SBS komt mei waarberjocht

Net faak is it sa dat goed nijs yn in omsjoch wrâldnijs wurdt. Mar hjoed makken wy dat fenomeen mei dat jo moatte net útslute dat ik yn ‘e takomst ris nei SBS sjen sil. Want it gefal wol dat SBS fan doel is om mei in waarberjocht te kommen. En ik moat sizze dat der net in soad is dat my moaier taliket as in waarberjocht. Hulde oan SBS. Ik hoopje eins dat it in sniebaleffekt feroarsaakje sil.

Want dan komt Oes Omroep, Oes Taal aanst foar ’t neist ek wol mei in waarberjocht. Ienkear deis, om healwei ienen of sa. It hoecht net lang, 50 tellen moat it wol mei ta kinne, sa grut is Fryslân net. En dan gewoan yn it Frysk fansels, oars past it net by de subsdyzje-oanfraach. Der moat grif wol immen te finen wêze dy’t in bytsje doel oer it waar hat en ek noch knap Frysk prate kin. Jo kinne der ek in duo fan meitsje: immen mei doel oer it waar en in oaren dy’t it dan presintearret.

En om’t der al djipgeand oparbeidzjen mei de NOS op kommendewei is, tocht ik fuortendaliks oan Habtamu. Dy is ek al presintator by it jeugdsjoernaal en sa’n sân jier lyn seach ik al dat er ek geweldich aktearje kin. Mar no lies ik juster op it webstee fan Oes Omroep, Oes Taal dat der mei Habtamu ien grut probleem is: hy sjocht der absolút net Frysk út. No ja, oft se dat by Oes Omroep, Oes Taal sizze dan sil dat wol sa wêze en ik bin bang dat wy gjin ynsage krije yn de profylsketsskriuwsels dy’t se dêr hawwe. Mooglik binne dy ek wol like geheim as noch net publisearre âlde opfandele manuskripten fan Hitler. Soks moat de dyk net oer fansels, dan wurdt it bargebiten.

Mar jo moatte der wol Frysk útsjen fansels, oars komt de stoom de Oes Omroepers, Oes Talers út ‘e earen. Dat wie fan ’t simmer ek al sa doe’t se in fraachpetearke hiene mei de mobile fytsmakker dy’t se troffen by de fytsalvestêdetocht. Dat wie Sanchez. Unfrysker as Sanchez kinne jo der neffens Oes Omroep, Oes Taal eins net útsjen dat de Omroeper smoarde der hast yn want dy man prate ek noch Frysk! Dat jo it eins net folle Frysker krije kinne as Habtamu en Sanchez komt net yn de tizekopkes fan de Omroepers op fansels. Dat se mei har ûnsinnich geëamel heale folksstammen slim misledige ek net. Want jo moatte der wol Frysk útsjen fansels oars is it sa goed as ûnmooglik dat jo in Fries. Sorry Shila, sorry Mirjam, sorry Bouke, sorry Kuriad, sorry Njambi, sorry Rachel, sorry Rahul. Ik neam samar in stikmannich dy’t ik persoanlik ken. Al dy Friezen (dy’t nammers ek allegearre Frysk prate) set Oes Omroep, Oes Taal del as sa ûnfrysk as de neten. En dy komme dus ek allegearre net yn ‘e beneaming foar it waarberjocht. Jo kinne my suver net helliger krije as mei dizze fêststelling.

Ik wit dus eins net oft ik no noch wol safolle nocht oan in waarberjocht yn it Frysk op Oes Omroep, Oes Taal ha mar as ik it dan dochs oan guon tabetrouwe soe dan bliuwe der noch presys twa oer: John Havenga en Timo Jepkema, solo of as duo. Beide manlju prate gewoan Frysk en benammen rjocht op it stik oan dat dy moatte it wol rêde yn dy 50 tellen. En ik fertink har der net fan dat se komme sille mei healwize kwoots as soe de sinne leech wêze en dat wy fan ’t simmer ien of mear koartere of langere perioades ferwachtsje kinne dat de brêgen der út lizze. Dit lykje my fan dy mannen dy’t witte dat sokke ynformaasje net yn it waarberjocht thús heart mar yn de app fan de belestingtsjinst dêr’t ek yn byholden wurdt hoelang’t jo de motor oan hawwe om in beskaat trajekt ôf te lizzen sadat jo de CO2-útstjit in bytsje sekuer ôfrekkenje kinne. Mei de oantelening dat as bliken docht dat jo it efteropkommend ferkear yn it paad steane de tariven fertrijedûbele wurde.

Sa’n waarberjocht liket my geweldich. Dan krije jo dus: “It is fêst waar”, “It wol net reine”, “It bliuwt droech op ‘e hân”, “It is wikselfallach”. Prima, en dat se har der ek net mei bemuoie oft wy der al of net op út kinne. Want jo kinne der neffens Oes Omroep, Oes Taal-noarmen noch sa ûnfrysk útsjen, dat wol noch net sizze dat jo gjin ferstân hawwe. Timo en John hawwe dat tink ik wol foar it snotsje. En Habtamu en Sanchez ek.

Allinnich hawwe dy it net foar it sizzen. Dat ik bin bang dat dat waarberjocht der net komme sil. Want de media binne net sa fan goed nijs. Dy binne mear fan horror. En oft der gjin horror is of komme wol dan meitsje se it wol. Of se warskôgje yn alle gefallen dat der noch wol horror komme kin. Hjoed die Oes Omroep, Oes Taal it noch.

Want it folk moat benaud bliuwe. It folk moat om sizzen jaan. Befehl ist befehl.

Oant moarn! (oanwizing foar de rezjy: elk laket)