Glimkjende wylden

Moarn sil it heve, de finale fan it sankjefestijn. De útslach kinne wy leau ik om sawat 1.00 oere nachts ferwachtsje. Dat wurdt by my dan sneintemoarn want ik tink net dat ik it folhâldt sa lang nei dy nuvere oanslaggen te sjen. Ik mei oars wol oer sankjes mar perfoarst net oer it festijn. Ha der dan ek noch net folle fan meikrigen.

En krekt lykas by de baltjirgerij is de hiele tv-programmearring ûntregele. No ha se by Pauw noch wolris wat besteklik of yn alle gefallen ynformatyf praat mar dêr misse jo op sokke jûnen it measte ek fan want dan is it al lang tiid om út ‘e wei en dus op nei it oog. Ofrûne tiisdei gie it oer in tige freedsume besetting. Faaks hawwe jim der wat fan meikrigen. Soe kinne.

Freedsum. Wat is der yn de leave frede freedsum oan it negearjen fan ôffredings en it iepenbrekken fan doarren? Wat is der freedsum oan dom glimkjen by it oanhearren fan it feroarsake leed? Wat is der freedsum oan it foarriden kommen yn djoere bolides mei in gigantyske klimatologyske fuotprint? Wat is dêr sa freedsum oan?

Se sille yn it fierdere petear wol kreas útlein ha wat har doel is. Dat ha ik net mear sjoen. It wie leau ik wat mei -isme. Bistisme sil it wol net wêze mar ik bin net fan doel it foar jim op te sykjen. Wol freegje ik my ôf wêrom’t by dy besetting nei in healoere net in peloton ME ferskynd is om dy och sa freedsume bargekrûpers nei in minlik fersyk fan de polysje útinoar te houwen.

Op 24 april ha ik my yn in tige sletten mienskip ûntfalle litten dat ik net krekt wit hoe lang mar nei myn idee al in jier as twa-trije in guerilla-oarloch tsjin boeren geande is. Dat waard my net ûntstriden.

Wa’t no sekuer witte wol hokker kant it út giet mei dizze idioaten ried ik oan de útstjoering fan Zembla fan justerjûn efkes op te sykjen. Dy ha jim grif mist, want ESF fansels.

Dan kinne jim sjen dat dit folk letterlik net op in lyk mear of minder sjocht. Dy útstjoering spilet frij fier fan hûs mar de lokale befolking dêr wurdt deagewoan ferballe en wa’t sûnder tastimming by it wyld komt wurdt omlein. Mear as terjochte makken se yn dy útstjoering de ferliking mei de wolf yn Nederlân. Hoe soene wy it fine dat dat bist de romte hawwe moat en wy dus net mear op ‘e Feluwe komme meie? Hoe soene wy it eins fine dat swimmen yn bûtenwetter ferbean wurdt om’t se benaud binne dat de lêste wylde iel dan gjin plak mear hat?

Idioate rike westerlingen dy’t lokale lju it libben ûnmooglik meitsje. Krekt dy lju dy’t sa goed as gjin bydrage leverje oan it útrûpeljen fan de ierde. En dan fine dy westerlingen it ek noch frjemd dat de befolking yn dy oarden op drift rekket en diskant út wol.

Dat wolle dizze glimkjende wylden net sjen. Dy fine it allinnich mar prachtich dat parkwachters it foech hawwe alles dat har foar de loop komt del te sjitten. No ja, net alles. Allinnich minsken.

Leave a Reply

Your email address will not be published.

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>