Frikandelleboer

Der binne mar twa dingen yn ‘e wrâld dy’t in man sels útsykje moat:
In ierdappel en in wiif.

Simke Kloosterman

Kin de minister my ek útlizze wêrom’t de boer oant net sa lang lyn in stoer fan elke gûne bruto tafoege wearde ynleverje moast en er sûnt koart fan dyselde gûne in dûbeltsje skowe moat? Ja, ik hâld fan rûne bedraggen, oars wurdt it allegearre fierstente yngewikkeld.

Kin de minister my ek útlizze wêrom’t in boer 33 sint de kilo rekkenje mei wylst de konsumint trije-en-in-heale euro foar dyselde kilo deltelle moat? Wêr sit dat ferskil yn? Bedarret dat by de kassiêre of by de learplichtige fakkefuller? Kin de minister dêr antwurd op jaan?

Is de minister der mei op ‘e hichte dat yn Fryslân net mear as in lytse 15 persint fan it areaal ierdappels foar streekrjochte konsumpsje bedoeld is en dat de konsumint dus nul persint ynfloed hat op de prizen fan dy oare 85 persint? Wit de minister dat?

Kin de minister ek oanjaan wat it ferskil is tusken 10 persint fan in skjin ynkommen fan 10.000 euro de moanne en 10 persint fan in skjin ynkommen fan 1.400 euro de moanne? Kin de minister dat?

Kin de minister – as se foar ’t neist dochs wol efkes oerlis hawwe moat – har kollega dan ek efkes geweken nimme en freegje hoenear’t de Nederlanners berjochte wurde dy’t – net by fersin – nochal wat ark levere hawwe oan oarlochssuchtich folk earne ûnder Turkije dy’t dat guod brûkt hawwe om frijwat ûnskuldige boargers om te lizzen om’t dat makliker wie as se út in fleantúch te knallen en se dêr boppedat net yn sieten? Soks soe nammentlik tige goed wêze kinne foar de rouferwurking en it haat-oanboazjen dêre.

As de minister mei al ditsoarte saken dwaande is soe ik har foaral oanriede der in goed glês wyn by te nimmen, of faaks noch better: in bêste skeut wodka.

Faaks komt it besef dan ek dat frikandelleboeren hielendal net besteane en dat al it boppe beskreaune leed komt fan kapitalisten dy’t û.o. fan it klimaat in melkko meitsje, ús taal fersmoargje, ús opskypje mei pizzeria’s, shoarmatinten en sjinezen en ús bedobje ûnder de meast ûnmooglike apps en oare flauwekul. En dy’t moard en brân raze as der ris in pear oeren net by har pind wurde kin wat neffens eigen sizzen útdraaid is op in miljoeneramp. It mankearret der noch mar krekt oan dat se net útholden hawwe dat troch dat trelit aardich wat lju omkommen binne om’t dy dy deis dus gjin iten keapje koene.

Dat folk. Ken de minister dat folk?

Se ken yn alle gefallen dy allinnichsteande mem mei trije opgroeiende bern net. Dy ha nammentlik noch noait in frikandel sjoen. It moat al goed gean dat se margarine op ‘e bôle krije.