De Russen komme (yn 2021)

Wy meie hast wer te stimmen. As ik de lju op ’e telefyzje goed begrepen ha dan kinne wy kieze út twa dingen: yn Europa bliuwe of der út. Ecapes skine der net te wêzen, it is it iene of it oare.

Geografysk sjoen liket de útkomst my helder of it soe wêze moatte dat de boskatlas noch snoade oplossings hat. Jo kinne der ek oars tsjin oansjen en dan wegerje ik de fraach mei ‘ja’ of ‘nee’ te beäntwurdzjen. Dat wy der meiïnoar foar soargje dat wy inoar de harsens net ynslane liket my in hiel goed plan mar it moat net sa wêze dat as it yn Portugal 45 graden is wy hjir ferplicht yn de koarte broek moatte.

Fierder sil it allegearre tink ik wol wat trochskarrelje en presys de kant útgean dêr’t politisy fan sizze dat se dat net wolle. Wa’t my no fertelle kin op wa’t ik stimme moat hat mear leard as my. Ik tink dat ik it sirkus mar oan my foarby gean lit.

De kultuer soe mei it topjier 2018 ek in geweldige boost krigen hawwe. Fernim der amper wat fan, hjir en dêr in wyld idee, wat rapportebrot en fata morgana’s. Spegels binne leau ik út de hannel nommen, de útsûgers ha gjin ferlet fan harren eigen mislike troanjes.

Dat wy falle no wer werom op it gewoane folk. Dy sille it wol mei gâns minder dwaan moatte want ien en oar hat fansels in godsfermogen koste en de legacy moat ek bekostige wurde.

Ik ha de help fan in Rus ynroppen want wy moatte sjen dat wy wer wat oer it trelit fan ferline jier hinne komme. Russen sjogge yn ’e regel justjes fierder as it stikje bou en it hoekje greide fan de buorlju. En Russen kinne goed Ingelsk. Friezen ha dat net, dy komme net fierder as Nijeskâns mei harren Hollânsk.

Ik ha dy Rus – Лев Аксельрод – dus efkes frege oft er in ferske wat knap foarsjonge kin sadat ik dêr in Fryske tekst op meitsje kin. Russen witte alles fan klamtoanen, lange en koarte lûden en ynmoed en sa, Friezen en Hollanners hawwe mear mei omballingen en oare saken dy’t de muzyk finaal nei de Filistijnen helpe.

Ik soe Лев Аксельрод earst freegje Bohemian Rhapsody te dwaan mar jo wolle ek gjin spul yn literêr Fryslân hawwe en dat nûmer skynt nochal gefoelich te lizzen dat it is wat oars wurden. Efkes in fragmint:

[namme] kom op
[namme] kom op
Yeah
Us moed is hast wol brutsen,
Mar moai dat wy wat prutsten
dat ús laits, bliuwt stoer stean
Wat der ek mis giet, wy jouw’ it al in kâns,
no wer gjin gas mear, wer net eem’ yn trâns.

Dan witte jim efkes wêr’t it oer giet. Hokker nûmer it is, riede jim no grif ek wol. Ik ha it hûnderten kearen kear draait nei’t ik Лев Аксельрод yn Garageband getten hie. Prachtich programma dat ik in pear jier misse moatten ha mar by de nije Mac wer bylevere waard. Kinne je it nûmer moai yn stikjes knippe en dy fragmintsjes op repeat sette. Dan witte jo op ’t lêst hiel goed wêr’t in lang en wêr’t in koart lûd sit.

It docht wol bliken dat it in stik makliker is Fryske tekst te meitsjen by in nûmer dat oarspronklik Ingelsktalich is as om dat te dwaan mei in fan oarsprong Hollânsktalich nûmer. Dochs is dat ek slagge al wie dat gâns yngewikkelder. Want dat Hollânsk is in ferskuorrend tear en swak taaltsje. Dat is dan ek de reden dat ik dêr al foar keazen ha want it moast in iensum, treurich liet wurde.

Earlik wier, ik wol net sneu dwaan
Mar as ik ferlet fan heit ha
Hear ik hieltyd frjemd gemompel
Fiel ’k my oer, oh, moat dat sa?
As ’k ’m oanrop, hear ik meast
De stim fan in geast, toant er gjin belang
En jout er jild, dan is ’t wer klear
en dan bin ik net senang

Earlik wier, ik wol net sneu dwaan
Mar al dy tinten bin’ syn doel
’t Wurdt no wier wol in obsesje
Earst in pear en doe in boel
En no moat er oeral wêze
Poe poe, stiicht er sa yn rang
Yn de fierte hear ik razen
En dan bin ik net senang

Mar myn fee, sa leaf, sa prachtich
Dogg’ ek noait sa sneu tsjin my
Want mei siksik en de knyntsjes
Fiel ik my der sa goed by

Mar myn fee, sa leaf, sa prachtich
Dogg’ ek noait sa sneu tsjin my
Want mei siksik en de knyntsjes
Fiel ik my der sa goed by

Oft der yn 2021 útfierings binne dan hoopje ik al dat se Лев Аксельрод efkes wat frijkaarten stjoere en reiskosten fergoedzje. Hollannrers kinne sels wol betelje.