Wy moatte pinguins ha

De publike opiny wurdt beynfloede, sei de minister fan oarloch hjoed. Ja, dat tink ik ek. Dan binne wy dat teminsten iens.

Der komt in itensbosk. Want, sa hat bliken dien, de boeren hawwe alles wat natuer wie nadere en dat is och sa dom want de natuer jout út himsels genôch op om genôch winst te meitsjen. Yn dy bosk groeie en bloeie wol sa’n 450 soarten ytbere planten. Ik ha se net allegearre ûntholden mar sineeske mahoanje-oalje wie der ek by. Ik soe sa gau net witte wat jo dêr mei kinne mar in ferfanger foar molke liket it my daliks net ta.

Mar goed, sa’n hektare bosk smyt folle mear op as in hektare ierdappels want yn sa’n bosk wurkje se yn lagen. Earst hawwe jo it guod deun by de grûn (bûterblommen tink ik, foar de boskbûter), dan strewelleguod mei beien en noch wer wat heger nuteboel. De sjef-kok kin der werklik te kust en te keur. Jo hoege yn dy bosk gjin fergif te brûken, der binne gjin sykten en de bistjeboel hâldt it systeem wakker op oarder.

De provinsje dêre (ik miende fan Gelderlân, mar it kin ek Brabân wêze) is wakker wiis mei it projekt en sil it fansels ek finansjeel skewiele sadat it de skonken noch wer wat better ûnder it gat krije kin. Boppedat binne wy mei ús allen sa njonkelytsen wol sa bot yndoktrinearre dat dit de iennichste wei liket om de natuer syn gerak wer te jaan. De publike opiny sil dan ek wol wêze dat it allegearre sa treflik as wat is, benammen ek om’t Nieuwsuur der wol in kertier op omeamele.

Se ferjitte allinnich ien ding, of eins twa. Yn it foarste plak binne wy net allegearre sjef-kok. As ik nei my sels sjoch dan rêd ik it echt noch wol op om de reade koal yn in sipel mei ketjap te smoaren mar oft se my mei sineeske mahoanje-oalje oansetten komme dan is de kâns frij grut dat ik dat yn de benzinetenk fan de auto kiperje om fossylfrij ride te kinnen.

Yn it twadde plak binne it allinnich bobo’s dy’t nei dy sjef-kok ta geane te skrânzgjen en de bontsjes fan dy fretterij bedarje by de administraasje sadat wy dat mei ús allen betelje. Sjoch: dan begryp ik wol dat dy sjef-kok wakker wiis mei dat bosk is en ek wol dat de boskwachter mei dat guod folle better troch de tiid komme kin as in boer mei in stikmannich kij.

Yn Fryslân is op in pear hoekjes nei hielendal gjin bosk en dat hat der ek nea west. Mar neffens de minister binne wy nayf as wy tinke dat it allegearre sa wol goed giet. No, plantsje hjir dan mar wat pinguins del. Dy hearre no ienkear ek by de natuer. En ik tink dat dy och sa goed binne yn it korrisjearjen fan de opiny fan bobo’s.

Wêrom? Om’t dy sjef-kok dan seit: sorry, fan ‘e wike gjin fisk.