‘Ik heb geen indicatie…’

Wy hawwe in kostlike reis efter de rêch. In loopke fan 400 km. De earste 200 km yn in bestelbus, de twadde 200 km yn in bestelbus en op in trekker.

Alles wie tige goed taret. Ik hie bygelyks twa brillen by my, in potlead, twa pennen, in liter wetter, krintepofkes en in doaske brânhoutsjes. Want jo sille altyd sjen dat healwei sa’n reis de fjoeroanstekker leech is en dan ha jo in grut probleem. Fierder wie ik wapena mei in rûtebeskriuwing fan 21 kantsjes A4, fytsrûte. Want jo kinne wol kieze foar ‘snelwegen vermijden’ mar dan stjoere se jo likegoed allerhanne diken op dêr’t gjin trekkers komme meie.

De Kanadeeske kofje-útris hie ik ek mei. Dat is ark dat der foar soarget dat de kofje jo net daliks rûnom yn de auto bedarret by de earste de bêste kûle yn in graveldyk. Mar dat wurket dus ek tige oft jo sa as op de hinnereis bivakkearje tusken allerhande frachtweinen dy’t de sokken der aardich yn hawwe en jo dus mar net wat om jo hinne sjen kinne hoe dy kofje binnen te krijen.

It gong allegearre sa moai as wat, yn twa oeren hiene wy de earste 200 km der op sitten. Tige aardige lju dy’t de trekker foar ús klear set hiene, neat mis mei. Wol hie ik, soene hjir lju út ‘e Achterhoek op besite komme, har leau ik in kop kofje mei in stik koeke oanbean mar faaks binne se soks dêr net wend. De fruchten dêre steane der nammers net al te fleurich by, it hat leau ik wol wat fan de Sahara.

Doe koene wy mei it spul op hûs oan. It earste stikje hie ik gjin rûtebeskriuwing fan, dat dat ha dy lju efkes ferdútst. Ik leau al dat wy justjes in stikje omriden binne mar it wie moai waar en ik hie noch nea earder op sa’n bus riden dat dan kinne jo moai in bytsje wenne. it duorre lykwls ek net botte lang dat wy foar in dyk bedarren dêr’t gjin trekker komme mei dat doe moasten wy op it gefoel fierder.

Fansels ha jo wol wat plakken as oanknopingspunten en der binne paadwizers. Dy binne net altyd like dúdlik. It komt foar dat der op stiet “Plak A rjochtsôf, noch 9 km” en “Plak A loftsôf, noch 6.5 km”. Doe ha wy lang om let de Tom-Tom ek mar ris ynskeakele. Dy is al justjes ferâldere en dus net rjocht op de hichte mei de meast aktuele situaasjes en it ding wol ek net fan ‘snelwegen vermijden’ witte. Jo negeare him dus en skarrelje sa ticht mooglik by de sneldyk lâns fierder. Salang’t it ding griene diken oanjout betsjut dat dat jo dêr ride kinne al âlet dy fint wol wakker fan ‘U-wending’.

Ik wit net wêr’t wy allegearre west ha. Prachtige sânpaden dwers troch de bosk hinne. moai dat it sa droech is, oars hie de trekker tink ik foar de bus moatten. Ek tige aardige rivierdykjes dêr’t jo elkoar eins net tsjinkomme moatte. Benammen net as der in gigantysk grut stik reau fan de oare kant komt. Ik wie krekt op ‘e tiid sadat hy noch gau in pear meter tebek koe mar ús trekkerman wie in kilometer efterop en dy is by dy passaasje krekt net yn de rivier nukt.

Ik wie mei de bus ûnderwilens oer de rivier krûpt oer in soarte fan heechhout dat ik wie danige bliid dat ik op de oare kant wie en doe wie it nei in meter as 100 ‘ho’! Fytspaad. Dat like my langer as in pear kilometer en jo wolle de plysjes ek net te bot narje dat ik ha rêstich op de trekkersjauffeur wachte. Wol tsien minuten, mar hy kaam net. Siet nei dy heale rivierdûk earne te bekommen want ik wie troch it trelit ek út syn sicht bedarre. Ik dus wer werom oer dat heechhout. It swit rint my noch by de rêch op as ik der oan tink. Mar goed.

