Cake frette

Acht jier lyn siet ik yn in auto ûnderweis nei de Ryksuniversiteit Grins. Ik siet efteryn, foaryn wie in petear geande oer in boek dat eins net ferskine moatten hie sa’t it ferskynd wie. Fûn de útjouwer sels. Nei wat webresearch liket it my sa ta dat de auteur ûnderwilens faaks wol fan alles dien hat mar no net daliks in soad mear ûnderfining opdien hat mei it skriuwen fan boeken. Meikoarten ferskynt der wer in boek.

Yn it Fries Museum dêr’t ik net komme mei om’t ik gjin Fries lêze kin stiet nei’t ik my fertelle litten ha in bank neffens in idee fan Escher. It ûntwerp dêrfoar hat € 8.000,00 koste. De ûntwerper hat earne oan in stamtafel oanjûn dat er sokke opdrachtsjes fan in pear oerkes oars foar € 1.500,00 docht.

Op Kingsday waard it nijboude tribunaal fan € 10.000.000,00 folslein ôfskerme fan de feestlikheden wylst it ding ús presintearre wurden is as in alderprachtichst pleinôfslutend bousel en sadwaande mear as ideaal apparaat foar festivals.

Juster wie der in Oes Omroeper, Oes Taler by in boerinne op It Bildt. Dat minske waard sljocht fan syn gejank oer it waar en se die him te witten dat in bytsje boer wol faker waar meimakke hat. Neffens myn eigen ûnthâld wie it nammers yn 1996 dat it foar’t lêst seis wike efterinoar reind hat, wylst wy no net iens oan ien dei takomme. No ja, moandei reinde it de hiele middei al wylst Piet om healwei ienen krekt ferkundige: ‘Fan ‘e middei bliuwt it droech’. Mar goed, as Oes Omroep, Oes Taal ienkear wat op it spoar is dan sil dêr hoe dan ek yn De Telegraafstyl ferslach fan dien wurde.

Dêrom hawwe se hjoed fansels ek samar hielendal út harsels in strieminne kopy fan Eelke Lok syn kollum produsearre. Sa alderferskuorrendste beroerd dat it net iens plagiaat hjitte mei.

‘Geen acceptabele uitkomst’ orakelet ús MP oer de begruttingsoanpassing fan de EU. Dat hâldt dan foar’t neist yn dat er oankoerst op op syn minst ien prosint minder mear. Dan is njoggenennjoggentich prosint fan syn doelsteling helle. Hans Klok is der neat by.

De lotting foar de PC is fan ’t jier net fergees tagonklik. Of sa’t in skribent skriuwt: “It sil dochs wol in bysûndere PC wurde mei de nedige toeters en bellen, dat alles ek yn it rampt fan Ljouwert 2018.” Dat is in treflike ferskriuwing. Gelokkich giet dit jier ek wer foarby en wurdt sok leed ús yn de takomst allegearre besparre en kin it gewoane libben wer opnommen wurde. Utsein dat wat troch al dizze elitêre ûnsin fan kant brocht is, lykas teäterkafee De Oosthoek.

Wy ha in nije jonghûn. Hy (it is in wyfke mar ik wegerje ‘sy’ tsjin hûn en kij te sizzen) is ferneamd nei Wapske dy’t in jier as seis lyn deariden is troch sa’n hynstegek mei in trailer. Fan oarsprong is Wapske Roemeensk mar no al in wike as fjouwer dus Fries. Hy ferstiet ús al poerbêst en dat komt fansels benammen om’t ik sekuer útlein ha dat ‘Moai sit’ itselde betsjut as ‘Cake frette’. Us mem prate nammers earst Hollânsk tsjin him en ik leau net dat it argumint dat soks út fatsoen dien wurdt hjir hielendal opgiet. Hy begûn ek allinnich noch mar lûder Roemeensk te razen.

De beweiwizering fan ‘Airport Beetgumermolen’ stiet te plak. Dêr waarden my fragen oer steld, want wat is Airport Beetgumermolen? No, dat is in plak dat bebuorke wurdt troch in frommis dat ik by de doe noch besteande diereplysje omskreaun ha as in misliksma dy’t noch minder ynboargere is as de earste de bêste ekonomyske asylsiker dy’t fan it fleantúch komt. De trut hat de fleanbasis en allerhanne oare klups oanskreaun om’t der by har fjouwer (4!) sweltsjes sitte te brieden en se lit it foarkomme as soe dat it safolste wrâldwûnder wêze en benammen oan har sa bistefreonlik krewearjen te tankjen wêze.

No, domholtsje, dy koloanje sit dêr al jierren! Der fleane wol mear as hûndert om as’t ris wat mei dyn domme harsens fierder sjochst as dêr wêrst subsydzje weiklauwe kinst. En dy bistjes kinne perfoarst net oer sjipsop en reagebollen. Silst dy ûle ek noch wol net sjoen hawwe, tink? In ûle fret mûzen, dat ik soe der mar om tinke!