Cool. Wie it te ynsestueus?

Sil ik mar mei de tttelferklearring begjinne? Oars bliuwt soks mar hingjen en dêr hat sa goed as nimmen wat oan. De titel is in reaksje fan my op in ferslach op it Dark Web, justerjûn let. Dat wie in moai ferslach. 9 wurden. Yn njoggen wurden kinne jo in hiel soad sizze. It Dark Web is dêr by útstek geskikt foar en is dan ek in manjefike útfining.

Underwilens begjinne de ferslaggen ek op it wat tagonkliker part fan it web binnen te rûgeljen. Sels de LC skriuwt der oer op papier. De LC-sjoernalist hat dúdlik by in hiel oare gearkomste west as de webskriuwers. Der stiet hjoed dus nepnijs yn de LC.

En sa’t it yn Fryslân eins altyd giet binne der ek no wer lju dy’t yn kânsen tinke. En dan binne der wer kammeraden fan kammeraden fan kammeraden dy’t oer dat idee foaral fierder prate wolle. Dat betink ik net, dat is allegearre te lêzen op it feestboekweb. En mei al dy kammeraden is de kâns fansels frij grut dat de politike freonen dêr ek wol ljocht yn sjogge. Se sille de ynstituten grif earst ek efkes tantsje wolle. Fanwege de overhead.

Wat jo dan krije? Tichte Finsters. En dêrefter is it noch folle tsjusterder as op it Dark Web. Nimmen mei witte hoe’t it dêr om en ta giet. Sels LC-sjoernalisten net.

It is allegearre net sa goed te begripen, ik jou it ta. Mar sjoch it mar sa:

De lju dy’t oer Frysk en Fryske literatuer kedize? Dat binne de oerbliiuwsels fan Cambuur en It Hearrenfean nei’t alle amateurfuotbal ôfskaft is en se likegoed noch ferwachtsje dat der út it neat topskoppers ûntsteane. Der wurde nije stadions boud, de iene nei de oare direkteur kroadet frachten jild nei frou en bern en alle frijwilligers – ek wol supporters neamd – wurde oan de kant set.

Oant it finaal misbeteard. Dan wurdt de generaasje fan de takomst geweken nommen dat se net sa ûnnoazel wêze moatte te tinken dat fuotbaljen yn it echt itselde is as it koekeloeren nei it spultsje op ‘e telefoan.

Tsjin dy tiid sil der noch mar in inkeling wêze dy’t kontakt hat mei de live sportman dy’t dan ek noch genegen is wat út te lizzen oer de ins en outs fan it wiere spul. En hat soks dan noch wol doel? Of binne alle sportfjilden dan al lang nadere troch sinnepanielen?

Dy tastân is de Fryske literatuer no yn alle gefallen al yn bedarre. Dat ik mei suver wol bliid wêze dat ik noch wolris in ûnderhâldend en noflik petear mei de Dichter fan Fryslân haw dy’t my dan útleit hoe’t it der hjoeddedei foar stiet mei de omballingen, de spulregels en de VAR.