Fryske maffia

De waarmaffia hie it hjoed al wer oer snie op no sneon. Want dy snie is yn Dútslân en dat kin hjir samar komme oft wyn de goede kant oer is. Dat sil tink ik ek wol jilde foar snie fan de noardpoal mar dat is justjes fierder dat dan moat it echtere snie wêze. Dat ha se dêr soms wol.

Gelokkich is de waarmaffia in net al te grutte klup, se ha it haadkantoar yn Harns. Hjerbeam waard wat te doarpsk. In soad ynfloed hat de waarmaffia wol, juster wie it al wer ien en al file omdat it reinde. Dêr kinne wy dan tagelyk oan sjen dat it fokabulêr fan de waarmaffia net al te grut is want it hat hjir hielendal net reint. It sloech wiet oan.

Alaarmmaffia. Yn elke auto moat in needopropsysteem want jo kinne ris by fersin op it waad bedarje en dêr in seehûn oanride. Dan moat der fuortendaliks in melding útgean nei de diere-ambulânse want elk dea bist is ien tefolle. Bisten binne op ’t lêst krekt minsken. Al binne dy lêsten fansels ek wichtich. Sa’n systeem kin samar 1.500 Europeeske deaden op jierbasis skele. Neffens de ferwachte berekkenings. Dat is fansels in hiel soad as jo soks ôfsette tsjin de 64 dy’t leau ik net by it minskdom rekkene wurde mar al troch wat lullichheden fan de wrâld rekke binne. Mar goed, mei sa’n systeem kinne wy ek moai krekt sjen wêr’t elk úthinget en dat is in pree. Foar de alaarms.

Bistemaffia. Klanten fan de Jumbo binne dwers troch alles hinne. Komme jo dêr om in stikmannich deade hinnen, litte se dy bisten dêr libben omskarrelje. De Jumbo seit dat soks in hege edukative wearde hat. Neat fan oan, sizze de klanten, wy moatte dea guod ha, it leafst sûnder bonkebrot.

Hynstegekken. Eehhh… maffia. ‘Lûke oan in dea hynder’ twittere in Frysk skriuwer fan ‘e wike. Soks is fansels te idioat foar wurden. In hynder is in edel dier, ik leau hast fan edeler noch as God, dat dêr moatte jo net sok nuver praat oer ha. In hynder hat ek in ‘hoofd’ en gjin ‘kop’. ‘Holle’ soe faaks mear foar de hân lizze mar op ien as d’oare manier is it Frysk net op hynders klear. Oars soe ik net witte wêr’t de tekst ‘Praat út in hynstekop’ weikomt.

Bernemaffia. Op Syprus ha se fokkliniken foar aaiseldonaasje. In oare opsje is sels noch in moanne as njoggen op ’e brot te passen om dêrnei in poppe te ‘leverjen’. Alles hielendal anonym en foar in mear as rejaal traktemint. Dat is al justjes tsjin ús noarmen en wearden mar Syprus is Europa en alles wat Europeesk is, is goed. Wy sette dus gjin Syprioatyske diplomaten út en slute de ambassade dêr ek net.

Fûgelmaffia. Wy kinne no allegearre in stik lân keapje, ik leau fan 10 kante meter foar € 5,00. It doel is dat der sa mar leafst 100.000 kante meter beskikber komt foar fûgels. Dat is noch krekt gjin 15 fuotbalfjilden. 15 fuotbaljilden op sa’n 400 doarpen is net in soad mar 100.000 kante meter bekket omraak. Mar der wurde tagelyk wol 400 fuotbalfjilden fol distribúsjesintra boud yn Limboarch en omkriten. Dat klinkt fier fuort mar de wolf is dêr ek en dy kin hurd rinne. De fûgelmaffia hat no lykwols in hiel grut part fan de polityk efter him, der sil mar leafst 1,6 miljard útlutsen wurde om in pear ljippen plak te jaan tusken alle asfalt. Foar’t neist wurde der ek wol toeristediken oanlein om by dat lân te kommen om dy geweldige natuer alle dagen weroan sa gau mooglik berikke en skôgje te kinnen. No, rekkenje der mar net op dat dy ljip it dêr mei iens is. Want dy ljip hat ús al lang ôfskreaun en dêr hat er grut gelyk oan.

Muzykmaffia. Der komt gjin tydlik treinstasjon om de kultuermaffia te skewielen. Jo hoege op ’t lêst net perfoarst nei sa’n festijn en wa’t dat al hoe dan ek yn it kopke hat, rint it lêste stik mar en oars ha wy hjir wol fytsen. (En deade hynders mar dêr kinne jo it measte net mei.) Ik bin fan betinken dat sa’n muzykterrein gjin iepenbier terrein is, jo geane der folslein út frije wil hinne. Dat jildt ek foar in kafee, in diskoteek en in tsjerke. Mar net foar in skoalle of in gemeentehûs. De muzykmaffia wol no lykwols noarmen stelle foar it tal te produsearjen desibels. Dat liket prachtich om ús en benammen ús bern te beskermjen mar dat is it fansels net. Want de steatssiktaris hat fansels al lang yn de holle om yn elk hûs desibelmeters te ynstallearjen om’t der wolris in drumfanaat wêze kin dy’t it oare part fan de húshâlding de psychiatry ynjaget.

Enerzjymaffia. Ik lies dizze sin: “Het is een kwestie van bewuste duurzame keuzes maken op onbewuste momenten.” Ja, krekt.

Fryske maffia. De FNP moat wer mear in taalpartij wurde, seit Brinkman. Fout, de FNP moat wer gewoan dwaan en alle boppesteande maffiapraktiken ferbiede. De taal dus net misbrûke om efter allerhanne idioat folk oan te toffeljen.