Dei sân

In pear wike lyn wie der in famke foar de radio. Se wie oan it strânhimmeljen by Harns, it is ûnhuer hokker rotsoai de lju allegearre wol net efterlitte en dat is in ramp foar de bistjeboel. Ik bin mear fan it stânpunt dat ik in oar syn rotsoai net hoech op te romjen mar sa’n famke soene jo noch wat of in hiel soad respekt foar hawwe kinne. Oant se yn in bysin seit dat se krekt nei in jongereinkonferinsje oer miljeudingen yn New York west hat.

Dat is presys dêr’t it dus misbeteard, wat my oanbelanget. En dat is net allinnich mei dit ûnderwerp sa mar ek mei bygelyks allerhanne diskusjes oer it Frysk. Lju koarje de grutst mooglik ûnsin oer ús út. Sjoch bygelyks de foarsitter fan dingdong-time, de man swetst en sweart alles byinoar oer de ynspannings dy’t se dogge mar hy twitteret omraak yn het hollandsch.

Fan Oes Omroep, Oes Taal hoege jo gjin inkelde krityske sjoernalistike fraach te ferwachtsjen mar fan de NOS ek net. Dy nimt kâldwei alles oer wat de Elfwegentocht har yn in parseberjocht takwattelet. Oars hiene se der nammentlik wol byset dat de bussjauffeurs stake en dat dat net sa hiele goed útkomt, mar doe’t dat nijs bekend waard wie it parsepamflet de doar al út fansels. Mar ik wik jim dat de organisatoaren fan dy fossile orgy wakker itselde ynelkoar stekke as dat strânhimmeldersfanke. Oft se aanst it ôfslutende glês sjampanje efteroer slein hawwe stappe se linea rekta it fleantúch of de speedboat yn foar in new event. Gjin sjoernalist dy’t ris op it idee komme sil oaren as de organisatoaren te ynterfiewen. Ik ha dat ferline wike al dien. 3 fan de 4 wiene net op de hichte mei it hiele fenomeen en 4 fan de 4 ferklearren har stapelidioat om net te sizzen gek.

No witte wy fansels al hiel lang dat as it om it Frysk giet it ien grut ynsestueus sirkus is mar dat is dus mei dy miljeugekken en kultuerbarbaren ek sa. Jo komme rûnom en altyd deselde lju tsjin. Soene jo al ris wat oars wolle dan is der altyd wol ien fan de klup dy’t de kloeren útstekt en as in wiere predator elk nij libben de grûn ynboarret.

It believe yn it eigen gelyk is sa ûnhjirmlik grut dat in trochsneed Fries him de mage út it liif koarret en neat mar dan ek hielendal neat mear fan dy flauwekul hawwe moat. No, dêr wurdt it Frysk net better fan en de ljip ek net om it oer de Russen mar net te hawwen.

Sjoch, dat der 300 lju út de loft rûgele binne is net aardich. Mar alle lulferhalen fan de NOS dat it hiele lân jierren neitiid noch meilibbet is klearebare nonsens. Mear as in yndruide haat tsjin de Russen is it net en dy haat is fan itselde kaliber as dy tsjin it Frysk. Boppedat docht it net sear om dy haat yn jo te hawwen, nimmen sil jo der op oansprekke.

Dat leit fansels hiel oars as mei in man as Erdogan. Dêr moatte wy leaf foar wêze want dy brûkt de flechtlingen as melkkij en dat ha wy in stik leaver as dat ús boeren har dêr mei dwaande hâlde. Der skynt nimmen yn de gaten te hawwen dat as dy 6 miljard aanst op binne en dat binne se as Erdogan dat seit dat er dan ophâldt te melken en it folk foar de slacht trochstjoerd nei de Middellânske See.

Poetin sil net yn opstân komme, Trump allikemin en Rutte alhielendal net. Dy mannen hawwe dan al lang wer in nij spultsje útfûn.

Of it soe wêze moatte dat ien fan har soannen mei in fuotbaltiim yn in grot bedarre is dêr’t se daliks net wer út kinne. Dan hawwe se efkes oare drokte en dan soene alle multynationals yn Ruslân, Amearika, Turkije en Nederlân op dei ien mobilisearre wurde om’t alle ynwenners sa bot meilibje.

Mar spitigernôch foar de jonges hawwe se oare efternammen dat de ferslachjouwing is och sa beheind as jo teminsten net de muoite nimme om justjes fierder as de NOS en Oes Omroep, Oes Taal te sjen.

Dei sân.