Dat is dan net oars

Fan ‘e wike wie der in proses. De útspraak moatte wy noch efkes op wachtsje al wie Oes Omroep, Oes Taal dër hjoed al by. Oes Omroep, Oes Taal kin altyd wat mear as in oar, Friezen binne dêr grutsk op. Ik net.

Wêr’t ik my fan ‘e wike alderferskuorrendst oan steurd haw is it sawat evangelyske en yn de media breed útdroegen boadskip dat ALLE en yn in inkeld gefal 95% fan de Friezen efter it doel fan de aksje steane dêr’t de rjochtsaak oer giet. Hawwe se dêr in referindum oer holden of sa? Yn Breesândyk?

Moat ik it der om Fries bliuwe te meien mei iens wêze dat dizze dwazen ‘fersetshelden’ neamd wurde? Ik wit yn myn eigen hûs wêr’t ûnderdûkers skûle hawwe. Ik wit dat ús pake en beppe evakuees hân hawwe. Ik wit dat oare pake en beppe ûnderdûkers yn ‘e hûs hiene. Dy ûnderdûkers ha ik sels noch mei praat. Ik ha sjoen hoe’t ús omke yn syn bernskes folslein werom gie yn dat leed en fan ’t sintrum rekke troch dyselde oarloch.

En dan hawwe se it hjir oer fersetshelden? Dat binne dan grif guon dy’t a) sels noch nea wat meimakke hawwe, b) fan gjin skiednis witte wolle en c) dêrom dus sa alderheislikste dom bleaun binne dat se der gjin aan fan hawwe wat dat wurd eins betsjut. Sie haben es nicht gewußt.

Blynkapen foar want tradysje is tradysje. En dus blokkearje wy de sneldyk.

Oft jo bern op syn fytske efter de bus fan buorman stiet en dy rydt der efterút oerhinne dan is dat in ûngemak en ik tink dat dat juridysk besjoen buorman syn skuld dan is. Oft jo jo nocht efkes hawwe fan jo skriemend bern en dat yn de bernewein yn it skaad efter buorman syn bus sette en dy rydt der efterút oerhinne, is dat dan ek in ûngemak?

Oant safier it delikt blokkade. En nee, ek net elk dy’t troch it reade ljocht kachelet krijt in bekeuring.

Se woene bern yn beskerming nimme. Hokker bern? Alle bern? Ha se sels eins wol bern? Sille se no ek by alle fuotbalwedstriden del dêr’t mâltjirgjende smokende heiten en memmen tige tradisjoneel oan de kant steane te balten?

Dan de tradysje sels dy’t beskerme wurde moat. Yn de tradysje sa’t dy my bybrocht is moat Swarte Pyt in mislik keardeltsje wêze dy’t alle saken dy’t jo ferkeard dien hawwe fuortendaliks ôfstraft, jo yn de sek stoppet en as dat net goed wol jo earst yninoar huft mei in heale beam. Dêr is allinnich oan te ûntkommen oft Sinteklaes fan doel is jo yn beskerming te nimmen. Sinteklaes ja, net Sinteklaas. Dy tradysje is net it aldermeaste fan oerbleaun oft ik de taferielen fan de lêste jierren skôgje en wat dy tradysje fan Sinteklaes oanbelanget, dy is om it hoekje holpen troch wol sa’n behyplike minderheid dat it foltallige Fryske leger fersetshelden dy minderheid net iens fine koe.

Ik kin hjir sa in hiele list tradysjes opleppelje dy’t der net mear binne of ferfongen binne troch oare. Mar dy bewarje ik foar Feestboek.

Wat ik fan ‘e wike ek justjes te faak heard haw: “Wy binne gjin rassisten”. Nee, dat is ek daliks gjin nijs dat jo yn de krante sette of de social media opslingerje. En no sille jim my net sizzen hearre dat it allegearre rassisten binne mar oft jo jo deljouwe oan in stamtafel of op in jierdeibesite mei allinnich blau-eagjende wytkoppen dan soe ik daliks net útslute wolle dat jo ta in hiel oare analize komme as dy dy’t polityk-maatskiplik korrekt is. Fansels feroaret der oan sa’n stamtafel ek wolris immen fan miening. Dat kin bygelyks komme om’t ien seit: “Hee, slacht dy jonge fan dy mei in swarten om?” Wat jo dan op syn bêst krije, is dit: “Ja, mar der binne ek wol goeden hear.”

No, dat is moai. Mar oft dy “goede” dan goed en wol akseptearre en yn de klup opnommen is dan is dyselde “goede” yn in oare foar him noch net bekende rûnte fansels gewoan wer “sa’n swarten”. Stamtafelgasten en famyljefierders geane frij fier yn harren oardiel. Se hoege mar immen mei in wat oar uterlik yn in knappe auto te sjen dan is dy auto stellen of yn alle gefallen net sels betelle.

Ik bin dan ek bang dat der hjir wol deeglik in besykjen west hat dat rassisme ûnder it mom fan it beskermjen fan bern en tradysje ûnder it swilk te feien. En dêr wurde de delikten blokkade en it ûntnimmen fan it rjocht op demonstraasje allinnich mar noch slimmer troch. Mei dy analize meitsje ik gjin freonen en sil ik ek wol gjin Fries mear wêze.

Dat is dan net oars.

One comment on “Dat is dan net oars

  1. Eddy Drost 12 oktober 2018 23:55

    Jo ha grut gelyk Daam.
    Debielen binne it.
    De domste debielen wurkje by de Omrop!
    De âlder domste debielen binne WIM ANKER en TJALLING VAN DER GOOT dy’t foar dizze faksisten oant wurk binne!

Comments are closed.