‘t Hijgend Hert

Mem krekt efkes om in miel iten út en ûnderweis oan de praat rekke mei de soartgenoaten. En dêr lizze jo dan te lizzen. Jo ha slim toarst, want jo ha altyd toarst. Mar it eint foar gjin meter mei dat minske. No, dan begjinne jo mar wat te skriemen. Meast helpt dat.

Dat wit mem fansels ek wol dat dy fljocht har in slach yn ‘e rûnte. Is it minskje dan op ’t lêst sawat skjin oan d’ein dan komt se oansetten mei de rispinge.

Mar dan is de skrik grut! Steane der ferdomme healwize wêzens om de poppe hinne dy’t oars as sawat alle oare bisten rjochtop steane. Mem hinget fuortendaliks yn de ho-izers en tinkt: “Bliksem, dêr kom ik sa net by, wie de plysje hjir mar.”

Se sjocht dat de mear as ûnnoazel eachjende en benammen klaaide skepsels mei de mobyls yn de wear binne. Se sille dochs ferdomme dy Lenie ’t Hijgend Hert net oan de lijn hawwe?

Ja, dat hawwe se al. ’t Hijgend Hert is al fier oer de santich mar mient noch altyd byinoar klauwe te moatten wat se byinoar klauwe kin. De kommersje hat har folslein yn ‘e besnijïng. Dat giet wol safier dat se foar de tv in gewoane seehûn net iens mear fan in grizen ûnderskiede kin. Boppedat bekûgelet se politisy mei stoffene nepeksimplaren.

Nee, ’t Hijgend Hert hat al hiel lang folle minder mei seehûnen as mei harsels. Se brûkt de bistjes allinnich noch as fehikel om har eigen kommersjele toko te runnen. It is in bistemishannelster sa’t jo dy mar komselden tsjin komme.

Oft dy seehûnen dea gean wolle, dan moatte se dat dwaan. Dat is noch wer hiel wat oars as foarhinne doe’t wy se deakneppelen. Dat ferskil út te lizzen is leau ik net oan ’t Hijgend Hert bestege. Mar oft dat kutwiif werklik sa oer de natoer yn sit dan moat sy en alle oare gekken dy’t krekt as har tinke mei de goare skonken út dy natoer bliuwe en wol safier dat se dy skriemende seehûn net hearre en alhielendal net sjen kinne.

Ik garandearje dat de populaasje him dan suver fansels rêde kin, krekt sa’t se dat diene foardat der tefolle op jage waard.

It is moai dat it no wer goed mei de bisten giet mar dat kin gjin argumint wêze om de deasike dollar(d)eagen fan ’t Hijgend Hert noch allegeduerigen poliklinysk iepen te hâlden. Se sjocht al lang net skerp mear, doch der asjeblyft lapkes foar en jou it minske in koptelefoan mei fûgellûden der op.