Rassuvere ZZP-er

Allegearre goede berjochten út Den Haach. Dat treft moai sa foar it simmerreses; dan is der net al tefolle tiid om der út ‘e folop fan te genietsjen. Jo kinne no ienkear net allegeduerigen wille ha. Boppedat binne wy drok dwaande mei it stal jaan fan in rûperadar en it opsetten fan in deade mûze-universiteit en soks moat syn gerak ek hawwe. Foar’t wy dus in bytsje foar it snotsje hawwe hokker moais ús taskikt is binne wy tink ik in moai ein yn ‘e hjerst op.

De enerzjyrekken sil nei ûnderen. Dat komt sa: it gas wurdt € 150,00 eury djoerder mar it elektryk wurdt € 150,00 goedkeaper. En omdat wy altyd noch € 1.000,00 fan Mark tegoede hiene docht hy € 100,00 fan de enerzjybelesting ôf. Dat is fansels in tige komplekse rekkensom (krekt as dy fan de subsydzje op elektrike weintsjes, sei de minister) mar hy is gewoan basearre op in trochsneed húshâlden. Ik tink dat sa’n gesin bestiet út in wurkjende man en in wurkjende frou mei twa bern dy’t harsels al sa knap rêde kinne en dus is der nea in harsens thús. Prachtich, en tige kompleks.

Wy sille ek rekkeningride. Dan betelje jo dus net mear foar it yn besit hawwen fan in djoere bmw mar foar it tal kilometers dat jo draaie mei jo fiatsje of opeltsje. Dat is folle earliker want dy nimme sawat like folle romte yn as sa’n bmw en de stopjochten moatte der ek likegoed foar op read yn de griene weach. Ik bin bang dat wy op it plattelân (of sa’t de Oes Omroeper, Oes Taler it sa alderkostlikst sei by sa’n geweldich fraachpetear ûnder de swimmerij fan Maarten: buitenuit) it fileriden bekostigje sille. Mar y fêststelling sil foar it kabinet wol wat al te kompleks wêze.

Diselriders mei in bestelbus binne alhielendal de lul. En dêr sitte frijwat rassuvere ZZP-ers by. Dat is ek ien an de nije dingen: it regear dat oars o sa op rassisme tsjin is hat deagewoan in nij ras kweekt fan it meast suvere soarte: de ZZP-er. Ik ken wol in pear ZZP-ers en ik kin fuortendaliks wol sizze dat de iene yn neat op de oare liket. Wol it kabinet neat fan witte.

De ZZP-er draait neffens it kabinet in mega-omset, docht oan falske konkurrinsje en sa binne der noch wol wat dingen dy’t net doge. No doch ik al moai wat jierren de btw-oanjefte foar sa’n ZZP-er dat ik wit yn alle gefallen fan ien hoe’t it ûngefear sit. It soe moai west hawwe as de belestingtsjinst sels ris op it idee kommen wie ús der op te wizen dat it sjoen de namme der wol wat op liket dat it om û.o. it hâlden fan in maneezje giet. Dan hiene se ús der op wize kinne dat jo yn dat gefal trije (trije!!!) tariven hantearje kinne: sa út ‘e holle, 35% nul-taryf 35% leech-taryf en 30% heech taryf. Mar nee, wy ha jierren lang oer alles it hege taryf rekkene oant ik der min ofte mear tafallich efterkaam dat dat ek oars koe. Dat hat net folle te krijen mei ‘leuker kunnen we het niet maken’. Ungelokken.

Dy ZZP-er mei ek net minder as € 17,00 de oere fertsjinje. Wa sil dat kontrolearje? Heart it praat en neitinken ûnder de kofje dêr ek by? Oft dy ZZP-er foar priveedoelen om boadskippen nei de Appy giet mar yn deselde loop Agratotaal ek oandocht, wêr moatte dy reiskosten dan oan tarekkene wurde? En dy oeren? En oft dy man in kear op ‘e nij yn ‘e pronk moat, dan mei er seker net om in bontsje mei ‘werkkleding’ freegje? Fansels mei dat net, dat is fraude. En dus binne alle ZZP-ers fraudeurs. Rassuver ek noch.

Oanpakke dat folk. Se binne net iens fersekere en sa’t jim lêze kinne meitsje se fergees gebrûk fan lju sa as my dy’t de btw-oanjefte dogge wat by in tiidsynvestearring fan trije kertier yn ‘e moanne al gau delkomt op in euro as fiifhûndert, soene jo dat troch in bedriuw dwaan litte.

Wêrom litte se dat eins net troch in bedriuw dwaan as se dochs sokke megawinsten meitsje? Soe it kabinet dat ek mar yn ‘e fierste fierte earne in idee oer hawwe?

O ja, ik moat tiisdei op ‘e trekker út Harreveld komme. Wa helpt my efkes oan in fatsoenlike rûteplenner? In trekker mei net oer de sneldyk. En ek net oer it fytspaad. Soe de belestingtsjinst sa’n ding hawwe? Foar de rassuvere ZZP-er?

7 comments on “Rassuvere ZZP-er

  1. Daam 29 juny 2019 21:14

    Tank. Mar dan stjoere se jo likegoed oer allerhanne 100km-diken dêr’t gjin trekkers komme meie (Marsum-Sint Anne bygelyks). Dat tsja… it sil wol op de automatyske piloat moatte. Ienkear yn Fryslân slagget dat wol, as wy út ‘e Achterhoek mar net yn Dútslân bedarje…

  2. Eddy 30 juny 2019 17:45

    It is fansels net ûnmooglik dat fia Dútslân de koartste wei is.. Súkses, in hiel aventoer!

  3. Eddy 1 july 2019 09:00

    De lêste dy’t it besocht hat om fan Herreveld nei Fryslân te rieden op in trekker is twa jier letter werom fûn yn Pôlen..

  4. Eddy 3 july 2019 22:01

    Ik bin wol wat beneid of de ‘operaasje’ slagge is..?

  5. Daam 4 july 2019 18:10

    Jawis. Ferslach stiet der op.

  6. Eddy 5 july 2019 10:49

    Ja, ik haw it lêzen. Pracht ferhaal!

Comments are closed.