Kabouterfyts

It is de lêste dagen alderprachtichst waar. Dat is hjir by ús ôfrûne freed sawat begûn en spitigernôch skynt dêr moarn al wer in ein oan te kommen. Party lju fine it machtich moai dat it in graad as 25 is en de sinne jo op ‘e bealch baarnt, ik hear dêr net by. Besykje mar ris te ierdappelsuverjen, de plantsjes steane net yn de fleur, se lykje allegearre opinoar en der leit in hiele frjemde gleone gloede oer it gewaaks. Jo sjogge gjin blêdrol en gjin bûnte mear, it is gjin kloaten wurdich. Mar dat kin de myn skip fansels neat nukke want dy moatte by kulturele útspattings foaral gjin boere- en dus normaal waar hawwe. En mar barbeknoeie. Sa ferkeard as wat wie juster noch op ‘e telefyzje. It is net iens dat it fleis ferbaarnd sadat jo yn ferkoalle rotsoai om sitte te haffeljen mar de dampen dy’t der by frijkomme geane net allinnich yn de klean sitten mar krûpe jo dwers troch de hûd de lea yn dat it is bêst mooglik dat oft de buorlju barbeknoeie jo dan de piip út geane. En oft se der dan ek noch by smoke dan kin it samar wêze dan in hiel doarp om it hoekje giet.

Mar goed, de simmer is in pear dagen lyn meteorologysk ek begûn en ús mem fûn dat jo jo dan al wat knap tariede moatte. It duorret noch in jier as santjin foar’t se hûndert wurdt dat dêrom hat se krekt in nije auto mar de fyts waard ek minder. Dat wie oars wol in goede fyts want dy wie mei swart jild fan ús heit syn beantsje-opbringst betelle. Dy fyts kaam út Sint Anne en wat goed is moat goed bliuwe, dus wy wer nei Sint Anne.

De tiden binne yn tweintich jier lykwols al justjes feroare, mar Bilkerts bliuwe rjocht troch see en nei ampel berie sei de man: “Ik hew gyn fyts foar jou”. Dat hiene wy sels ek al wol sjoen mar it is goed dat sa’n winkelman dêr earlik mei foar’t ljocht komt. Ik ha noch al frege oft er net efkes in stik as hûndert modellen bestelle koe foar op besjen want in fyts út in boekje keapje binne wy net wend. Mar de winkelman tocht net dat er dy 100 eksimplaren dan noch oars slite soe want ús mem moat dúdlik in soarte fan kabouterfyts hawwe. Doe ha ik mar hiel bretaal frege nei hokker winkel wy dan moasten en sels dêrmei woe de man ús wol skewiele. Mochten wy dêr ek net slagje dan koene wy altyd noch wer weromkomme foar fierder oerlis. Winkels op doarpen hawwe hiel wat foar.

Syn advys skrok ik wol wat fan. Sjoch, dêr kin sa’n man neat oan dwaan fansels mar it swit briek my út, ik krige hertkrampen en waard ek fuortendaliks sa slop as in dweil om it noch mar net te hawwen oer de rimpen opsettende pineholle. By ‘ús mem’ rjochtsôf. Mar dat is fergeme yn it Kulturele Hoofdstadje! En der sille grif wol in pear útsûnderings wêze mar it measte winkelfolk is dêr oanhelle mei de toanbankskokrupsje en boppedat kinne jo dêr nearne mar dan ek echt nearne de auto foar de doar kwyt dat jo binne al earm foardat jo wat dan ek mar kocht hawwe en dan ek noch in kilometer as fiif rinne moatte.

No kaam it al moai út dat ik ek frijwat allergysk bin foar de S10 en it Piet Ademareedsje dat sadwaande kamen wy moai aardich yn Stiens út. Jo hoege fansels net alle dagen om in fyts dat ik wist net krekt hoe en wat mar miende al dat dêr in fytsewinkel wie. Ha’k dat efkes by de Bruna neifrege. Hiel fatsoenlik, ik ha fuortendaliks sein dat ik in fraach hie dêr’t se neat oan fertsjinje soe. Dêr wie it andert ek wol sawat neffens. Stiens is fansels gjin metropoal mar it frommis wie folslein net mei de pleatslike sitewaasje op ‘e hichte. Ik tink dat sanent better yn de stêd oan it wurk kin. Mar se tocht dat der yn de winkelstrjitte mooglik wol in fytsewinkel wie. Ja, dat kin ik sels ek wol betinke.

En sa bedarren wy op eigen gefoel dan dochs by Haijma dy’t de namme ferrinnewearre hat ta Haijma Bike Totaal. Dat binne dan ek wer fan dy nuvere stedske oanslaggen. Fierder lykwols neat as lof. Prima holpen, wy kamen fuortendaliks by de goede fyts út. Hy hie it ek noch efkes oer elektryk mar dat ha’k fuortendaliks ferbean. Lju fleane mei dy skûtmobyls al oars net as yn de Blikfeart en dan hat sa’n ding noch fjouwer tsjillen dat it liket my hielendal net fertroud ta lju fan oer de tachtich op twa tsjillen mei turbo te setten. Mar dêr hiene wy it al earder oer hân en soks liket ús mem ek neat ta. Foar de langere lopen hat se ommers dy nije auto al.

De fytseman, Lars, hat de fyts efkes kreas nei trije lopen op en del Froubuorren troch ús mem like faak bysteld en dus noch wat behindiger makke want mei it each op ‘e takomst tink ik dat ús mem mooglik wol lytser as in meter wurdt dat dan binne jo dêr mar op klear. Der sitte sân fersnellings op en ús mem is fan doel dêr ien fan te brûken dat it is allegearre weelde yn oerfloed. De fyts sil thús besoarge wurde, de ynruiler nimme se dan mei werom. Prizen wit ik net mar ús mem leau ik al.

Ik tink net dat ús dit yn it Kulturele Hoofdstadje slagge wie. De fraach is sels noch mar oft ús mem noch wol libbe hie nei testritten tusken plagiatearre bernekopkes troch en dat thús besoargjen witte dy toanbankskowers yn ‘e regel it measte ek net fan.