Grutsk? Ik skamje my dea!

By de audysjes waard in moai soad bagger oer ús útstoart. Ien fan de hypes liket te wêzen dat it wêzen fan homo, lesbienne of transgender hjoed-de-dei as talint beskôge wurdt. Ik soe sizze: ophâlde mei dy flauwekul, in minske is wat it is, dêr komt nul talint by om ‘e hoeke. Fierder wiene der noch wol aardich wat folwoeksenen dy’t harsels op ien as d’oare wize straal foar gek setten. Dat moatte se suver sels mar witte.

De earste beide heale finales wiene ek bepaald net frij fan net oan te glueren optredens, by de lêste beide wie dat in stik better. De finalekandidaten hiene it om my sawat allegearre wol winne kinnen mar sa wurket it no ienkear net. Wat my oanbelanget spriek it musisearjend bejaardeselskip my it measte oan. Ik ha no ienkear net folle mei opera en ek net mei jankfodden. In fioele mei ik wol oer mar leafst net in hiele jûn. It sil him wol oan my lizze mar nei in hoartsje krij ik dan altyd it gefoel dat der maartske katten yn it spul binne.

Dûnsjen ha ik alhielendal neat mei. Ik kin ek net dûnsje. De kear dat ik dat al besocht bedarre ik mei myn suster tusken it drumstel sawat by de drummer op skurte. Mar it wie wol in dûnser dy’t mei de winst fuort gong. En dêr ha ik wol frede mei want dit wiene sawat de iennichste kearen dat ik de ferhalen begriep dy’t mei dy dûnsen útbylde waarden. Jo moatte gâns talint hawwe om dat by my sa fier te krijen.

Ik begryp ek wol dat dy dûnser, de oare finalisten en de lju om harren hinne grutsk binne. Mar ik tink net dat se grutsk binne op dûnsjen, op opera of op jankfodden. Se binne grutsk op wat se dêr mei dogge.

Ik begryp dan ek net sa goed hoe’t Friezen sa grutsk op har taal wêze kinne. Taal as taal is in dea ding. Taal begjint earst te libjen as dêr moaie dingen mei dien wurde. Boeken skriuwe bygelyks. Binne Friezen – en yn it bysûnder fasilitearjende Friezen – dêr ek grutsk op? Dat blykt út neat.

As der aanst gjin Frysktalige boeken mear ferskine dan wurdt der nei ferrin fan tiid gjin Frysk mear skreaun as ambacht. sa’t jo wolle as keunst, dy’t de muoite wurdich binne en dêr’t jo dus grutsk op wêze kinne. En dan binne der ek gjin skriuwers mear.

Ik ha op dit stuit (mei tastimming fan de auteur) in kostlik stik ûnder hannen út 1998. It is it doel dat dat yn 2021 útfierd wurdt. It is útsoarte wat datearre want yn 1998 wie André Rieu noch wol om oan te hearren en dat is feroare. It stik moat dus aktualisearre en ek nei oare kontreien omskreaun wurde. Mar it stik is prachtich skreaun en sit fernimstich yninoar. Sa’n skriuwer út 1998 kinne jo dus wol grutsk op wêze. En ik hoopje aanst op de útfiering ek.

Mar dy grutskens fan de Friezen, dêr is wat mei. Ik seach freed in filmke. Neffens Feestboek wie dat doe al 246.000 kear besjoen en der wiene tûzenen reaksjes. No ha ik it measte betrouwen net yn de tellers fan Feestboek en YouTube want der is ek in magistrale Sineeske muzikant dy’t der sûnt desimber in filmke op hat en dat soe neffens YouTube no in kear as fjirtich besjoen wêze. Ja, daach!!!

Mar dat neamde filmke. Wy sjogge in frommes yn in restaurant dat de bestelling yn it Frysk docht. Dêr komt gebliksem fan. En dan litte se in man op klompen, mei in pompeblêdetrui en in militêre mûtse op útlizze wat de rjochten fan de Friezen binne.

Dêr grutsk op wêze? It is om jin dea te skamjen. En fan noch folle minder nivo as de alderberoerdste bydrage yn HGT.

Ik ha neat mei dat nasjonalistysk gedoch, ik ha neat mei blokkearfriezen en ik ha neat mei Oes Omroep, Oes Taal dêr’t it iene djiptepunt it oare jaget. En ik ha ek neat mei Friezen dy’t it wol goed fine dat de iene nei de oare stekker út it skreaune Frysk lutsen wurdt en tagelyk steane te feestfieren by in feestproduksje fan sifers dêr’t it bliken docht dat it Land van Taal 800.000 besikers hân hat. Sokken hawwe grif folk fan Feestboek en YouTube ynhierd.

Hoe stiet it der eins foar mei de Grutte Bartelkriiich, it Tekst-ta-flibe-prochje en de Kontenerstikkers? Dy middelste is ûnderwilens fan de webside fan de subsydzjefisker ferdwûn. Ik sis it mar efkes.