Belgyske fiskwiven

Gâns opskuor yn België. It hat bliken dien dat dêr nochal wat froulju binne dy’t spookbenaud binne autorydles fan manlju te krijen dat no ha se útfûn om in froulike rydskoalle op te rjochtsjen mei allinnich froulike ynstruktrises en froulike klanten.

Jo kinne jo ôffreegje hoe terjochte de eangst fan dy froulju is want wy witte allegearre wol dat sa’n 99% fan it folkje lesbysk is of alteast ûnderdiel útmakket fan it laach dat begjint mei de ôfkoarting LGBT. Dy ôfkoarting komt sawat alle wiken in letter by, dat kin ik allegearre lang net byfytse. Mar dêr giet it no net om, it punt is dat de Belgen blykber wegerje manlju en froulju gelykweardich te behanneljen. Se binne dêr drok dwaande de sharia yn te fieren.

En dat binne frjemde kluchten dêr’t wy hielendal neat fan hawwe moatte en sokke tinkwizen binne wy ek al lang ûntgroeid. Te uzes hawwe de hearekappers allegearre al lang in kursus permanintsjen hân en it Bitsk mannekoar hat by gebrek oan froulju koartlyn in nust kastraten oanlutsen. Ik ha grútsjen heard dat om deselde redenen by it baltjirgjen tenei twa ballen yn it spul wêze sille. Stadions moatte dêr noch al justjes op oanpast wurde, Ljouwert leit fan datoangeande geweldich op skema.

Nee, by ús binne manlju en froulju gelyk. Altyd en rûnom. Diskriminaasje is ús frjemd. Der giet fansels noch wolris hjir en dêr wat mis mar dat komt meast troch boeren of Russen. Wy pakke dat keihurd oan!

De boeren bygelyks soargje derfoar dat wy fierstente folle yn fleis omhaffelje en fleis is net goed foar in minske. Benammen hamburgers en frikandellen net. Guon wegerje dat lykwols oan te nimmen dat sokken groeie as koal.

Sels witte mar rekkenje der dan net mear op dat jo earewacht wêze kinne by de deadebetinking. Dat is in tige respektfol barren en dêr passe troch boeren fokte fetkwabben net by. De grize giet jin oer de grouwe oft jo soks sjogge en it is al sa’n tryst barren. Al dy deaden dy’t wy persoanlik kennen hawwe en dan sa! It liedt ôf fan de saak want jo tinke al gau oan in slachter dy’t mei it pistoal yn de oanslach stiet.

Fansels diskriminearje wy net en is elk gelyk mar sok folk soe eins ek net foargean moatte yn tsjerke. It lichem fan Jezus yn stikken brekke en sa is op syn minst in like respektfol barren as de deadebetinking.

It is faaks ek better dat se har mei befrijïngsdei net sjen litte. Dat is dochs de dei dat jo jo frij fiele moatte en dat wurdt in godsûnmooglike opjefte oft jo allegeduerigen lju tsjin it liif rinne dy’t finzen sitte yn al dat foer fan de boer. Faaks kinne se efter de skerms broadsjes fega smarre foar de sûnen ûnder ús dy’t har nea besûndige hawwe oan ien en oar en út de skroeven binne dat se fan de fijân ôf binne.

Wy diskriminearje hjir net mar binne allinnich fan betinken dat it elk syn eigen ferantwurdlikens is in beskate hoflikens foar ien en oar oer te toanen. En fansels jildt dat ek foar groulivigen, dy binne no ienkear net better as in oar.

Diskriminaasje komt yn Fryslân net foar. Wy ûnthâlde of ûntnimme gewoan elk it rjocht op Frysk ûnderwiis, groulivich, meager, blank, donker en alles wat dêr tuskenyn sit. Om dat te berikken hat de oerheid de stavering oanpast mar dêr gjin nije wurdboeken by levere, twitteret de Afûk omraak yn in taaltsje dat gjin Frysk, gjin Hollânsk en ek gjin Sineesk is, Oes Omroep, Oes Taal skuort de iene nei de oare Hollânskprater foar de mykro en de djipfriezen sommearje bedriuwen klanten wolkom te hjitten mei ‘Goeie’ yn stee fan mei ‘Welkom’.

Wy behannelje elk hjir itselde. Utsein Ingelsktaligen. Dy kinne no fergees, gratis, om ‘e nocht en foar de katsekut Frysk leare. Alles om de groulivige subsydzjefretters te geriven dy’t âlje as Belgyske fiskwiven.