Frans!???

Wer in soad nijs yn in koart setsje tiid. Jo kinne it mar amper byhâlde allegearre. Mar gelokkich ha wy dêr sjoernalisten foar, dan hoege jo sels net alles út te sykjen. Wy libje yn in prachtich lân (it bêste lân fan d’ierde fansels). Al dat nijs past hast net iens yn in bloch dat ik doch in greep.

In espeltsje Friezen hat fanwege it Fryske identiteitskrewearjen yn in dûbeldekker nei Helgolân west. Dat fernuvere my al justjes mar de mear as tûke sjoernalisten fan Oes Omroep, Oes Taal ha dêr fierder gjin krityske fragen oer steld dat it sil wier wêze. Sels ha ik fiif kear op Helgolân west en wat my benammen bystiet is dat jo nei in seereis fan in lytse trije oeren fan de grutte boat ôf dumpt wurde yn gammele roeiboatsjes mei in moterke om sa it lêste ein te oerlibjen. Dêr ha ik sels noait net al tefolle muoite mei hân mar der wiene gâns dy’t it benammen dy iene kear doe’t de reis yn frijwat ekstremistysk waar plak fûn mar amper op skonken hâlde koene. Foar sokken is it fansels al in útkomst dat jo dêr no mei in dûbeldekker komme kinne. Hoe hurd soe dat ding dêr ride meie? 130, of noch hurder? Dat hat de sjoernalist spitigernôch net efkes frege.

It tal smookfrije sportferienings yn Fryslân is yn in jier tiid sawat ferdûbele. Kostlik sjoernalistyk nijs fansels. It komt net faak foar dat goed nijs sa treflik yn byld brocht wurdt. Mar no komt it: yn absolute tallen leit Fryslân fier efter yn ferlyk mei bygelyks Súd-Hollân. Wy moatte ús dus net al te gau op it boarst slaan want it is dus eins in yntryste boel. En it giet dochs al net sa hiele goed mei de Friezen want út eigen ûndersyk hat my bliken dien dat de absolute tallen Friezen dat nasy ite kin mei stokjes net iens yn in promilaazje fan de Sinezen út te drukken is. Dêr moatte jo dus út opmeitsje dat Friezen slim ûnbeskofte lju binne as it om easterke tafelgewoanten giet.

Wat soartgelikens docht him foar by de kundichheden oangeande it bouwen fan iglo’s. Der binne suver gjin Friezen te finen dy’t soks yn ‘e macht hawwe, seker as jo dat yn absolute tallen ôfsette tsjin de Inuits. It is gewoan dramatysk en ek slim ûnferantwurdlik want it waar wurdt hieltyd ekstremistysker sadat wy oant fier yn maaie op noch te krijen hiene mei de neisleep fan de horrorwinter. Der gong suver gjin dei foarby of der wie in warskôging foar slim ongeljende nachten. Of folgje jim de waarberjochten net?

It wie dan ek mar goed dat wy de ferkiezings net krektlyk as lannen dêr’t allinnich moslims en heidenen wenje op snein hiene. Want doe wie it waar wol sa alderferskuorrend ekstremistysk dat der suver gjin wurden foar te finen binne. ‘In bytsje rein’ hie de man fan de Hege Waarskoalle sein. In bytsje rein… in bytsje rein? Man! It hat hjir wol fiif oeren oan ien tried troch miggele, it wie ûnhuer. Net dat dy man dêr wat oan dwaan kin, it waar wurdt gewoan hieltyd eksremistysker. No wit ik wol dat wy earne midden yn de njoggentiger jierren al in kear seis wike hân ha dat it nea in dei droech wie mar dat wie oars. Ik wit dat nammers noch om’t ik doe sa myn nocht hie dat ik in auto kocht ha. Mar dat reinwetter fan doe wie allegearre wol aardich oankundige wylst it no samar ynienen fiif oeren reint sûnder dat wy dêr fan op ‘e hichte brocht wiene. It waar wurdt no dus sa ekstremistysk dat it him fan gjin waarman noch wat oanlûkt. Sa liket it teminsten. En dat is goed slim want der is in waarman dy’t troch dat ekstremisme al yn it sikehûs lein hat en de sek ek noch krigen hat by in lanlike omrop. It waar nimt tige, tige, tige ekstremistyske foarmen oan. En dat uteret him.

Dy ferkiezings wiene oars noch in hiel o heden. Ik hear by de partij dy’t fierwei it grutst wurden is, dat is dy fan 59%. It sil my benije oft soks ek noch ynfloed hawwe sil mar ik tink it hast net. Fan de oare partijen hat Frans wûn. Yn Nederlân teminsten. In hiel soad lju hawwe op Frans stimd. Ik hoopje dat se ek witte wat Frans syn stânpunten binne al kinne stânpunten somtiden samar ynienen feroarje fansels. Polityk is net maklik.

Sa hiene wy bygelyks ien fan de lokale foaroanmannen fan it demokratysk foarum dy’t samar ynienen hawwe woe dat ymmigranten frijsteld wurde fan elke foarm fan ynboargering. En dat wylst ik krekt miende dat it demokratysk foarm sa tsjin ymmigraasje wie. Ik bin net foar dy frijstellings. Wy kinne no ienkear net ha dat wâldpiken hjir op klompen troch de klaai hinne banjerje want ear’t jo der erch yn hawwe brekke se har de skonken en dan binne wy dêr ek noch wer ferantwurdlik foar. Wâldpiken dy’t hjir komme moatte dus leare om op learzens te rinnen, dat is no ienkear net oars. En klaaikluten dy’t emigrearje nei de Stellingwarven moatte as de bliksem sjen dat se de taal dêr fersteane en leafst ek prate want oars binne jo it net wurdich Fries te wêzen. Gjin gegriem mei hokker frijstelling dan ek mar. En beleaven gjin ûnderskied meitsje tusken Marokkanen, Hollanners en Poalen. Frans???

Frans hat oars yn absolute tallen 0 stimmen fan FNP-ers krigen. Want alle FNP-ers ha op in Fries stimd. Ik nim oan dat de konkrete bewizen dêrfoar yn betroude hannen fan Oes Omroep, Oes Taal binne want dêr stie dat op.

Wie der fierder ek noch nijs? Offisjeel leau ik net, offisjeus al. It sankje fan Tim Douwsma dat op ien as d’oare makabere wize deis betiden wol trije kear op Oes Omroep, Oes Taal omjankt liket net yn de beneaming te kommen foar it nije Frysk folksliet. ik tink dat Douwsma gewoan net genôch skowe kinnen hat om it folk dêr om te keapjen.

Frans???

Ek net offisjeel mar feitlik al praktyk is dat ynbrekkers de plysje tsjintwurdich ynskeakelje kinne foar oerlis by de wurksumheden. En noch feitliker is it belizzen fan in riedsgearkomste dêr’t ynsprutsen wurde kin troch in kriminele organisaasje om te ferdútsen wêrom’t yn guon gefallen folslein yllegale belegering fan partikuliere terreinen neffens har needsaaklik is.

Wêrom is dat Frans? Om’t minskerjochten allinnich jilde foar heale gekken? En foar in pear dy’t de kapitalisten fertsjintwurdigje mei in asosjaal ferfoarme big smile. Is dat it Frans?

Frans!???