Ik bin ik
Wat is dat foar baarlike nonsens dat ik my fan ’e moarn by it stimburo legitimearje moast? Ik ha dy froulju dêr nuver it mannewaar opsein. Dy froulju binne: Mineke, Siets en Jantsje. Yn it politike fjild steane se respektivelik foar PvdA, FNP en CDA. Mar dat docht der eins hielendal net ta. De trijekaart siet krekt oan de kofje doe’t ik der yn kaam. En se seine ek alle trije sawat tagelyk sokssawat as: ‘Ah, Daam’. Se wisten dus hiel goed wa’t ik bin.
Ik bin net moarnsk mar dat waard ik al doe’t de foarsitster my om it legitimaasjebewiis frege. Mineke ken my fansels ferrekte goed. Haw hiel yntinsyf mailkontakt mei har oer doarpsfyzjes, websiden en al soksoarte fan bestjoerlik ûnrant mear. En dan drink ik ek wolris in bierke by har. Dat praat nofliker. Siets ken my ûnder oaren fan it wurk. Fan Tomke om krekt te gean. Siets wit dan ek ferdomde goed dat Romke fan Tomke nei de Bitgumer Romke neamd is en dat ik dat betocht ha. Siets sit boppedat yn it bestjoer fan deselde krite dêr’t ik krekt dêrfoar jierren fan yn it bestjoer sitten ha. Goed, ik woe dy krite opdûke en sy net mar dêrom bliuw ik noch wol wa’t ik bin. Jantsje wit as gjin oar dat ik net mear by har yn tsjerke kom. Boppedat fyts ik alle moarnen foar har hûs lâns. Har man rint op krukken, se hat in soan en in dochter.
En dat folk wol dan ynienen dat ik my legitimearje. It liket hjir ferdomme wol oarlochstiid. Mei in hiel soad bangeskiters dy’t har ûnder it jok fan de besetter deljouwe.
En dat ha ik dus eins ek in bytsje dien. Dat hie net wêze moatten. De oare kear nim ik sjitark mei.