Skoskesettende pekingeinen

It wie wer in heftige wike en dan is it eins it bêste dat jo jo wat katoen hâlde. Namstemear om’t wy noch neiskodzje fan de oplawibus fan de buorlju 500 miljoen jier lyn. Dat moat need gongen wêze, ik bin bang dat wy dêr noait wer oerhinne komme. It is oars wol knap dat se soks allegearre neigean kinne, wy witte net heal wat ús noch te wachtsjen stiet. Foar itselde blike Friezen in krusing te wêzen fan in pre-inuit en in pekingminske dy’t elkoar troffen by it ierdappelsetten yn Peru. Soks kin. Der is ek wol bewiis dat de foarfaars fan Trump de ierdappelkrobbe letter op dat folk ôfstjoerd hat. Dat wie yn- en yngemien fansels. Wittenskiplik is ek oantoand dat party Friezen noch gek binne op bamy en dat komt fansels ek omdat wat ienkear yn de genen sit der daliks net wer út giet sa’t ek de minister himsels al fêststeld hat.

Net tefolle drokte útjaan dus nei sa’n klap. Jo soene oars wol wat fan de miljoenenota sizze kinne. Dêr binne jo moai flot troch al binne der ek guon dy’t dêr as ik sa om my hinne lês dagen lang yn sitte. It is in simpele rjochút-rjochtoan nota. Op wat útsûnderinkjes nei krijt sawat elk der 1,5 persint by. Dat is logysk want dat is earlik. It ding is grif skreaun troch in pear freedsume pre-inuits en pekinglju. Oardel persint foar elk, kin it moaier?

Der binne fansels altyd wol lju dy’t dêr op om begjinne te sangerjen mar dy hawwe de argumintaasje net hielendal goed begrepen. Sokken hâlde bygelyks út dat immen dy’t oars € 25.000 ta syn foldwaan hie, no de beskikking krijt oer € 25.375 en immen dy’t it oant no ta dwaan moast mei € 100.000 no op € 101.500 komt. En dan sizze se dus dat 375 minder is as 1.500. Mar at is dus net sa. Jo moatte goed begripe dat immen mei € 101.500 thús fiif fan de sân dagen foarby giet fan iten. Dy moat dus yn dy twa dagen dy’t oerbliuwe by de klippen opfrette om dy skea yn te heljen. Soks kostet klauwen fol jild, dat moatte jo net te licht achtsje. It giet dan samar om in faktor fiif. Dêr moatte jo noch by optelle dat yn de ferhipte bytsje tiid dat se thús binne de kachel ek op it alderheechst moat om’t se it dus mar krekt efkes oan tiid hawwe om de enerzjy yn dy fetkwabben op te slaan dêr’t se dy oare fiif dagen op tarre moatte ôfsjoen fan dat bytsje wat har fan oare kanten tawaaid. It is gewoan begrutlik. Eins is foar sokken oardel persint fierstente min. Boppedat krije se yn minne tiden dat elk beart dat der ynlevere wurde moat altyd mar in ferhipt lyts bytsje opslach. Minsken skine soks altyd te ferjitten. Dat is asosjaal, gun in oar no ris wat! It raast oan de protters, dat gebalt om in pear rudige sinten.

Jo soene it ek oer it Frysk hawwe kinne want dêr wurdt suver safolle wittenskiplik ûndersyk wol nei dien as nei dy pre-inuit en pekingminske. Mar de útkomsten binne frijwat tsjinstridich. Der moat oars in knoarre folk oer gear wêze want it iene nei it oare rapport rûgelet oer it skerm. Ik lês sokke rapporten likemin as de miljoenenota net. Want jo kinne ek yn ien eachopslach wol sjen hoe’t it lân der hinne leit.

Tresoar skynt amper noch yn it Frysk te witterjen. Der is immen dy’t soks byhâldt en ik ha gjin reden te twifeljen oan de betrouberens fan dy sifers. De Afûk-meiwurkers kinne gjin Frysk mear skriuwe, folgje har mar op Twitter. Oes Omroepers, Oes Talers ha noch nea Frysk skriuwe kinnen en binne ek net fan doel dêr feroaring yn oan te bringen. It is koartsein foar Friezen net mooglik in fatsoenlik wurdbyld op te bouwen of te ûnderhâlden as soene jo der alle wiken ek 500 miljoen euro subsydzje tsjin oan goaie. De iennichste mooglikheid foar Friezen om de taal noch in bytsje te ûnderhâlden is it oantugen en lêzen fan in boek. Mar de promoasje dêrfan is ôfsjoen fan in pear dwazen mei kroaden sa dea as in pier.

En no sil dat elitêre folk fan dy oardel persint oer in ton de skoalmasters hjitte dat dy better har bêst dwaan moatte? Dan binne jo net allinnich asosjaal mar libje jo yn in folslein oare wrâld. Mooglik wol yn dy fan foar de klap fan 500 miljoen jier lyn doe’t se noch net wisten wat pekingein en skoskesetten wie.