‘Tûzenen’

Yn de foarige blochs ha ik it al in kearmannich hân oer de sjoernalistike prestaasjes fan ús lângenoaten. No gong dat hieltyd oer in útlânske kwestje dat jo soene justjes konsideraasje mei it geile pinnefolk hawwe kinne.

By festiviteiten dy’t justjes tichter by hûs binne leit it lân der lykwols neat oars hinne. Oes Omroep, Oes Taal hat it oer Marcel, Nieuwsuur lit dyselde Maarten yn in boat nei it sikehûs fan Dokkum bringe en Laat op één wol hawwe – nei in horrorsimmer wêrnei’t jo de iel rikke en wol út it wetter plukke kinne – dat Maarten opjaan moast ‘vanwege het koude water’.

Yn de iene krante hat Maarten fannacht thús sliept en wie er der fan ‘e moarn om healwei fiven al wer ôf, yn de oare krante hat er yn Ljouwert útsliept oant healwei sânen.

By de huldiging wiene ‘tûzenen’ minsken. (Oes Omroep, Oes Taal liet ek noch witte dat it feest om 16.00 oere begûn wie.) Mar dy ‘tûzenen’ wiene der neffens dyselde media ek by de premjêre fan de earste fideopresintaasje fan it Land van Taal. It is oan de media blykber net bestege ûnderskied te meitsjen tusken ‘in hantsjefol’ en ‘yn alle gefallen mear as 10.000.’ It kin net oars as dat dat te krijen hat mei oanstjoering fan boppe-ôf, c.q. it kloaterich koppypeesten fan parseberjochten.

Neffens de NOS wie it súkses fan Maarten te tankjen oan ferskate faktoaren. Ien dêrfan soe in ‘tûke marketing’ wêze. En ûnderdiel fan dy marketing is it keazen tiidstip, te witten oan de ein fan de fakânsjetiid as de minsken op har fleurichst binne. Mar, mynhear NOS, soe it ek sa wêze kinne dat it tiidstip sa keazen is om’t jo om distiid de grutste kâns hawwe dat it wetter op de gaadlikste temperatuer is? Dat hat mei marketing nul komma nul te krijen.

Boppedat litte Friezen – en aldergeloks in bulte oaren – harren hielendal net marketeere. As dat sa wie dan hie dy 80 miljoen dy’t û.o. bestege is oan it yinoar nifeljen fan wat spuit-elven der wol foar soarge dat wy hjir al wikenlang foar elke stêd in file fan komsa hân hiene. Mar, mynhear NOS en net te ferjitten Oes Omroep, Oes Taal, Friezen hawwe om de deale wol foar it snotsje dat dy miljoenen bedarje by in pear ynstellings, in tal direkteuren en in hantsjefol artysten.

Dêr komme Friezen net foar út ‘e stoel. Friezen komme allinnich út it stee oft se fine dat dat moat. En dat fûnen se juster. Mear is it net. En minder ek net.

En dy sjoernalisten dy’t fan gjin oare getallen witte wolle as ‘tûzenen’? Tel fan in hiel jier alle besikers fan konserten, toanielútfierings, iepenlofsspullen ensafh. bûten it kulturele hoofdstadje ris byinoar op. En begryp dan hoe ferskuorrrende luzich dy oanstjoerde ‘tûzenen’ fan jim dy’t 80 miljoen euro opfretten hawwe dêr wol net by ôfstekke.

En fansels, elkenien kin wol in kofjejuffer of in patatboer fine dy’t in bak kofje of in ierdappel ekstra ferkocht hat en dat breedút yn de krante útlizze wol.