binne der op de toeristebeurs yn Berlyn efter kaam wêr’t Fryslân leit dat no wolle dy kwezels hjir mei in klup fan wol 1.000 man tagelyk komme te útfanhûzjen.