Boykot It hoantsje op ‘e toer & Fûgels

Wy skriuwe in wike nei it grutte trelit. It measte stof sil no wol sawat delkommen wêze mar hjir en dêr is noch in ferkiezingstwirre waar te nimmen en dan stoot de brot wer op. Guon tsjutte beskate groepen oan as dwazen, mar sa mâl moatte wy fansels net, wy binne in beskaafd folk. Mei hoflik taalgebrûk ek. Dat moat fansels al leare mar ús premier jout it goede foarbyld want dy hat it no oer ‘totaal onacceptabel’ wylst er in pear dagen earder syn eigen gedrach it stimpel ‘fuck’ noch meijoech. It moat in flotte learder wêze.

Ik wit ek net krekt wa’t wa no in dwaas neame moat. Der is yn alle gefallen in frij grutte groep dy’t de ferkiezing alderaaklikst misbûkt hat troch mei allerhanne saken oanskiten te kommen dy’t gjin byt mei Provinsjale Steaten te krijen hawwe. Oft jo dy dwazen by oare dwazen optelle dan skarrelje wy in moai ein op nei de hûndert persint.

Aldergeloks ha wy dit wer hân en kinne wy ús dwaande hâlde mei de echt wichtige saken. Dêrom bin ik hjoed fannijs yn ‘e kunde kommen mei in pear slim ferfaarlik eagjende hûnen. It lêste treffen wie al fan langer as in jier lyn en om foar te kommen dat se moarn al te natuerlik gedrach fertoane as de baas sels der net by is like dat in ferstannige set. Se wiene och sa bliid dat de kâns dat dit it lêste bloch is om’t se my moarn fearnje is in stik lytser wurden. Dat hoopje ik teminsten al kin it likegoed noch wol wêze dat se my foar in waskbear of sa oansjogge en yn ‘e stress sjitte. Jo moatte bisten eins noait stress besoargje en minsken ek net yn de ferlieding bringe bisten har natuerlik gedrach te ûntnimmen. Dat binne midsieuske tastannen.

It is dan ek frijwat nuver dat der yn ús moderne beskaving mei joadsk-kristlike tradysjes noch hieltyd kloften minsken binne dy’t har sneins deljouwe ûnder in deade hoanne. Jo soene dochs sa njonkelytsen tinke dat sok folk wit dat dat bist dêr allinnich stiet om’t ús waarman fuortendaliks nei ôfrin fan de horrorwinter opholden is te bloggen en wy dus net mear witte wêr’t de wyn (net dy fan de Hema) weikomt. Dêr is in hoanne anno 2019 net foar bedoeld. Dy hoanne wol it leafst by syn froulju wêze wêrmei’t wy op in oar misferstân komme. In hin leit gjin aaien om dy jatte te litten. Der hat noch nea in hin west dy’t mei dat doel in aai lein hat.

Minsken skine soks mar net begripe te wollen en misbrûke dy hin oan alle einen en kanten. Der binne ek al guon dy’t har mei karnaval ferklaaie as hin. Oft jo sokken sjogge dan krije jo ûnbewust dochs sin oan in plofhin. Mei dy karnavaleske oanslaggen stimulearje jo dus bistemishanneling. Ophâlde dêrmei!

Mei peaske-aaien ha jo sawat itselde. Jo moatte bern net bybringe dat soks leuk, aardich en lekker is want dan plantsje jo straalferkearde saken yn dy bernesieltsjes en dan wolle se soks letter as se grut binne breed útmjitte. It is sa ferkeard as it mar kin.

Jou dy bern in bal, in drumstel of in gitaar. Dêr kin net in soad mei misgean.

Soene jo sizze. Mar it is al te hoopjen dat Oes Omroep, Oes Taal ‘It hoantsje op ‘e toer’ fan De Wiko’s boykot. En om alle mooglike risiko’s út te sluten ‘Fûgels’ fan Die Twa ek. Oft se dat net dogge dan soe der bêst ris in groepke dwazen wêze kinne dat in rjochtsaak oanspant.