Dei achttjin

Der is hjoed in ein kommen oan in benearjend aventoer nei in ûngemak. Dat is alderprachtichst. Ik bin al bang dat har noch hiel wat te wachtsjen stiet, ôfsjoen fan dat de lea fansels noch lang gjin hûndert punten is. Der is al in dûker omkommen, dat is minder moai.

Wy binne no fansels ta oan de neisleep en dy draait al op folle toeren al bliuwt de NOS earst noch mar efkes hingjen yn de leagen dy’t ik yn it foarige bloch al beskreaun ha. Ek hjoed moast frou Marieke fertelle dat it hjir en dêr dochs oars siet as dat se earst sei. Tige tank dêrfoar! Mar gau wer op hûs oan, dat liket my fierwei it bêste.

Mar no de neisleep. It hat neffens guon bliken dien dat dy jonges dêr in alderheislikste rotsoai efterlitten hawwe. Jo moatte tinke oan aluminiumtekkens, lege drankflessen, itensferpakkings ensafuorthinne. Ik soe sizze: stap op ‘e fyts (wy sitte yn it fossylfrije tiidrek) en sjoch dat jo dêr komme. Gjin dúkútris meinimme want dat guod wurdt allegearre net al te miljeufreonlik yninoar nifele, bejou jo dêr ûnder wetter en fandelje de saak byinoar! Ik soe net wachtsje oant it wetter sakke is, want dan is it net botte earfol mear en kinne jo it lintsje wol shake.

Oft dat allegearre yn kalk en semint is dan moat dy grot oars as dat guon Thaiske VVV’s wolle fansels ôfsletten wurde. Dat is in hiel o heden mar dat is net oars. Mochten de Thailanners net rjocht witte hoe’t se soks oanpakke moatte dan kinne se altyd noch in delegaasje stjoere om te uzes it spul troch it gat te sjen. Dan sille se gewaarwurde dat der in stek om de Ryptsjerksterpolder hinne stiet dêr’t 10.000 Volt op komt as de temperatuer ûnder tropyske wearden sakket om foar te kommen dat der dwazen binne dy’t begjinne te oefenjen om earne yn in kafee harren namme op in balke te kalkjen.

Ferskynt yn de plaat fan Piet in horrorwinter dan wurdt it leger en de hiele Fryske loftmacht ynset om Aldtsjerk ôf te skoatteljen foar de bûtenwrâld. Soks kin mei in bytsje winter moannen lang oanhâlde. En as dy Thailanners hjir dan dochs binne dan kinne se ek daliks merkbite dat sy dan faaks wol it folk binne dat och sa om sizzen jout en nea dingen dogge dy’t net meie mar dat Friezen in hiel oare mienskiplike eigenskip hawwe: elk praat hjir Frysk!

Lang om let sil der ek noch in andert komme moatte op de skuldfraach. Sjoch: dy coach hat de jonges meinommen de grot yn. Dat ha ik him sels net sizzen heard en op de filmkes dêr’t de jonges yn oan it wurd wiene kaam it ek net te praat mar dat kin komme om’t myn Thaisk dochs minder goed is as dat ik earder oanjûn haw. Oaren binne der lykwols wis fan dat dat sa is, dus dan is dat sa.

Neffens my is it allinnich mar wis dat de coach der by wie en dêr hâldt it leau ik oan no ta mei op. Ik bin net earder fan doel wat oars te leauwen as dat ik dat út de mûle fan ien fan de slachtoffers heard ha. Alhiel út eigen beweging en net nei oanlieding fan fragen fan sjoernalisten want dêr kin gjin normaal minske tsjin op.

Ik hoopje dat benammen dat leed har besparre bliuwe sil, se ha sa wol genôch meimakke.

Leave a Reply

Your email address will not be published.

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>