Goed folk

Lêste berjochten

Argyf

Stimadvys

Moarn moatte wy stimme. Dêr ha wy nammentlik in oproep foar krigen. En dat is dúdlik wat oars as in uitnodiging. It giet om gemeentlike ferkiezings. It giet dus net oer de provinsje Fryslân, net oer Nederlân en ek net oer Europa. En nee, ek net oer de buertferiening. Ik moat stimme yn de gemeente Menaldumadeel. Takom jier is dat Menameradiel. Faaks krij ik de oare kear dan ek in oprop ynstee fan in oproep. Mar dat terzijde.

Hjir te uzes sitte PvdA, FNP en GrienLinks yn it kolleezje. En dat moat ek sa bliuwe. It is dus gjin goed idee om op ien fan de oare partijen te stimmen. Dêr binne lykwols mear redenen foar.

Gemeentebelangen kin ik hiel koart oer wêze: dat binne roppers en razers. Mear net. It CDA is net in soad better. Boppedat ha ik mei ien fan dy kluchten in jier as fjouwer lyn behoarlik mot hân yn it skoft fan it polityk foarum. De keardel woe net om’t lyk om’t er miende dat syn frou as Hollânsktalige mear rjochten hie as ik as Frysktalige. Dêr komt noch by dat de mem fan ien fan de riedsleden fan dy partij planút wegere my op snein te groetsjen as sy nei tsjerke fytste wylst ik by it sportfjild ôfsloech. De VVD wol ik it eins net iens oer ha. Fan de fraksjefoarsitter fan dy partij ha ik – al wie dat yn in oare funksje – alris in hiel eigenaardich epistel krigen oer it neffens him ‘doarpske’ tinken. Doe hat er dus in noch folle langere brief fan my weromkrigen dêr’t ik him noch krekt net yn oanret ha om op te sokkebaljen mar dat er al as de bliksem ophâlde moat mei sok ûnnoazel geëamel.

Jo moatte dus op ien fan de oare partijen stimme. En hoewol’t de PvdA him de lêste perioade ridlik gedroegen hat is it net oan te rieden dêr in stim op út te bringen. Se fertoane hjir lokaal nammentlik deselde kueren as lanlik en draaie as it har gelegen komt alle kanten út, útsein de goede. Se binne hjir de lêste jierren troch de FNP en GrienLinks yn de stringen holden. Dat is dus gjin eigen fertsjinste. En dat binne se sels al fergetten, mar ik noch net.

Dan bliuwe der dus twa partijen oer dêr’t jo op stimme kinne. En hoewol’t ik net echt beswieren tsjim GrienLinks ha liket it my dochs ferstanniger dat jo efkes op de FNP stimme. It Frysk liket my dêr wat yn fertrouder hannen. Wis, de oaren binne dêr ek wol foar, mar dat is allinnich om’t de FNP der is.

It sittende kolleezje moat noch mar efkes fjouwer jier troch, útsein boargemaster. As dy har tiid om is, moat se der mar gau mei ophâlde. As se no noch Snitsers (út dy omkriten komt se) praat hie dan wie it noch wat mar de tuttebel praat ien as d’oar oanleard Nederlânsk. Dy oare trije froulju is leau ik net it measte mis mei. Dat is eins wol wûnderbaarlik. Want oer it generaal komt it net echt goed as jo fjouwer froulju byinoar sette. Mar hjir te uzes dus al. En wat goed is, moat goed bliuwe.

Dêrom dus: list 2 stimme. En net fersinne!!!

Comments are closed.