Oes Omroep, Oes Taal seit ‘Doei, doei!’

Dit jier is De Bogt fen Guné it toaniel fan fjouwer PC Kafees. Fan’t simmer nimt Radio Eenhoorn sa goed as alles oer fan Oes Omroep, Oes Taal. Trije fan de útstjoeringen binne by de lokale stjoerder Radio Eenhoorn te hearren en in dei foar de PC, op tiisdei 31 july, wurdt de rige ôfsletten by Oes Omroep, Oes Taal op de radio wat foar dy lêste in ynspanningsferplichting fan komsa is.

Fjouwer PC Kafees yn 2018
Op inisjatyf fan it PC-bestjoer is der kontakt lein tusken Oes Omroep, Oes Taal en Radio Eenhoorn om de opsjes foar de, yn totaal fjouwer, PC-Kafees te besjen. Mei sukses: op freed 27 july, om 18.00 oere, en op 28 en 29 july, om 11.00 oere, is it PC-Kafee live te folgjen by Radio Eenhoorn.

Begjin fan de ein
Haadredakteur Klaas Geert Bakker en projektmanager Jacqueline Spendel fan Oes Omroep, Oes Taal binne tige optein oer it ôfstrjitten fan dizze aktiviteit. “Wij zijn enorm opgetogen dat wij nu eindelijk kunnen stoppen met het belasten van onze trouwe luisteraars met deze ongein. Het oeverloze Fries gebrabbel in de marge van de myn skip zijn we al jarenlang meer dan beu. Natuurlijk zijn wij niet tegen folklore maar laten we het dan wel zo doen dat iedereen het kan verstaan. Wij zijn dan ook uitermate blij dat wij nu aan de slag kunnen met het nieuwe 24-uurs programma “Straks in dit programma: Wat leuk!!!” gepresenteerd door Famke von Sloten.”

Foarsitter fan Radio Eenhoorn,Tinus Boomstra: ”Radio Eenhoorn is de keatsstjoerder fan Fryslân, dêr past it PC Kafee hiel goed by. Wy sjogge wol kânsen troch it ophâlden fan Oes Omroep, Oes Taal.

Werom by Radio Eenhoorn
Geert van Tuinen sil alle fjouwer PC-Kafees presintearje en gearstalle. Hy is foar de earste trije PC-Kafees wer werom by de radiostjoerder dêr’t it foar him allegearre begûn as programmalieder yn 1987. Hy seit dêroer: ”Ik fyn it hartstikke moai dat ik mei trije fan de fjouwer PC-Kafees werom bin by Radio Eenhoorn. It stasjon dat ik ea noch sels oprjochte haw.”