Ferkiezings

De ljip hat jonge. Net dat ik dêr by wie want in minske kin no ienkear net rûnom by wêze. Mar ik tink samar dat it in hiele grouwe pyk wurden is, want mear as seis dagen oer tiid. Dat hie net folle langer duorje moatten dan hie frou Thieme der ek noch op ta moatten om it bistje mei de keizersneed te heljen. Aldergelokst hoegde dat net, krekt no’t se wer in bytsje by sûpe en stút is.

Ik tocht efkes oan frou Thieme om’t der ferkiezings kommendeweis binne. En krekt Fryslân is tige goed yn it organisearjen fan ferkiezings. Ik tink net dat der in lân is dat der demokratysk sterker foar stiet as Fryslân. Dat seagen wy âldjiersjûn lêstlyn al en juster waard dat byld noch justjes kreazer nei foaren brocht. Ik moat earlik tajaan dat ik beide ferkiezingsjûnen net live folge ha en ik ha ek gjin gearfettings sjoen dat wat ik wit ha ik fan hearren en sizzen.

Neffens Flomke van der Walle fan Oes Omroep, Oes Taal wie it in prachtige ferkiezingsstriid. Wat hat al wat steurde wie dat guon it hieltyd sa ‘ranzig’ meitsje. Dat is fansels yndied och sa spitich, namstemear oft jo sels de taal as Omroeper sa yn it hert sletten hawwe. ‘Ranzig liket my gjin Frysk ta.

Neffens frou Thieme en oaren geane de ferkiezings dy’t der oan sitte te kommen oer it klimaat. Neffens my giet it der mear om oft jo it al of net goed fine in iisfontein fan sân ton del te skiten wylst it kring foar 460.000 eury yn de boeken stie en hoe’t jo der oer tinke om 5 miljoen te ynvestearjen yn in fuotbalklup dy’t op stjerren nei dea is. Mei as bykommende opbringst dat allerhanne besteande winkels de doarren ticht dwaan sille en hiele wenwiken dus ferplichte yn de auto moatte om dochs noch guod yn ‘e hûs te krijen. Dat binne mar in pear bedrachjes mar as ik gau rekkenje komt dat op sa’n € 17.000,— de basisskoalle. Ik wit net wat jo dêr allegearre foar dwaan kinne mar ien deidiel in byldzjend keunstner, ien deidiel in muzikant, ien deidiel in skriuwer, ien deidiel in klienkeunstner en ien deidiel in sportman útnoege moat foar dat bedrach hast wol te realisearjen wêze. Mooglik wolle guon foar dat jild ek wol in hiele dei komme. Ha jo samar in folslein kultureel-sportive wurkwike te pakken.

Mar ik sil wol mis wêze.

Mei ús allen ien dei yn ‘e wike gjin fleis ite wol frou Thieme hawwe. Dat jout itselde rendemint as 1,1 miljoen auto’s it lân út. Ik wit net wa’t dat útrekkene hat, faaks in kammeraat fan Mark Rutte. Mar goed, dy som kinne wy ek omdraaie: alle dagen in stikje fleis, 7,7 miljoen auto’s der út. Dat smyt net te min foardielen op. Gâns minder ferkearsslachtoffers (benammen oft it dizich is nei dagen dat de temperatueren sa’n 40 graden boppe horror leine), it foarkomt obesitas by skoalbern, it is goed foar de doarpskroech, foar de doarpswinkel, de waarme bakker, de grienteboer en de fytsmakker. Mei frou Thieme har plannen misse jo dat allegearre al is dat ek wer net sa slim want se lit de wetterkninen de seediken opromje dat ik tink net dat hjir oer in jier as tweintich dan noch minsken wenje.

Wy moatte ek fan it gas ôf. Dat is prima. Mar wy moatte dat neffens sawat alle politisy al ‘meemaken’ kinne. Dat wurd wurd ik sa njonkelytsen sa beroerd as in kat fan. Want de praktyk is dat partikulieren der yn smoare kinne en dat der miljoenen of faaks wol miljarden nei de wenningboustiftings geane dy’t dan letter dealeuk sizze dat se jo wente opwoutere hawwe en dus de hier omheech dogge. Dan ‘meemaken’ wy it dus twa kear. Of hielendal net.

Der steane in miljoen huzen op ynstoarten. Dat is mear as ien op ‘e tsien. Dat is goed slim. Hoe kin soks? No, dat komt net troch tegelbleken, dat komt net troch sok swier ferkear dat it diggelguod jo yn de kast stiet te musisearjen, dat komt net troch net al te snoade boukundige ynsichten dy’t krekt net fierder sjoen hawwe as de earste de bêste rekken dy’t de doar út kin. Dat komt net troch de droege simmer en dat komt ek net troch it aldermislikste opruiprogramma op ‘e tv dat der is: De Monitor. Dy soene hjir ek al ris mei in djipfryske, fakkeloptochtige skoalmaster yn ‘e slach mar dat is leau ik aldergeloks oerbettere. Krekt as frou Thieme, sis mar.

Nee, it komt troch de boeren. Want oft in boer yn Fryslân der in ko útlit nukke de huzen yn Rotterdam om. Der is gjin boer dy’t dat begripe wol mar dat is dus al sa.

Gas, fleis en boeren dus. Dêr giet it om. Dat jo sels in hiel soad rotsoai (mobyltjes, polyester boaten, surfplanken, navigaasje-apparatuer, kompjûters en wit ik wat al net mear) meitsje litte yn fiere oarden mei de meast freeslike gefolgen foar it klimaat docht hielendal net ta de saak.

De klimaatberntsjes seine it kreas: it gie net om dat hamburgerke dat se by de plestikgigant McDonals opfrieten, mar it gie om it gruttere gehiel.

Gas, fleis en boeren dus. No, ik bin der wol klear mei.