Smoar der net yn

It nije jier is al wer efkes ûnderweis dat oft jo noch mei de bêste winsken oankomme wolle moat dat no ek hast wêze. No, de bêste winsken dus mar foar elk dy’t it ôfrûne jier oerlibbe hat. Foar oaren hat soks minder doel dat dat moat mar net. Ik ha begrepen dat de haven op Lauwerseach tsjinnet as oanfierpunt fan frijwat yllegaal spul mar dat hoecht de dyk fierder net oer. Boppedat ha ús misdiedsjoernalisten it op it stuit oeribele drok dat ik tink net dat dy soks der by ha kinne.

Wat in o heden mei dat skip net? It wie it grutste kontenerskip fan de wrâld, der koene wol 42.000 konteners op. Earjuster teminsten. It ding moat troch de klap behoarlik lytser wurden wêze want sa’t it no liket passe der noch mar 19.000 op. Dan is it altyd noch wol ien fan de grutsten fansels.

It wie al spitich dat dat boatsje krekt yn in wintertwirre bedarre want doe rûgelen der samar in pear konteners ôf. No ja, net in pear mar in stik as tritich. Dat is op in pear hannen net iens te tellen, moatte jo ris neigean hoe’t it lykje soe as der 270 it romme sop keazen hiene. Of 277. Dan moat de rekkenmasine der hast by.

En as spile de duvel der mei, yn al dy konteners sieten ferspraat oer trije ek presys 270 sekken net al te freonlik guod. Dat binne sekken fan 25 kilo. Dêr kinne jim jim faaks net it measte by foarstelle want de measten fan jim sille noch wol nea in frachtwein laden ha mei 800 baal ierdappels mar foar wa’t dêr al in byld by hat dy sil wol betinke kinne dat der foar 270 fiifentweintich-kilo-sekken gjin trije konteners nedich binne. It blykt dan ek om 1 te gean mar safier binne de measte misdiedsjoernalisten noch net mei it ûndersyk.

It is fansels allegearre o sa slim. En oft jo ôfgeane op it gerop, geraas, gebalt en getjirch kin it eins net slimmer. Mar it is de fraach hielendal net oft it slim is. Fansels is it slim. De fraach is lykwols oft wy it ek slim fine.

En dat fine wy sa dúdlik as wat dus net. Oars wiene wy al lang opholden bern yn wit ik watfoar eksoatyske lannen allerhanne guod yninoar nifelje te litten om’t wy dat sa goedkeap mooglik hawwe wolle. Dy boat fear dêr allinnich mar om’t it foar dy bern gewoan te fier rinnen is. Dat is alles, yngewikkelder is it net. En om’t wy sels ek frijwat te beroerd binne om dat guod op ‘e fyts of mei it hoarse op te heljen bliuwt der net folle oars oer as sa’n boat.

En dan kinne wy no wol wakker mjekkerje dat it allegearre och sa slim is mar begjin dan earst mar ris josels de bealch fol te skellen. En hâldt asjeblyft op as te dwaan dat it in ramp is dêr’t sawat it hiele leger by ynset wurdt. It is klearebare kolder allegearre. Ik bin noch gjin nijsberjocht tsjinkommen dêr’t de krekte sifers yn steane en krekt op it stuit dat der wer immen âlet dat alle ljochten op read steane jakkeret der in boargemaster troch grien.

It iennichste leger dat yn syn hiele hear en fear útrukt is, is dat fan Oes Omroep, Oes Taal. Mar dat sil wol komme om’t se allegear sa smoar as wat it âld jier útkachele binne en dan binne jo fuortendaliks net wer by de les.

It is mar in boatsje. En ja, der leit hjir en dêr rotsoai dy’t dêr net heart te lizzen. Krekt as kobalt yn akku’s fan elektryske auto’s.

Mar ja, dêr geane gjin fisken oan dea. Allinnich in hantsjefol Kongoleeske bern. No ja, dat is suver de muoite net wurdich fansels.