Suteljen is wat oars as fergaderjen

It is in nuver spul en wat langer ik der oer neitink wat idioater it wurdt: ik sil meidwaan oan ien aktiviteit yn it ramt fan it Kulturele Hoofdstadje. Dat is net bêst. Mar ik kin it útlizze.

Ik siet fan ‘e wike om wat oars op ‘e Feestboektsjet en doe waard my ynienen frege oft ik wol genegen wie om efkes efter de bar te stean. Ik sit leaver oan de oare kant fan de bar mar dat kin no ienkear net altyd. En omdat it organisearjend komitee dêr’t ik ek in soartemint fan lid fan bin dan sit te blazen en ik krekt fan dy aktiviteit frijsteld bin ha se betocht dat ik wol efter de bar stean kin. No ja, oft dat moat dan moat dat. Ik hoopje al dat se de fertroude hoarekatinte dy’t se sels yn eigendom hawwe dêrfoar opsette, oars binne wy der mei oan.

Ik ha noch gjin prizen troch krigen mar rekkenje der mar net op dat de drank de goedkeape kant neist wêze sil want as it om ynklauwen giet dan ha jo gjin betûftere lju as bygelyks brassbands. Op doarpen. Yn stêden en oare kultureel ûntspoarde útspannings kin soks oars wêze. Dit moat dus wat my oanbelanget ek net sjoen wurde as in aktiviteit yn it ramt fan it Kulturele Hoofdstadje ek al kin dat formeel wol hûndert kear sa opskreaun wêze.

Ek net yn dat ramt mar wol hiel goed foar de skathâlder is dat wy hjir no tongersdei sutelje sille. Brassbands binne nammentlik ek hiel tûke sutelders. Mei koeke, geraniums, sipels, amarillesbollen en bamy bygelyks. Dat lêste ha ik in lyts bytsje út oerlevering. Ik wie doe al wol lid mar hie de sutelbestindige leeftyd noch net berikt. It moat noch in hiel o heden west hawwe om dy Sinees oan it ferstân te krijen dat der 100 kilo bamy en 100 kilo nasy komme moast. Sa’n man begrypt soks net en is deabenaud dat it guod kâld wurdt wylst der doe echt noch gjin sprake fan wie dat wy fan it gas ôf soene.

Ik sil tongersdei net meisutelje. Dat stie op ‘e meel en dan moatte jo der fan útgean dat dat sa is. It skynt dat ik de fytsbrigade oanstjoere moat. Gjin idee wat dat krekt ynhâlde moat en hoe grut dy brigade wol net is mar dat sjogge wy dan wol wer. It doel is dat de brigade boeken by de sutelders bringe sil dy’t ûnder it suteljen útferkocht reitsje wat by goede sutelders noch wol gauris it gefal wêze wol.

Dat fan dy brigade hat Willem Verf grif net betocht. Dy orakelet al wakker dat de sutelaksje profesjoneler moat mar it liket my net daliks in man ta dy’t oer praktyske punten neitinkt. Faaks bedoelt er mei profesjoneler dat der mear fergadere wurde moat mar ik kin sa wol sizze dat de sutelaksje dêr net grutter troch wurde sil. Dat wurdt er ûnderwilens wol stadichoan al hâld ik dat net sekuer by. En dat komt neffens my benammen fan ûnderen op, mei oare wurden: omdat ferienings dêr ûnderinoar oer begjinne te praten.

Want der is wat feroare oan de sutelaksje en dat lêze wy net yn Verf syn referaat. Foarhinne wie it sa dat jo sutelen foar de ynstituten en in lyts bytsje foar it Frysk. Dan wiene jo dus ek oanwiist op Frysk-minded folk. De grap is no krekt dat jo no net mear foar de ynstituten sutelje mar foar jo eigen feriening omdat 25% fan de omset foar dy feriening is. As der dus foar € 2.000,00 euro op in jûn ferkocht wurdt, dan hat de feriening € 500,00 euro te pakken. En dat is mei in man as fyftjin te behappen. As oare rjochtline wurdt wol brûkt: it smyt sa’n € 1,25 skjinne winst it hûs op foar de feriening. Dan kinne jo foar it eigen doarp wol sawat útrekkenje wêr’t dat op del komt.

Fierder wurdt alles, ynklusyf reklamemateriaal, foar jo regele troch Ferdinand de Jong. En dy kinne jo gewoan belje: 06-23408605.

Is it sa profesjoneel genôch útlein, Verf? Of moat der earst noch wer in gearkomste komme?