De soep wordt niet…

Nashville. Yn al syn trystens dat der blykber noch in hiele kliber folk is dat krekt mient te witten wat God allegearre wol net bedoeld hat moast ik der ek om glimkje.

Want in aardich soad fan datsoarte folk is ek poer op drank, telefyzje en ynternet tsjin. Dêrom ha se dat yn it hok. Benammen yn Seelân, op ‘e Feluwe en mooglik ek yn Gaasterlân (en Drachten, Dokkum en Frjentsjer?). Wa wit wat der yn dy hokken allegearre noch mear bart?

Mar ik tink ek oan natuer- en klimaatgekken dy’t ienkear thús by de klippen op frette en de iene nei de oare fleanreis boeke nei de meast eksoatyske lannen.

En oan djip- en beropsfriezen dy’t yn eigen rûnte noch slimmer binne as de alderheidenske evangelist mar wêze kin.

Ik kin der dus om glimkje. Mar as ik besykje my te ferpleatsen yn in húshalding dêr’t net elk hetero is dan gong der al in brief op poaten nei de tsjerkeried.

En dêr soe ik dan wat yn sette oer it brede skoffele paad dat oanlein is oer frachten optochte teksten om op dy wize sa maklik mooglik by God komme te kinnen. En dan soe ik sizze dat wy as húshâlding efkes wat in omwei meitsje oer in smel paad dat faaks lestiger te gean is mar dêr’t jo yn alle gefallen de kâns net rinne dat elkenien elkenien de harsens ynslacht. En dat de kâns grut is dat dat paad bûten de tsjerklike struktueren om giet.

En dan soe ik tink ik ek efkes sizze dat it ‘Jou jim ôf en set bern oan’ twa-en-in-heal tûzen jier lyn faaks needsaaklik like om de wrâld fatsoenlik beärbeidzje te kinnen mar dat dat argumint no aardich efterhelle is.

En ik soe der tink ik ek yn sette dat it fansels jo eigen skuld net is as jo ûnfruchtber binne mar dat jo dan God de skuld net jaan moatte en him alhielendal net besykje moatte te besoademiterjen troch bern te adoptearjen. Benammen net as jo de ien of oare politike foarbyldfunksje hawwe.

Ik wit net wat ik der allegearre noch mear yn sette soe. Gelokkich sit ik net yn de posysje dat sa’n brief skreaun wurde moat.

O ja, dat sop út de titel wurdt sneons sean. Dan is it sneins te daaien. Want op snein meie jo net flokke.