St Patrick

Juster ha wy de jierdei fan St Patrick fierd. Ik hie earlik sein noch nea fan de hiele man heard mar jo binne nea te âld om wat by te learen. Ik ha my tige kundich oer de man foarljochtsje litten en it docht bliken dat it in katolike hillige wie dy’t de grifformearden it sûpen leard hat. Hy libbe sawat yn deselde tiid as Skerne Wibe al moatte jo net op in jier sjen, mar dat dogge wy mei Sinteklaas ek net.

De man fiert de kleur grien. Faaks hawwe jim dat foar de televyzje wol sjoen, earne yn Amearika kleuren de rivieren ek al. It bier wie dus ek grien krekt lykas alle oare drankjes. De measten hiene ek in griene mûtse op en guon hiene sels griene ljochtjaande toffels oan. Al mei al liket it my in prima basis foar it iene as d’oare protest, foar’t neist takom jier al.

Wy moasten der al in ein om út en jo witte yn dizze grutte iistiid fansels net wat jo ûnderweis allegearre belibje sille. Piet sit der wol ris justjes njonken mei syn foarsizzings dat it kin bêst wêze dat dy it oer storein hat wylst yn werklikheid hagelstiennen grutter as skippyballen nei ûnderen rûgelje. Wy hiene yn ‘e wyn. Op it lêste stikje nei dan, doe siet ik dan ek samar op 115.

Ik hie de saak krekt efkes bestudearre op Google Maps mar slim up to date is dy fansels net, dat wit sels Sietske Poepjes wol. By it benzinestasjon dus efkes frege en dêr die bliken dat wy al op de goede dyk sieten, wy hoegden allinnich noch mar fierder rjochttroch. Altyd rjochttroch.

Dat kloppe yn safier dat der op in bepaald stuit pealtsjes foar ús ferskynden dat doe ha wy dochs hjir en dêr wat bochtsjes makke mei yn gedachten dat jo dan dochs wol rjochttroch geane. en sjochdêr: in prachtige strjitte grôtfol middenstân dat it koe net oars wêze as wy wiene sawat te plak.

Auto kreas parkeard en de loop der yn. Ik hie gjin mûtse op en ek gjin sjaal om dat nei 50 meter in pleatslike útspanning yndûkt om der goed wis fan te wurden dat wy op it goede spoar sieten. Twa tige behelpsume froulju troaiken ús daliks wer mei nei bûten en wiisden nei de Jouster toer. Presys dêrfoar linksôf slaan, dêr is in oar parkearplak en oare kant de dyk is St Patrick. Dat skeelde samar 500 meter rinnen. Prachtich, prachtich, prachtich.

St Patrick hie it goed foarinoar. Der wie ek immen dy’t syn jierdei in dei earder hie dat dy hie nochal wat muntsjes oer sadat wy dêr sels net om út hoegden. De trûbadoer spile al en de apenuten stiene op ‘e tafel. Yn St Patrick syn tiid rommen se tink ik ienkear deis op dat it wie it doel dat de doppen op ‘e grûn bedarren. Yn dy tiid sille se noch gjin strân hân hawwe dêr’t jo moai skelpsykje koene dat se wiene de tiid fier foarút.

Sa no en dan bedarre in personielslid yn de kleankast. It die bliken dat St Patrick dêrwei oan befoarrieding die en ek slangen ferwikselje koe om de kranen rinne te litten. Se wiene lang net min yn de midsieuwen!

Hielendal efteryn de útspanning wie in gong nei de fitnessromte. Dêr kamen jo yn troch in klapdoar dy’t gjin tel te lang iepen stie om’t jo oars klachten krije kinne fanwegen fynstoffen. It wie in tige sjyk meubilearre gehiel mei in bankstel, in stamtafel en ek noch oare taffeltsjes mei krukken. Der hongen prachtige skilderijen en spegels oan it lewant en der wiene sjoelbakken, in gokkast en in dartboerd. Sûner romte is amper foar te stellen!

Midden yn de romte wie dan ek noch wer in slim nijmoadrige stâldoar, dat wol sizze sa’n doar dy’t foar de helte iepen kin sadat it hoarse dêr mei it hoofd trochhinne loere kin. It ding wie fan keunststof en ik tink fan wol trijelagich mei in skoattel dêr’t se yn it tichthûs tink ik slim jaloersk op wêze soene.

Hy stie lykwols heal iepen want dan hoegden jo net troch de klapdoar en it gonkje om nije drank op te heljen. Dat soe ek wol wat al te idioat wurde fansels mei al dy sportive útspattings dêr’t jo al of net yn groepsferbân mei dwaande binne. Boppedat koene wy sa ek moai folgje wat der yn it haadgedielte fan de kroech geande wie en de muzyk hearre.

Hie ik al sein dat der ek antike rûne dingen op ‘e tafels stiene dêr’t baarnend guod yn koe?

It wie in prachtige jierdei en dy St Patrick is in machtich moai minske. No hat eins elke jûn wol in hiel lyts negatyf elemintsje en dat wie diskear dat wy by bûtenkomst de ferkearde kant út rûnen. Nei sa’n heale kilometer tinke jo dan alris dat de omjouwing jo net bjusterbaarlik bekend foarkomt en by neiere skôging docht dan bliken dat dyselde Jouster toer hieltyd fierder út it sicht rekket wylst jo der dochs aardich fan oertsjûge binne dat it by oankomst sa wie dat it krekt by dy toer om it hoekje wie…