Seeljippen

It is de tiid wer. It wurdt middeis al net mear earder tsjuster en dat is in grutte deugd. Dat betsjut dus tagelyk dat it jier wer om is al sitte wy noch wol midden yn de horrorwinter. It wie in tige freugdefol jier op in inkeld minpuntsje nei.

Wy ha it hiele jier simmer hân, wy hoegden suver net te meanen en om’t buorman de hage fan ’t maitiid knipte hoegde ik yn de neisimmer net want it ding barbeknoeide de hiele simmer troch en dêr groeie jo net fan. Ik ha ek trije nachten bûtendoar sliept en it heucht my net dat ik dat earder prestearre haw. It wie dus oer alle boegen in topsimmer, de sinne wie leau ik ek lichter as oars. Of yn alle gefallen net swier.

Kult besjoen wie it ek top. Wy hoegden foar Sineeske en oare ôflandige keunst de doar suver net iens út, it waaide ús sa yn ‘e hals. Dat wy soks noch meimeitsje meie is yn ien wurd ‘geweldich’. ‘Bjusterbaarlik’ is faaks Frysker mar dat is minder funnich en wy Friezen binne o sa fan de fun. Topfun dan benammen. Oft Fryske keunstners har no ek ris wat talizze op wat oars as Hylper en Makkumer smarderij of gers op peallen dan sieten wy hjir ek net mear mei djoer ûnderhâld. Mar it ôfrûne jier binne tige treflike oansetten jûn om de goede kant út te skarreljen. Dat moat fansels ek sein wurde fan Nynke Subsydzje en Sytze Pongslach. It wie top, top en supertop. Alle Fryske hoarsen wrinzgen der fan en wiene altyd om seis oere thús, op ‘e rin of net. Sels de ljippen wiene sa breinroer dat se massaal it ‘Gryt, o Gryt!’ ynsetten. Taal ferbynt!!! Obe begûn der Papiamintsk fan te praten en it hiele tsjerkhôf stie alle dagen fol mei miljoenen jubeltaligen dy’t op de Aldehou ynpraten om beleaven de âld bealch wer te rjochtsjen. By Oes Omroep Oes Taal waarden ‘daders’ al binnen de seis oeren omtsjoend ta ‘dieders’ sadat dy ek foar seizen wer út it sicht fan de Blokhûspoarte ferdwûnen. By de Afûk kealle it swierder, dêr binne se noch hieltyd ‘Underwijs’. Tony Feitsma soe wol sizze: ‘Jim hawwe it mar drok’. Of sei se dat in jier as tritich lyn? Dêr wol ik efkes ôf wêze. Mar it is wis dat se in hiel soad sein hat. Altyd wol 171.000 dingen. Faaks kin dat as in soarte fan leggussy ris ûndersocht wurde. Fierder hat it Frysk as taal syn gerak it ôfrûne jier o sa krigen. Sels yn de neifilm fan de kultoerelen sieten yn de wol fjouwer Fryske wurden mar ien flater. Dêr soe sels André Looijenga dy’t oars withoefaak it Grut Frysk Diktee wûn hat wol oan hawwe. It Frysk krijt status! No trochsette fansels. Dongtime!!! Holy shit, dat is funny!

Der wie ek in lyts minpuntsje fan ’t jier en dat giet oer de media. De Russen goaie ús hjir plat mei falske berjochten en gedrage har fierder ek net al te bêst. Boeren ek net mar dêr giet it no net oer. Mar dy Russen dogge it sa alderheislikste idioat dat wy no wol 15 hiele djoere fleandingen en ek noch kanonnestints oantuge moatte om dy dwazen yn ‘e stokken te hâlden. Om Trump hoecht soks sa healwiis net, dy is it al lang goed oft wy in giel jaske oan dogge mar Trump is de baas hjir net fansels.

Dat sil allegearre bêst sa wêze mar lis my earst mar ris út wêrom’t ik 6 a 7 bûtenlânske boarnen rieplachtsje moat om sekuer oan de weet te kommen wat der yn Thailân te rêden is. Oft de Hollânsktalige media der net iens yn slagget om oan in foto te sjen dat dat nepnijs is wylst jo dat yn de earste de bêste eachopslach fêststelle kinne en de iene krante seit dat de jonges baas swimmers binne wylst de oare úthâldt dat se op it droege noch fersûpe, wêrom moat ik al it oare dat se skriuwe dan al leauwe?

En wêrom moat ik dan leauwe dat it sa’n reuseftich jier wie? Omdat ik tsjin de Russen wêze moat? Tsjin Sineeske keunst? Tsjin oarstalige muzyk? Tsjin swarten útsein tsjin Swarte Pyt?

Ik bin hielendal net tsjin Swarte Pyt. En ek net tsjin swarten. Net tsjin oarstalige muzyk, net tsjin Sineeske keunst en ek net tsjin Russen.

Ik bin tsjin Oeds Klau-yn, Nynke Subsydzje, Sytze Pongslach en oare piramidebetwingers dy’t ús sa sêd fuorje mei nepnijs dat de measte lju der mar gjin bek mear op sette om mar net koarje te hoegen. En dus dat piramidemodel yn stân hâlde.

Spitich, mar sa leit it klimaat der no ienkear hinne. Mar gjin noed, de seeljippen sille it ‘Gryt, o Gryt!’ noch wol sjonge oft Ids syn seadden noch krekt boppe wetter útstekke.

One comment on “Seeljippen

  1. Eddy Drost 16 desimber 2018 14:49

    Moai stikje Daam!!!

Comments are closed.