Dei trijeënfjirtich

Juster hawwe in tal jonges yn Thailân in ôfslutende seremoanje hân fan it ferbliuw yn in timpel. Dat stie fansels net op de NOS en ek net yn De Telegraaf want it is hjir by ús allegearre oare drokte. Dêroer letter mear.

Der is in bulte kommentaar út de westerske wrâld op hoe’t se yn Thailân mei dy jonges omgeane. Tusken de rigels troch kinne jo lêze dat de westerlingen fan betinken binne dat se dêr wat noarmen en wearden oanbelanget noch lang sa fier net binne as wy. Sels sjoch ik it ferskil tusken it ferbliuw yn in timpel en it frijwillich ferplicht fraachlearen net alhiel mar dat sil him wol oan my lizze.

Ofsjoen fan it religieuze soene wy de jonges fansels folle folwoeksener behannele hawwe. Sokke bekommerij yn in sikehûs bygelyks raast oan de protters, se hiene op ’t lêst neat brutsen en ek gjin gatten yn de holle dat dan kinne jo thús ek wol wat opwouterje. In bytsje mem is yn steat om in ekstra panne earte klear te meitsjen dat dêr hoege jo net dagenlang foar yn in sikehûs om te toarkjen. “Mar gau op hûs oan” soene wy sizze.

En dan ûnderweis fansels al efkes by buro HALT oan want dizze operaasje hat klauwen fol jild koste dat dêr moat al op ien as d’oare wize wat foar werom dien wurde. Sokke jonges soene te uzes dan treflik yn de simmerfakânsje ruften waskje kinne op de simmerskoallen foar beukers dy’t wat efter rinne by de behearsking fan de 85 talen yn ús meartalich Land van Taal.

Dan moatte se fansels al brocht en helle wurde troch de âldelju want oars ha jo kâns dat se ûnderweis yn sûpketen bedarje. Of by it iene as d’oare dagen duorjend festival dêr’t it lûd sa fier fan draacht dat de ljippen der yn Frankryk dea troch út de loft rûgelje. En der is gjin bhoeddist, hindoe of moslim dy’t it lef hat om de stekker der út te skuorren.

In oare opsje is dat se ferplicht meidwaan moatte oan in parade foar homo en oare akseptaasje. Sokke manifestaasjes komt in knoarre folk op ôf, yn alle gefallen gâns mear as it jierliks trochsneed besikersoantal yn in dieretún. En dat dy jonges dan nei ôfrin alle dumpte rotsoai út de grêften fiskje moatte. Dat soe krekt sa’n putsje wêze.

Of dat se Bouwe de Boer syn skjinnerlânstikjes op de side fan de Djipfriezen lêze moatte en ek in jier lang fergees foto’s meitsje moatte om’t de rjochter útmakke hat dat de Djipfriezen net samar fan alles en noch wat byinoar jatte meie. En dat dy jonges dan útlizze moatte wêrom’t Bouwe earst sizze mocht dat er ferwachte dat alle Friezen oan de ein fan syn 11-dwazetocht meidwaan soene mar dat er nei ôfrin sizze mocht dat hast de helte wol meidien hie en dat er no ynienen sizze mei dat er tinkt dat der wol 100.000 meidien hawwe. Dêr soene sokke jonges gâns fan leare kinne.

Of dat se sprekbeurten jaan moatte oer it âlderskip om’t it fansels sa helder as wat is dat de grutte mearderheid mear as ien heit en mem hat. Der binne al in hiel soad gefallen dêr’t der wol in klup fan in man as tsien foar yn ‘e beneaming komt mar dat is wetlik net goed regele en dat is ferhipte lestich. Want as ien fan de tsien fynt dat it krobbeguod nei it fraachlearen moat dan kin dy dat net samar opdrage as er/se wetlik sjoen gjin heit of mem is. Sokke noarmen en wearden soene dy jonges goed efkes útdrage kinne.

No, noch ien opsje dan. Se soene ek goed ynset wurde kinne foar de kaartferkeap foar it grutte feest yn 2030. Dat is it jier dat dûmny Bottenblazer weromkomme sil as de grutte ferlosser dat wy moatte der hast fan útgean dat er him hast ûnder de grûn deljaan sil om him op dat feest ta te rieden. En as er dêr leit dan kin er him fansels net dwaande hâlde mei alderhanne organisatoaryske saken fan mear finansjele aard.

2030. Dat duorret net lang mear. En dy jonges binne ek noch Bhoeddisten. Oft dat mar goed komt!