Dei fyftjin

Dei fyftjin

Ofrûne moandei seach ik yn De Telegraaf dat dy jonges yn de grotten fan Chiang Rai fûn wiene. No folge ik dat al in hiel hoart fia de bûtenlânske media want wylst Nederlânske sjoernalisten yn ‘e regel grutte fantasten binne as it giet oer rjochtsaken fan Gordon en it hier fan Barbie bleaf it wat dit ûnderwerp oanbelange behoarlik stil. Earst de oare media tsjekke dus en it wie wier.

Dat wie fansels betreklik goed nijs al skeat it moed my daliks wer fol doe’t ik it filmke seach fan hoe’t se der by sitte. De Telegraaf en de NOS hiene dat filmke doe noch net fûn. Al in foto.

En oft Nederlânske sjoernalisten in foto sjogge, dan baarne se los. De Telegraaf kaam mei in hiel referaat fan hoe fleurich de jonges der op stiene en dat se om oan te jaan dat it geweldich mei har gong de tûme efkes op stutsen. De NOS prestearde it sels om by dy foto te setten dat it copywright by de autoriteiten lei.

Blykber binne der yn sa’n stadium gjin Nederlânske sjoernalisten dy’t it ferstân brûke. Want jo koene sa oan dy foto sjen dat dy ûnmooglik minder as in pear oeren lyn makke wie. Sels oft jo net trochleard hawwe foar dokter dan soe ik tinke dat jo witte dat jo der nei tsien dagen sûnder iten net mei in glânzgjend antlit op steane en ek net sa helder út ‘e eagen sjogge as op dizze foto.

As de sjoernalisten ek mar krekt efkes har bêst dien hiene dan hiene se sjoen dat it in foto fan in pear jier lyn wie dy’t in – útsoarte – hiel blide mem noch op ‘e mobyl hie. En dus net – sa’t De Telegraaf ek noch ferkundige – it produkt fan in Feestboek Live-sesje wie.

Ek yn de dagen dêrnei waarden wy bedobbe ûnder de berjochten dêr’t gjin wier wurd by wie. De Telegraaf kaam noch mar wer ris mei in situaasjeskets dêr’t se net goed op oanjaan koene wêr’t de jonges sitte, NU-nl kaam mei in filmke dat de jonges 2 km fan de yngong ôf sitte wylst dat it dûbelde wêze moat en it Nieuwsuurmantsje wist nei sa’n 48 oeren te melden dat de jonges dûken leard hiene.

Dat lêste kin net sûnder dûkútris en dy hiene se doe noch hielendal net. En se koene ek net mei de âldelju belje wylst allerhanne media oanjoegen dat der in telefoanlijn oanlein wie. Ja, dat ha se besocht mar dat is oant no ta finaal mislearre.

De NOS komt mei in ferhaal fan immen dy’t ek al ris yn dy grot ferdwaald is. Jo moatte op ’t lêst nijs bringe. Mar dat ferhaal hie ik dagen lyn al lêzen. Myn Thaisk sil ek wol in stik better wêze as dat fan de NOS-sjoernalisten, dan krije jo soks.

Op ’t lêst komt it dan safier dat de NOS tinkt: ‘wy moatte dêr mar ris in tiim hinne stjoere, dan kinne wy út eigen waarnimming ferslach dwaan.’ En dan giet it hielendal need. De sjoernaliste hat fansels mei in bulte lju praat en is ta de konklúzje kommen dat nimmen dêr hopet dat it begjinne sil te reinen. Wat is dat foar dom praat?

Letter stiet se mei in kollega mei sa’n waaiding te wapperjen en behimmelet him mei in switdoekje. It is te tryst foar wurden. Dy passaazje oer it reinen hat de NOS letter nammers ferwidere. Ynienen wie it fûtsy. Datselde jildt foar in artikel fan De Telegraaf dêr’t ik de kop sa net mear fan wit.

Mei it rieplachtsjen fan in Frysk bedriuw komt ek Oes Omroep, Oes Taal yn byld fansels. En as se by Oes Omroep, Oes Taal ienkear sein hawwe ‘sûnt in pear oeren’ dan bliuwt dat de hiele dei sa.

No kinne wy fansels net foar alle ûnderwerpen de bûtenlânske media rieplachtsje mar ik ha gjin inkelde oanwizing dat it by oare ûnderwerpen oars is as by dit gefal. De Nederlânske sjoernalistyk is folslein ûnbetrouber.

Sa kin it dus ek dat de media boeren omstjoend hawwe ta kriminelen, alle seehûnen hjoeddedei yn fisknetten bedarje, de Elfwegentocht in súkses fan komsa is en de temperatueren hjir al moannenlang boppe tropyske wearden út komme.

Leave a Reply

Your email address will not be published.

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>