Gouden hannel

Wy sitte al sawat in fearnsjier yn de ôfwikkeling fan in erfenis. De wichtichste saken litte wy notaris beregelje, sa’n man moat no ienkear ek troch de tiid en oft wy dêr mei 12 man oer gear sille dan dogge jo oars neat as fergaderje. Boppedat kin it wat lije want wy tinke dat wy nei ôfrin allegearre miljonêr binne of yn alle gefallen in moai ein dy kant út. De boat is al ferkocht, ik bedoel mar.

No is fansels net alles fan likefolle wearde en guon dingen net iens rommelmerkbestindich dat hjoed ha wy benammen dwaande west mei dekûpearseagen, mokers en fleksen. Sa’n hûs wurdt no ienkear wolris justjes ferboud en dan kinne jo samar hawwe dat guod der ea wol yn kommen is mar der dus mei gjin mooglikheid hiel wer út kin. Wy hiene in pear tendemassers, wat lytsere karren en in hynstetrailer ta ús beskikking. En spanbannen.

Wat der no noch yn stiet is ien grutte goudmyn. Wa’t noch wat hawwe moat, jou it oan my troch, wy leverje echt alles. Ek guod dêr’t wy sels net fan witte wat it eins is, dat binne grif de alderdjoerste dingen. Lúsjefers is der nammers net mear, dy ha ik efteroer drukt want ik sit hjir wolris mei lege fjoeroanstekkers en dan binne dy prikjes ferhipte handich. Foar de earstkommende fyftich jier of sa.

Wat is der allegearre noch wol? In lytse greep. Batterij-opladers foar alle mooglike soarten en maten. Brillen. Frituerpannen en kofjesetapparaten (of ha ik dy by fersin by it fuortriden noch oer de klep fan de hynstetrailer nukt?). Ofstânbetsjinnings, in stik as tritich. Op syn minst likefolle adapters. By de measten hearre grif ek apparaten lykas modems. Dy binne ek op foarried. Car-kits, gâns mear as in minske oan auto’s ea yn ien libben ferslite kin.

Ien elektryske lier. Wat moat in minske mei in elektryske lier? Allegearre arkbakken dêr’t dus ark yn kin mar der no net yn sit. Der is wol ark. Utsein bygelyks sleutelnûmers 13 en 17 want dy brûke jo it faakst. Ien rutewasker op hiteluchtstoom (of sa). Kit, kit en kit. Ek ûnder telefyzjes, dan kinne se net ferskowe. Handich.

Op kultureel mêd kinne jo jo slach ek mear as slaan. Wêr’t de searje Arendsoog bedarre is dy’t ik hielendal te lien hân ha wit ik net mar ôfsjoen dêrfan binne der mear boeken as Tresoar kwyt kinne soe ynklusyf enseklopedyen. Ien sa’n enseklopedy bringt fansels al gau in twatûzen gûne op. Bakken fol diskettes wêr’t myn nicht spitigernôch alle klipkes ôfbrutsen hat sadat dy no yn de kontener sitte.

Soe ik hast in tige yndrukwekkende rige pornofilms noch ferjitte! Soks moat grif hannel yn sitte want dan hoege jo net yllegaal en stikem fia ynternet. Foar in skaplik pryske kinne wy der wol in dvd-spiler by leverje mar op is op fansels. De earste sân klanten jou ik de measte kâns en dy krije der dan ek fergees in netsnoer by.

Jim moatte der al rap by wêze want meikoarten skeakelje wy de rommelmerkekspert yn en wat dy stean lit giet ûnferbidlik nei it stoart. Mar mocht der immen wêze dy’t yn ien keap in ton skoot dan belje wy dy man wol ôf.