Allimintaasje

Ik ken in Fryske skriuwer dy’t hieltyd mar seit dat 2018 in kultureel rampjier is en dat er bliid wêze sil dat dat jier om is. Der wie fan ‘e wike ek al in skriuwer dy’t it net mooglik achte in orgasme te krijen sûnder in behoarlike ynlieding. En der wie in skriuwster dy’t mei in moai soad punten ta ferbettering oansetten kaam, tsjin better witten yn, mar dat binne myn wurden.

Sjoch: de ynstituten ha der gjin inkeld belang by dat it Frysk de fuotten ûnder it gat krijt. Se brûke it Frysk allinnich noch as jildkraan. En salang’t de polityk dat net witte wol bliuwt dat sa. Ik nim teminsten net oan dat dy ynstituten sels mei dat nijs nei bûten komme sille.

Underwilens is dúdlik wat de legacy fan it rampjier wêze sil as it om de Fryske sinteraasje giet. De hiele bliksemse binde sil op ekskurzje want der binne gâns kontakten lein ûnder de skelk fan mem. Dat mei dy orgasmes liket dus in slach ta te fallen al is de kâns net botte grut dat dêr folbloed Friezen fan komme sille.

Mar goed, om’t se dy bern oanset hawwe moatte se dêr ek allimintaasje foar betelje fansels. Dat no sille se yn ‘e mande by dat krobbeguod del. Ik wit fansels net hoe need it gien is mei de seks mar oft se yn elk lân no trije wylden om hawwe te rinnen dan kom ik op 264. Oft jo dêr in bytsje bining mei hawwe sille, hoefolle dagen jiers binne jo dan kwyt?

No ja, it sil allegearre wol goed komme. Gelokkich kinne jo om utens ek wol digitaal jildkranen oanstjoere. Benammen oft jo der yn sette dat se no oer de hiele wrâld Bokwerters leare sille. En nee: dy ‘t’ is gjin fersin fan my. Mar krantsje dat mar net troch oan de polityk want dan krije se faaks foar it snotsje hoe’t it no werklik sit. Ek al wolle se dat dus net witte.

Wêrom eins net?