4 maaie 1975

4 maaie 1975

16.15 oere. Us heit wie op ‘e bou, ik stie ûnder de dûs. Dêr wie net folle oan want jo koene jo de kont dêr amper keare en der stiene ek noch in waskmasine en in sintrifúzje yn. Boppedat wie it in siichgat en altyd stjerrende kâld. No ja, yn maaie net fansels.

Brân! Tsjerke yn ‘e hens. Us heit dat de Hillich Nachtmieltafel en wat oare tsjerkeskatten noch rêden mei de koster. Dat liket my in histoarysk feit dat it neamen wol efkes wurdich is want wy plichten net yn dy tsjerke te kommen mei’t de Herfoarmen net hielendal rjocht genôch yn ‘e lear wiene. Dat waard ús teminsten altyd foarholden en as jin dat wiismakke wurdt dan is dat sa. Dêr hoege jo net iens moslimekstremist foar te wêzen.

Dat se net hielendal rjocht yn ‘e lear wiene die wol bliken út it feit dat se op snein reedride mochten. It moat net folle idioater wurde!

Op ien as d’oare wize giene wy der âldjiersjûn lykwols al altyd nei de preek. It is my noch in riedsel wat de reden dêr fan west hat. Mei tank oan de brân én oan it Frysk kamen wy der letter wol. Earst tsjerken de Herfoarmen nei de brân nammentlik yn it doarpshûs en dat is fansels justjes neitraler terrein as de tsjerke dat dat koe blykber lije. En oars wie dat noch net bard mar by de Grifformearden wie in soarte fan boargeroarloch lútbrutsen dat der waard ús mem nei it sin fierstente faak yn it Frysk preke. Boykotte dy brot dus. En der wiene noch wol in stik as fjouwer húshâldings dy’t fan betinken wiene dat mei it Frysk de duvel it Grifformearde fermidden ynkrongen wie dat it wie wakker drok yn it doarpshûs. En om’t de Hermoarmen it allegearre net sa krekt namen mochten de Grifformearden sels mei oansitte oan it Hillich Nachtmiel. Sodom en Gomorra wie der neat by.

Dy brân is blust wurden. Dat hat net foar de NOS west. De NOS is net altyd likegoed by de les. Se ferkundigen juster bygelyks dat Frankryk mar ien fan de pear lannen is dêr’t it leger de brânwacht oanstjoerd. Dat is ûnsin mar dan hiene se der yn 1975 efkes by wêze moatten. Dy tsjerke mei stikken út de trettjinde ieu (ja, skriem mar efkes) is foar in grut part beholden bleaun om’t it leger kaam te blussen. Dat wie yn Fryslân, mynhear NOS. It leger blust yn Fryslân brannen. Se kachelje sa mei dy skûmweinen by de tsjerketreppen op. Is it net in wûnder? Skriem noch mar efkes.

It blussen gong sawat like rap as dat wy de lêste pastoar yn 1580 ferband hawwe want it is fan oarsprong in Roomske tsjerke. Mar wer efkes skrieme. Histoarje, no?

Op ‘e keper beskôge is it hjir fansels net oars as yn Frankryk. In protsje stien en wat hout fan in pear kapitalisten. Binne der deaden fallen? Nee.

Mar o, o, o, de wrâld jankt alles byinoar oer dinkjes dêr’t se op syn bêst allinnich mar in foto fan yn ien as d’oare reisgids sjoen hawwe.

Wylst se monuminten ffan fleis en bloed skansearje dat it sta seit en it folk tagelyk deaslane mei de meast treflike sifers fan opteine Friezen. Mei it Stellingwarfksk giet it foar wûnder, it tal kursiten by de Afûk hat noch nea sa heech west en it boekewikegeskink wie ek al net mear te besetten. Ik soe de oare kear foaral in oplage fan 100 dwaan dan kinne der faaks wol in stik as acht printingen komme. Soks is noch nea fertoand.

En altyd wakker drok dwaande de oerhearskers te geriven. Foaral goed omtinken jaan oan alles dat hjir net spilet. De Notre Dame is ommers gâns wichtiger as de tsjerke fan Ingelum. Skaf asjeblyft sa gau mooglik alle eigen kulturele uterings ôf en ferromje de blik!

4 maaie. De dei dat ik noch sekuer fan wit dat ik ûnder de dûs stie en ús heit op ‘e bou wie.

Mar juster? Doe wie it Fryske befrijingsdei. Dat stie net op Le Figaro, net op ‘e NOS, net op Oes Omroep, Oes Taal en ek net yn ‘e Ljouwerter.

Fryske skiednis. Fan nul komma nul belang.

Leave a Reply

Your email address will not be published.

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>