Henky

Dêr wie it bloch samar ynienen wer ris poater. Dêr hie ik net earder erch yn as doe’t ik de statistiken ris beseach. Jo moatte no ienkear al witte hoe faak jo lêzen wurde wylst der neat nijs te melden is. Dan kinne jo dêr aardich oer opsnije.

Der binne Fryske skriuwers dy’t neffens eigen sizzen alle dagen wol oan sawat 700 unique visitors takomme. Dat helje ik yn tiden dat der gjin nije dingen op komme net earlik mar ik bin ek gjin skriuwer fansels. Der binne nammers ek Fryske skriuwers fan Frysktalige boeken dy’t oars net mear dogge as yn it Hollânsk twitterje.

Net dat dat hiel slim is want by de Afûk is ‘in middagje op paad’ en ‘fanmiddei’ ek al opwurdearre ta Frysk dat der lizze foar skriuwers gâns mooglikheden op it talige mêd. Foar bloggers jildt dat net, dat binne jittikmigers dy’t boppedat nea wat begripe.

Dat is ek sa.

Neffens Henk Bleker meie politisy-bestjoerders ek wol ris sjen litte dat se in minsklike kant hawwe mar as de kniper op ‘e skine komt dan moatte se altyd politikus-bestjoerder bliuwe. Just.

Dan woe ik wol graach dat se dy beide kanten net yn ien telefyzje-útstjoering tropje want dan kom ik der yn om. Ik soe by foarkar sjen dat se de politike-bestjoerlike kant yn byld bringe en dy fan it minskdom earne yn in kroech ûnder de stamtafel skoffelje. Dan ha wy dêr fierder gjin lêst fan.

En ja, dat ûntnimt jin as politikus-bestjoerder dan de kâns om dy stupide set fan dat bryfke oan Mauro rjocht te praten. Dat is dan net oars. Dom is no ienkear dom en sa’n bryfke-teater kin ik fan in kaberatier wol hawwe mar net fan in politikus-bestjoerder.

En dan it appellearjen oan it rjochtfeardichheidsgefoel! Fansels wolle wy graach dat elk gelyk behannele wurdt. Dat soe dan ynhâlde, Henky, dat al dy lju dy’t by de lintsjerein huldige wurde omdat se jierren en jierren in fenomenaal lean opstrutsen hawwe en ik noch trije-fjouwer kear wyks te waarmmielrinnen west hawwe op kosten fan de belestingbeteller dy festiviteiten ûntholden wurde moatte om’t ek net elk dy’t in jier as tweintich sawat belangeleas op in oar syn bern past dêr ek net foar betelle wurdt (en dat meast ek net iens wolle soe).

It giet der net om Henky dat lju dy’t hjir gjin rjocht op asyl hawwe it lân net útset wurde moatte. Dêr is elk it wol sawat oer iens. It giet derom dat it mislik is om mei dat argumint oansetten te kommen wylst it hjir giet om minsken dy’t hjir al sawat har hiele libben wenne hawwe en mear Nederlanner binne as mannich hollânsktalige ea Fries wurde wolle soe. En it giet der om Henky dat wy hjir in ûnmooglik systeem yninoar nifele hawwe dat it mooglik makket dat minsken langer as twa jier yn ûnwissens bliuwe.

As der al wat ûnrjochtfeardichs is dan is it dat systeem. Feroarje dat foardatst dyn lintsje krije silst dus mar as de bliksem mar jei gjin bern it lân út dy’t der sels neat oan dwaan kinne dat se hjir grut wurden binne en ûnderwilens ek noch fan sawat alles en elkenien de opdracht krigen hawwe om mear Nederlanner te wurden as politisy-bestjoerders ea berikke kinne soene.