Man, man, man!!! Ekstreem!!!!!

Juster ha wy ús jierlikse winterjûnenocht wer hân yn de tsjerke fan Bitgum. Op sneon dus. Oars ha wy dat altyd op freed mar wy seagen al hiel lang lyn oankommen dat op dy dei de horrorwinter krekt ta in klimaks komme soe en soks wolle jo net riskearje. No tinke jim fansels dat wy de waarplom goed yn ‘e gaten holden hawwe mar dat is net sa, ús beslút is fan folle earder datum. Boppedat is it net sa dat elk dy’t mar wat nei dy waarplom sjocht fuortendaliks in waarman is, neffens Piet Paulusma. Der komt folle mear by te sjen. It giet bygelyks ek om gefoel, logysk neitinken en de omjouwing yn ‘e gaten hâlde.

Jo moatte dus ek nei katten sjen. Ik sil dat fierder net útlizze want dan kin elk aanst wol waarman wurde en dat moatte wy net ha want de ekstreem fergese stjoertiid op Oes Omroep, Oes Taal sit no ienkear ek grinzen oan. Mar dy katten fertoanden nuveraardich gedrach, dat kin ik wol sizze.

En ôfrûne snein wie it al safier! Noch nea earder is yn de mjittings nei foaren kommen dat der in kat op de Blikfeart rûn mar dat wie no dus al sa. Dan ha jo it dus oer ekstremen want alles wat noch net earder eetten is, is ekstreem, dêr sil elk it wol oer iens wêze.

In pear dagen letter kaam der ek noch snie! Man, man, man, wat in snie!!! Wy koenen it gers hjir hast net iens mear sjen. It gers wie wyt! Wyt gers!!! It is ûnhuer, gers heart grien te wêzen! It wie hjir sels sa slim dat de buorjonge fan de alteraasje mei in iisfeimasine yn ‘e slach rekke. De jonge hat yn syn hiele skûterkarriêre noch nea safolle snie byinoar sjoen en hy koe dat kring de terp mar amper op krije. Op oare plakken moat it noch justjes mâler gongen wêze, dêr brochten de âldelju de pubers yn ‘e auto nei skoalle. En bejaarden huften bern nei de oare wrâld om’t dy mei dy snie boarten!!! Dat binne ekstremistyske ekstremen. It moat sa ekstreem west hawwe dat ’79 der neat by wie. No ha ik dat jier tafallich sels noch meimakke en yn myn belibbing wiene der doe ek in soarte fan dunen mar it is fansels faak sa dat jo it ferline wat moaier em ekstremer foarstelle as dat it werklik wie. Dêr moatte jo fansels net op ôfgean want dan kin elk wol histoarikus wurde.

Lang om let waard it fan ‘e wike dan tongersdei, de dei foar de grutte klimaks. Mar doe wie it al safier dat alle wetter út ‘e lucht stikken ferzen wie en dan hoege jo dus net mear te rútskraabjen. Want dêr’t gjin wetter is, komt ek gjin iis. Dy tak fan wittenskip moatte jo wol goed behearskje foardat jo josels mei goed fatsoen waarman neame kinne. En dat giet yndied in stik fierder as fêst te stellen dat yn ‘e aginda stiet dat 30 novimber west hat en jo dus alle dagen warskôgje moatte foar rútskraabjen. Sjoch: as elk mar wat yn dy aginda sit om te loeren dan kinne wy allegearre wol waarman wurde fansels.

En dan de grutte dei!!! It frear dat it klapte. De iisbaan lei wol 45 mm iis op dat alle katten wiene dy kant al út foar in gefjocht mar spitigernôch hie de Bistepartij dêr gau in boerd delspikere: baan ticht!!! Dat ha jo no ienkear mei dy ekstremisten. Dat wol fansels noch net sizze dat it net ekstreem wie want 45 mm iis is net samar wat. Sjoch mar ris no de iisklûntjes yn jo friezer, dy komme dêr lang net oan ta.

It frear hjir dat it ongele. De termometer fan de auto joech -5 oan mar dy sit dan wol deun by in waarme motor en dat fertekenet it byld. Net elk dy’t op ‘e termometer sjocht is fansels fuortendaliks ek waarman. Nee, it wie folle ekstremer. It waarstasjon yn Ljouwert joech oan dat it op it kâldste stuit fan dizze horrorwinter -6,6 wie!!! Dat is mear as seis-en-in-heale graad UNDER (ûnder!!!) nul.

Moatte jo dat ris yn jo omgean litte. Mear as 6,5 graadsjes!!! It is ûnhuer!!!! It is alderferskuorrendst!!!!! It is ekstreem!!!!!! It ferstân stiet jo der stil fan!!!!!!!!!!

En dat die ek wol bliken. It frear net allinnich dat it klapte mar de auto’s klapten mei!!!!!! It wie in geklap fan komsa. Man, man, man, wat in geklap. En mar frieze en mar frieze. En frieze!!! Minske noch oan ta, wat frear it. Ik tink dat it hjir yn ieuwen net sa bot ferzen hat. Sa bot frear it.

No, ik bin moai bliid dat wy dy horrorwinter goed op ‘e tiid oankommen sjoen hawwe. Oars hiene wy mar moai mei ferferzen klanken of sa sitten.

Al hiene de mannen fan Hjirris dêr ek grif wol wer mei rêden. Dizze fiifmansformaasje giet gewoan earne stean, hoege gjin mikrofoanen en oare heechsteande technyske wûnderbaarlikheden. It klinkt allegearre as in klok, se nimme it publyk mei en meitsje der gewoan in feest fan. Op ’t lêst wie it al sa fier dat it gongpaad tsjinne as dûnsflier. In oanrieder.

One comment on “Man, man, man!!! Ekstreem!!!!!

  1. Eddy Drost 27 jannewaris 2019 23:54

    Tsja Daam, ha jo al wer de gek mei Oes Omrop.
    Ik sjoch dat dochs wat oars.
    Wy moatte net te gau ferjitte dat benammen Caparis, Omrop Fryslân en Empatec in sosjale funksje ha yn ‘e mienskip. Minsken dy’t earne oars net oan ‘e bak komme, kinne dêr noch oan’t wurk. In goede saak.
    De minsken wurde mei in buske ophelle en wer thús brocht. Ik mei it buske graach riden sjen. Karen Bies en Simone Scheffer sitte altiten op it foarste bankje links en sjogge tige op skik ta it rút út. Rene Koster boartet meastentiids foar kondukteur. Swart petsje op ‘e holle, grutte tas foar de búk en kaartsjes knippe. Krekt echt!
    Tsja, en dan Piet Paulusma. Dy sit ek yn ‘e bus. De grutte waarman. Midden yn dizze ‘horrorwinter’ dy’t er al novimber oankundige. De man is een sjenie! Hy sit achter yn ‘e bus. De gerdyntjes ticht. Hy doart de ‘warzone’ yn ‘e strjitten net oan de sjen. De grutte waarman hat seis truien en seis jassen oan. At it buske by de Omrop arrivearre is duorret it in oere ear’t sy him mei man en macht troch de doar fan de bus helle ha.

Comments are closed.