De lansearynrjochting

Wy libje yn in tige ferrassend lân. Sa hat krekt bliken dien dat de alkoholkonsumpsje mei 19% ôfnommen is. En dat noch foardat it previnsje-akkoart dat der op ta wol dat wy net mear drinke meie dêr wêr’t bern oan it sporten binne. No hat myn buorman hjir in soartemint fan sportkompleks foar de bern sawat deun by my foar de ruten ynrjochte dat dat fleske bier yn ‘e tún sil wol oergean moatte. Of it moat wêze dat se krekt efkes oan it eppen binne, dan mei it tink ik wol.

Dy alkoholôfname is foar it meastepart te tankjen oan de NIX18-wet, wolle de ûndersiken ús leauwe litte. Dat komt der dan dus op del dat de jongerein fan 16-18 yn it ferline it fyfde part fan alle drank opsûpte. Ik wit net wa’t dat leauwe wol, mar ik net.

In oare ferrassing kaam hjoed. Der is wat mei fjoerwurk. In totaalferbod is mislearre dat dan moatte jo wat betinke. Ik bin nammers net foar in totaalferbod mar ik bin der al foar dat guon dy’t dat guod ôfstekke op oare dagen as 31 desimber en 1 jannewaris tenei dy oare 363 dagen fan it jier fêstset wurde. Op dy beide oare dagen bin ik nammers tsjin bommen mar wol foar slepen en nijjier ôfwinnen. Dy lêste tradysjes binne de Friezen lykwols mei opholden omdat Friezen no ienkear och sa foar Fryske tradysjes binne.

Der is lykwols fêststeld dat fjoerwurk gefaarlik is. Dat is fansels flauwekul, fjoerwurk is hielendal net gefaarlik. Minsken sûnder ferstân binne gefaarlik.

Sokke fjoerpylken moatte jo gewoan yn in bierfleske mei in boaiemke sân sette. Giet noait wat mis mei en dat bierfleske kin nei gebrûk kreas wer yn it krat fanwege it staasjejild. Nederlanners binne deune kringen dat dy sûpe wier earst it bier wol út dat fleske en hoedzje en noedzje datselde fleske dêrnei echt wol. En dat protsje sân spiele omke Hein en muoike Grol der wol út.

Mar nee, ien as d’oare professoareklup hat betocht dat der lansearynrjochtingen komme moatte. En jo kinne tenei allinnich noch fjoerwurk keapje as jo der sa’n ding by oantuge. Fjoerwurk ôfstekke sûnder sa’n ding te brûken wurdt ferbean. Ik wit net wa’t dat kontrolearje sil mar faaks is it wat om it ferplicht te stellen dat elke lansearring live folge wurde kin op bygelyks Feestboek. Dan ha jo ek daliks it bewiismateriaal by de hân.

Wat bart der no is der immen mei syn grutte platpoaten op dy krekt brûkte ynrjochting stean giet en jo noch in tas fol pylken hawwe? Is it feest dan oer of moatte jo de ynrjochting fan buorman dan hiere? En wêr wurdt dy rotsoai fan makke? Fan plestik dat de seehûnen útkoarre hawwe?

En wa sil dy troep oprêde? Of komt der in tsjip yn mei it BSN-nûmer fan de eigner? Of kinne jo der nei gebrûk in broadsje-sûn fan meitsje of op syn minst patat fan bakke? Of wurde der skroefkes bylevere sadat de bern dy’t neat op Sinteklaas krigen hawwe it noch brûke kinne as Mekano?

Ik tink it allegearre net. Fierder as dat it in optinksel is fan minsken sûnder ferstân kom ik net.