It Grutte Wolveberied

Yn it lêste Grutte Wolveberied is besletten dat it nei goed 300 jier wol fertroud liket de saak hjir wer ris troch it gat te sjen. Nei yngeande stúdzje hat nammentlik bliken dien dat de walfisk him hjir ek wer permanint nei wenjen set hat mei tank oan tige betûfte Harnzer bartelers om’t de ynhierde Frânsen dy keunst net yn ‘e macht hiene en eins net iens wisten wat in barte is.

Fansels binne wy út ‘e skroeven mei de útkomst fan dat Grutte Wolveberied want dat betsjut dat de natoer wer sa libben as in bij is. En hoewol’t wy ús foarfaars fansels net fan alles de skuld jaan kinne, wie it dochs net sa hiele tûk om it libben foar sa’n skrander bist yn earder tiden folslein ûnmooglik te meitsjen.

Se wâden yn dy tiid mar wat op makadereden om en kamen net fierder fan hûs as it neistlizzende doarp. Se hiene mei oare wurden folslein gjin each foar de natoer om har hinne. Fierder as wat yn de ierdappels omklauwe en yn de Wâlden ûnder arbeiderskij hingje, kamen se net. It wie in tige earmoedige boel mei nul respekt foar alles wat ek mar justjes fierder fan har ôf stie as it eigen wiif.

Aldergeloks is dat gâns feroare. De folsleine natoer is tagonklik makke mei diken, akwadukten, ovondalen en oare tige drege oantsjuttings om’t it each no ienkear ek wat wol. Hûnen en katten hoege gelokkich net mear bûtendoar te bliuwen mar meie sa it hûs yn op fjouwerentritichheech en in bytsje goudfisk krijt in fatsoenlik glês wetter ta syn beskikking.

Dat is fansels allegearre foarby kommen yn dat Grutte Wolveberied dat se woene it mar ris aventoerje. In bytsje soargen makken se har noch al oer de muskusrôt dy’t ferwend wurdt as in wetterknyn op it fjoer en dat de miggeklappers noch altyd by de Hema njonken de geotrijehoeken lizze noaske har ek net rjocht mar ek in wolf kin net alles hawwe.

Fansels hat yn it neipetear noch al justjes te praat west hoe’t it mei it iten komt mar it hat bliken dien dat hjir genôch reeën en harten omskarrelje. In wolf kin wol in fjirtjin dagen mei ien sa’n bist ta dat se ha útrekkene dat dat gjin probleem wêze kin. En mocht it al knipe en wederknipe dan is der ûnderweis altyd noch wol in hap shoarma te krijen. Dat sil foar de natuerleafhawwers en bistefreaks grif ek gjin inkeld probleem wêze, dy ha dêr op’t lêst genôch fan op foarried by de Appy en de Aldi.

Sels haw ik it net hiel bot op it bist stean en om no te sizzen dat ik spookbenaud útfallen bin is ek wer net sa. Ik ha op ’t lêst ek alris each yn each stien mei in bear al moat ik dêr al earlik by sizze dat hy yn de boskjes omskarrele en ik yn de auto siet wat my op dat stuit ferhipte goed út kaam. En dêr komt noch by dat de Kanadeeske plysje ús min ofte mear sommearre om op te sokkebaljen. It like my teminsten net sa ta dat se fan doel wiene fatsoenlik te freegjen ‘Verstaat u wel Fries?’. Dat doe binne wy mar troch riden en de foto is ek mislearre.

Fansels wisten wy wol fan it bestean fan dy bearen. Yn alle hotels lizze oanwizings oer hoe te dwaan by in ûnferwachte moeting en fan in âldomke wist ik wol dat dy geregeldwei ien tsjinkaam yn de eftertún.

It sil dus efkes wenne moatte mei dy wolven, sei ek in tige heechleard man. Dêr soe ik dan hast mar ris mei begjinne want it sil my benije wat dûmny sizze sil as er foar dat kistje stiet mei sa’n Frysk berntsje dat op safari mei papa en mama sei: ‘Kijk mam, wat een lieve hond, die ga ik aaien’.

Komt net faak foar, hear. De lêste tweintich jier mar 23 kear. Neffens it Grutte Wolveberied.

Leave a Reply

Your email address will not be published.

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>