Gjin poes-pas

Hy hie altyd fan alles it nijste. Sa hie er no ek in mobyl dy’t allinnich om sizzen jaan woe mei in fingerôfdruk. Allinnich wurke dat net op ‘e kamping yn Appelskea dat hy koe net fuortendaliks de helptsjinsten ynskeakelje. Mar hy bedarre al yn it sikehûs fan Drachten en wie wakker fleurich.

Oft de buorlju de auto wol efkes fan de kamping helje woene en alles wat yn de kofferbak lei yn de kontener nukke. Hy wie oan it opromjen, it kampingkontrakt wie ôfrûn. Dêrom ek hie er ferline wike in nije boat kocht en ek betelle. Proeffearn mei de buorlju en hy soe it ding ien dizze dagen fan Wier nei Britsum farre. Alles al mei de havenmaster dêr ôfakkoarte.

Mar de oare deis krigen de buorlju telefoan dat se yn it sikehûs komme moasten mar ek dat se har mar net oer de kop fleane moasten. Doe moat er der al net mear west hawwe.

Sake. Omke Sake offisjeel. Us heit syn jongste broer en hy is fierwei de âldste wurden. Santich om krekt te gean.

De lêste jierren hiene wy net in soad kontakt oars as dat wy inoar wolris troffen. Mar yn it PC-tiidrek wie ik geregeld by him oer de flier. Want hy hie altyd it nijste guod en as der wer ris in noviteit wie dan moast dat ynboud wurde. As ik dêr dan kaam dan lei de helte fan de flier besiedde mei lûdskaarten, modems, fideokaarten en oare saken. It wie ien grut drama om de autoexec.bat en de config.sys sa yn te rjochtsjen om al dat guod oan de praat te krijen. Boppedat sloech Sake yn dat spul om as stie er op ‘e rommelmerk. As wy nei in pear dagen ta de konklúzje kamen dat ien en oar net woe sa’t wy woene dan wie dat ek gjin inkeld probleem: ‘Dan moat dêr in oaren foar komme’, sei Sake dan.

Ik kin my leau ik net ien yntinke dy’t de ekonomy better stimulearre hat as Sake. Want dit wie net allinnich sa mei kompjûters. Mei auto’s hie er itselde. Hie er krekt wer in pracht fan in VW Scirocco kocht, kaam er derefter dat jo yn dat ding sawat op ‘e grûn leine wat op himsels gjin probleem wie, mar foar ús beppe al. Hie er jierren letter wer ris in oare auto, frege de buorman oft de skûtmobyl dêr wol ynpaste. ‘Tink it wol,’ sei Sake dan. Dat wie ek sa, op fjouwer sintimeter nei. Nagelnije karre foar it ding kocht, twa of trije kear brûkt. Ik tink dat Sake wol in stik as fiifentweintich auto’s hân hat. Guon minder as in fearnsjier.

Boaten. Dêr moat er ek wol in stik as acht fan hân hawwe, ynklusyf wiere racemeunsters. Mar ek alris in sa goed as nije kruser dy’t er yn Bloksyl opdien hie, likegoed as in syljacht.

Doe’t er wat minder mobyl waard en it buorfamke in elektryske skûter hie moast hy fansels ek sa’n ding hawwe want dan koene se moai tegearre te toeren. Dy kocht er fia ynternet. En doe’t er dêr wer ris op fuort wie en ik krekt by de lotting fan de Ingelumer keatserij siet, belle er. It kring wie opholden. Ik sei dat er him dan mar efkes deljaan moast yn de berm fan de S10 mar dat die er fansels net. Dat doe’t ik arrivearre rûn er mei dat fehikel. Hawwe wy it ding earne by in boer parkeard en dêr hat de buorman him letter weihelle.

Sake waard stadichoan minder mobyl. De lêste kear dat ik mei him praat haw sil in wike as acht lyn wêze want doe kaam er op syn skûtmobyl efter my oan om’t er wol yn de gaten hie dat wy de hynders der ynlitte soene (en nee, ik ha him net yn de kiste sjoen want dat byld ha ik it measte net mei). Dan sette wy it hiem altyd ôf mei lint. Sake kaam net fan de skûtmobyl ôf mar kaam wol yn de stâl doe’t ik it lint opromme en de skuordoarren iepen die.

Mar no is Sake der slim ûnferwachts net mear. Dêr kinne jo hiel dramatysk oer dwaan mar oft der ien wie dy’t nea dramatysk die dan wie it Sake wol. En it hie ek noch in bulte lijen wurde kinnen. Dêrby: oft it al in grutte klap foar guon is, dan is it dat foar de buorlju. Sake is berne oan de Langestraat en hat dêr altyd wenne. Foar de buorlju komt der nei santich jier dus gâns feroaring. Der wurdt faak praat oer ‘de neisten’. Dat binne dan yn dit gefal de buorlju. Sake kaam – as er thús wie – alle dagen om kofje en ek wol faker op in dei.

‘Gjin poes-pas’ moat Sake ris sein hawwe. Dat hat der ek net west. Gjin preek, gjin oare feestlikheden. Sake is út syn bertehûs droegen en wy binne streekrjocht nei it hôf riden. In nicht hat noch in koart wurdsje dien. Doe ha wy Sake rêste litten.

De buorman en syn soan fan noch gjin tweintich wiene ek drager. Sober kin ek hiel moai wêze. Djip respekt.

Sake wit it net, mar wy ha noch efkes moai neisitten. Net allinnich mei kofje. En hoewol’t er sels de lêste jierren sawat gjin drank mear krige soe dat taferiel him mear as goed dien hawwe.

Moarn komt de advertinsje yn de LC.