Eppe op ‘e fyts

Eppe op ‘e fyts mei aanst net mear. Dat is in hiel goed ding fansels want jo hawwe leaver net dat jo bern fan in jier as tsien-fyftjin troch in pear drok petearkjende en mei hannen en fuotten wizende âlde pake en beppe dy’t it paad op harren elektryske reesmeunsters folslein bjuster binne fan ‘e sokken riden wurdt om’t er/se oan it eppen wie.

Dat binne nuvere ûngemakken en wy binne net sa fan de ûngemakken. It falt my noch ta dat der net allegeduerigen in stekkeploech op ‘en paad is om de earste de bêste wetterplasse ôf te setten mei it each op ferdrinkingsgefaar.

It net sa fan de ûngemakken wêzen is lykwols noch net hielendal ynboargere en it tsjinoerstelde wurdt sawat rûnom bot stimulearre. Wêrom steane der oars sawat om de oardel meter fan dy blikfangers dêr’t de lege enerzjydrankblikjes yn kinne? Blykber is it it doel dat jo sokke blikjes fytsendewei iepenmeitsje, leechsûpe en dan fuortnukke.

Kaartlêzen op ‘e fyts is net ferbean. Kofjesetten ek net al binne der leau ik net in soad fytsen dy’t sokke apparatuer oan board hawwe wat op himsels nuver is want de stroom is der wol. Gearkomsten hâlde op ‘e fyts is ek net ferbean likemin as it beharkjen fan konserten dy’t jo sa mei troch in oare wrâld yn nommen wurde dat jo der amper noch weet fan hawwe wat in fyts eins is.

Wat is it ferskil tusken sa’n trijetsjillige lisfyts en in skelter eins? Kin in treende skeeler of reedrider ek hurder as in gewoane fytser? En dy dwazen dy’t mei hertslach- en metertellers einen drave? Ha dy werklik noch besleur oer wat der om har hinne bart? Faaks wol in bytsje mar yn alle gefallen net mear as dy iensum eppende fytser op it skelpepaad.

It is fansels folsleine idioaterij hjir op it plattelân. Oft se yn Amsterdam fan miening binne dat jo troch it eppen in tram ûntspoare litte kinne is my dat bêst. Hjir binne gjin trams. Hynders binne hjir wol en dêr meie jo gewoan op eppe ek as it kring op ‘e rin fljocht wat net nuver is om’t de measten it bist mei paard oansprekke.

Ik begryp wol dat jo as bestjoerder net eppe meie op en yn ferfiersmiddels dêr’t jo in rydbewiis foar hawwe moatte. Sok reau moat no ienkear oantsjut wurde as mooglike moardwapens en der binne al net in soad dy’t dêr mei in rydbewiis wat fertroud mei omgean kinne dat dan moatte sokken alhielendal net eppe.

Jo moatte yn dit lân nochal gau in rydbewiis hawwe foar fan alles en noch wat. Dat begjint al op in jier as sechstjin. Prima, want wy binne net sa fan de ûngemakken.

Mar dyselde sechstjinjierrige mei wol mei in feredele motorisearre badkúp op en út en dan ek daliks wol tsien bern meinimme. En al dy bern meie ek mei him/har diele watfoar epkes se allegearre binnen krije en ferstjoere. Is dat net wat nuver?

Ja, dat is nuver oft jo net sa fan de ûngemakken binne.

En it is noch nuverder dat jo tinke dat alle ûngemakken foar te kommen binne. Dat is op syn minst like nuver as it fiskjen te ferbieden op plakken dêr’t gjin wetter is.