Triennen
Balkenende hat triennen sjoen. Letterlik sei er: ‘Ik heb ook tranen gezien‘. Dat is fansels in polityk-korrekte útspraak. Mar it hie wêze moatten: ik ha triennen feroarsake.
Sven hat gjin goud helle. By him ha ik gjin triennen sjoen. Want Sven is profesjoneel. Wat dat dan ek mar wêze mei. Hy hat fansels gewoan in baan. En ik kin jim wol sizze dat it net in hiel aardich gefoel is oft immen mei ien domme útspraak, oanwizing of hanneling in moai soad wurk nei de kloaten helpt. Triennen soene dan ek o sa teplak wêze.
Moandeitejûn ha ik ek jankt. Ik moast de hiele jûn oer in PC mei Windows gear. En ik freegje my allegeduerigen ôf hoe’t it ek yn dit lân safier kommen is dat de mearderheid dy domme dingen oantúgd. En dyselde mearderheid net fierder komt as te tinken dat alles mei it mear as ûnmooglike programma Word fan de hufter Bil Gates iepene wurde moat.
Gates jankt fan klearebare wille. En dy triennen sjocht Balkenende hiel goed. Faaks bedoelde er dy ek wol.
En de Nederlanners? Dy sjogge it allegear net mear. Dêrom fine se it ek sa slim wat Sven oerkommen is. Dêr is teminsten noch in lyts bytsje minsklikens yn te werkennen.
It is om te janken.