Fryske famkes op Turkske pimels

Se binne wakker oer de Breksit oan it praten. Hoe’t dat hjoed beteare sil witte wy noch net. Faaks wol oft ik dit bloch klear ha mar dy sin hjirfoar stiet der no en dat kin dan net mear oars. Dy Breksit skynt in och sa yngewikkeld probleem te wêzen.

It kin lykwols ek in stik ienfâldiger, de Italjanen witte krekt hoe’t soks moat. No ha dy fansels ek pizza’s en wyn as wikseljild en dat ha de Britten net. Wy soene dat nammers ek net hawwe want wy hawwe allinnich mar dong. Dong kinne jo net in soad mei. It kin wol op greide en boulân mar net op ‘e dyk en krekt fan dy lêste sitte wy mei gâns in oerskot.

Dat oerskot is wol sa ferskuorrende grut dat 100.000 Friezen (dat binne se allegearre dus) dêr it ôfrûne jier op de meast útwrydske ferfiersmiddels oerhinne karke binne. En om’t dat hjirre sa’n grut súkses wie sille yn 2020 ek alle Grinzers en Drinten meidwaan. Se ha net sein op hoefolle lju dat dan komt mar it giet dan om trije fan de tolve provinsjes dat it sil wol gau om 4,5 miljoen lju gean. Ta ferheging fan de feestfreugde sille dyselden dat jier ek plestikfrij libje, wol de grutte foaroanman Bouwe hawwe. Ik soe dan no hast mar ris begjinne de âld sok op te foljen want plestikfrij libje hat sa syn beheinings. It is net te hoopjen dat wy yn de tuskentiid oergeane fan de Euro op de Bitcoin want dan kin dy âld sok wol op de barbeknoei. Dat is wol goed foar it fossylfrije gefoel fansels.

Oft jo teminsten yn in gemeente wenje dêr’t de boargemaster dat lije wol. It soe samar sa wêze kinne dat dat net sa is want dy man sa’t er der no sit sil út de grûnwet reage wurde om’t wy hjirre net demokratysk genôch binne. Dy man, of dat wiif fansels, moat dus troch de boarger keazen wurde en wol streekrjocht. Yn ‘e praktyk wurdt er no ek al keazen want hy moat sollisitearje en de riedsleden stelle dan ien as d’oare kommisje oan dy’t neat sizze mei mar dat meast al docht en dan moat Arno sizze dat it goed is. Dat docht Arno eins altyd wol mar dat hat it folk net foar it snotsje.

Oft it safier is dan hoopje ik dat wy te uzes in tige Frysk-minded zjender krije dy’t ek bot foar de Fryske kultuer is. Dan kin it Sjûkelân lang om let ris oerkape wurde want it wetterskip hat oanjûn dat it yn it slimste gefal wolris sa wêze kin dat it dêr in sompe wurdt en dat kin dy Fryske tradysje net mear ferneare. En oft jo foar tradysjes binne dan moatte jo der ek alles oan dwaan om dy te behâlden. Dat fine alle Friezen. Sa’n boargemaster moatte wy dus ek ha.

Op It Hearrenfean binne se yn dat tinken al in stik fierder. Dêr wolle se mei it each op de prognoazes fan it wetterskip skûtsjesile op de A32. Faaks kinne se dêr op Piet stimme want iis is ek samar wer wetter en dan moatte jo eins immen hawwe dy’t dêr doel oer hat.

It sille tige libbene ferkiezingskampanjes wurde, dat kinne jo fan tinken wol hawwe. Yn it aldermoaiste gefal krije jo immen dy’t noch in pear sinten oer hat en in folslein Frysktalige spot yninoar nifelje lit dy’t dan alle healoeren op Oes Omroep, Oes Taal te hearren is. Wat mei Hup Sûpengrottenbrij op de wize fan it Frysk folksliet of sa.

Of wat mei Fryske famkes op Turkske pimels. Mar hoe’t dat sit moatte jim mar neilêze by de ferkiezingskampanje op de side fan de djipfriezen. It giet my need genôch om dat hjir út te lizzen mar blykber koe it troch de sensuer dy’t se sizze net te hawwen…