Lang om let bedarren wy yn Swolle. Dat hie ik leaver net hân want yn sa’n stêd is myn rjochtingsgefoel al gau redusearre ta nul en wy wiene ûnderwilens safier fan de papieren rûte ôf dat ik dy al lang oan de kant smiten hie. De Tom-Tom woe fansels neat oars as ús op de A28 bringe dat dêr koersten wy dan ek moai rjocht op ôf. Wy sieten lykwols noch kreas op in 70km-dyk dêr’t it ferkear ús oan alle kanten foarby jakkere.

Doe ha wy ús krekt efkes deljûn op in parkearplakje dêr’t ek in alderaardichst frommiske siet te smoken. It wie foar it sikehûs oer, dat sadwaande. Wy rekken moai oan de praat, mooglik koe sy ús advys jaan. En sy kaam op it idee dat jo op de mobile telefoan ek navigaasje hawwe. Op dy fan my net fansels, dy is fierstente âld, dêr kinne jo net iens mei appe. Mar op dy fan de trekkersjauffeur siet it al en dy wist ek fan ‘snelwegen vermijden’. Boppedat prate dêr in mefrou op en net in man lykas op de Tom-Tom. Dat klinkt in stik freonliker.

De sokken der dus mar wer yn. Gong alderprachtichst, wy moasten earst noch in lyts stikje 70km troch mar dat wie mar in hoannestap. As de trekkersjauffeur him teminsten net ferriden hie. Doe wiene wy elkoar wer kwyt. Nei in kertier wachtsjen kaam er lykwols wer oansetten, nei’t ik begrepen ha oer flechtstripen en dwers troch gemeentlike roazeperken hinne…

Doe koene wy wer fierder en wûnder boppe wûnder wiene wy mei dy mobile mefrou Swolle samar wer út. It gong sa moai as wat wat jo ek hiel goed oan de sinne sjen kinne. Want as dy jo op it ferkearde stuit fan de dei in kertier lang yn de rêch skynt wylst er fan lofts-foar komme moat, witte jo dat der wat net goed giet. Mar dat wie it gefal dus net.

Stadichoan kamen wy op bekender terrein en koene wy ús sûnder mefrou wol rêde. By Grou ûnder de sneldyk troch, op nei Jirnsum. En doe wie der ynienen ien as d’oare mafkees yn in swart autoke dy’t by ûnhuer begûn te narjen. Op’t lêst hie er ek allerhanne neon-eftige reklameboadskippen op it etterút stean en hy snijde my ôf dat dan kinne jo net in soad oars as de saak stil te sitten. Blykte dat dus in plysjeman sûnder fatsoenlike klean te wêzen. Dêr rekkenje jo fansels net op as jo hast thús binne.

Wat in wiisnoas. Woe witte wêrom’t ik sa stadich ried. Dat lizze jo dan út. Underwilens wie de trekker ek al wer by my. Dit koe sa net, lei de funksjonaris wiidweidich út. Op in 60km-dyk moatte jo 60 ride en gjin 30. Ik begryp no dus ek wol wêrom’t elk 80 rydt dêr’t jo 30 meie. It broekje hie dúdlik lêst fan skoaringsdrift want hy woe efkes neigean oft ik tafallich ek dronken wie. Allinnich koe er syn blaasapparatuer net fine…

Tsja… dan geane jo al klaait fan hûs. ‘Ik heb geen indicatie…’ eamele er noch. Ik tink dat er ek noch sizze woe ‘…om u te arresteren’. Hy teide iof. Lul.

De hûn wie út ‘e skroeven dat wy der wer wiene.