De muzykweg

Neffens De Telegraaf hat dizze grap oant no ta € 80.000,00 koste.

Wy ha it hjir oer it ‘ludike’ plan om minsken te ferrassen en tige wolkom te hjitten mei in sjongende dyk. Alles yn it ramt fan it Kulturele Hoofdstadje fansels.

De útwurking falt lykwols wat oars út. “Minsken binne ta absurde dingen yn steat” lit de deputearre witte. Se doelt dêrmei op it feit dat guon de muzyk efterstefoaren nimme en oaren de brot op dûbelde snelheid besykje ôf te draaien.

Dat kinne jo wol absurd neame mar dan ha jo net heal yn ‘e gaten hoe absurd dit idee op himsels is. Jo kinne jo nammentlik it skompus wol skrikke oft it ûnder jo ynienen begjint te jengeljen, jo traapje ûnferhoeds op ‘e rem, skuorre oan it stjoer of jouwe plankgas, Dêr is neat absurds oan, dat binne deagewoan minsklike reaksjes op ûnferwachte saken. De oerlêst foar omwenners lit ik mar efkes bûten beskôging.

Eltse ferkearskundige dy’t wit dat jo mei de kloeren fan de telefoan ôfbliuwe moatte kin witte dat dit in dwaas en moardlustich idee is. En dêr bliuwt it net by.

De kar fan de muzyk is nammentlik ek ien dêr’t de mage my sawat fan omdraaid en ik sil de iennichste net wêze. Earst tocht ik noch dat it in earbetoan oan it brûzende en siedende bloed fan de ljip wie, mar nee, it is it folksliet fan wat keunstners dy’t miene dat se dêrmei myn skip nei in heger plan bringe sille.

En noch ôfsjoen fan it wankende gefaar dat Oes Omroep, Oes Taal sa’n muzykdyk ferhaspelet ta in muzykweg hat it keunstnerfolk gjin inkelde noasje fan hoe’t in folksliet klinke moat en op hokker wize jo dat dogge. Om my dogge jo dat nea, mar dat is in persoanlike miening.

Mar foar wa’t út alle macht mient al oan dy flauwekul meidwaan te moatten dy docht dat steande, ferweecht allinnich de lippen en blaast sa dy absurde nasjonale kultuerklucht der út.