PC – de hichtepunten

Wat wer in kostlike dei juster. It is mei keatsen eins krekt sa as mei sâlte hjerring: alle jierren better. Der wurdt fansels ek alles oan dien om soks foarinoar te boksen en net yn it lêste plak troch de media. Wat soene wy wêze sûnder media? En sûnder topreporters? It soe in drama wurde.

It docht fansels ek wol fertuten want ik begryp dat it al hast safier is dat wy op in olympyske sport ôfkoerse. De fariant fan de fjildgame teminsten. Ik leau dat it om wâlbowl giet mar faaks sprekke de sportkasters dat oars en better út. Mooglik in item foar in folgjende kast fan in healoere of sa, dan kin it tannis der ek moai by yn. En beachbowl.

Neffens de ranking wie it span fan Gert-Anne swier favoryt. Ik wit net oft se it by Oes Omroep, Oes Taal wol sein hawwe mar dy hawwe wol tsien fan de achttjin haadklassepartijen wûn. Oft se dat net efkes sein hawwe dan is dat in misser fan komsa mar dan witte jim it no dochs.

It team fan Oes Omroep, Oes Taal wie oars o sa machtich oanwêzich yn it stadion. Dat moast fansels ek wol want it is in hiel o heden om al dy matchpoints by te hâlden. En dêr’t se it by de Tour de France noch wolris oan tiid hawwe om wat bestekliks oer kastielen te sizzen, dêr hiene dizze jonges en famkes fansels gjin tiid foar. Jo moatte de kop der by hâlde want as jo it ferkeard dogge dan is it muizen oft it treft. Want dan kinne dy kaatsers letter wolris obsternaat wurde en dat wolle jo net ha as jo se tsjinkomme yn de tsjustere steechjes fan it Kulturele Hoofdstadje. It binne slim sûne mannen moatte jo tinke. Taeke bygelyks, dy wurdt al foar de tredde kear heit. Dat wist ik net mar Roelof de Vries al. Wat moatte wy, en wat moat keatsen, sûnder Roelof matchpoint? Yn it stadion.

Nee, it keatsen kin net sûnder Roelof fan de Omroep. Dan krije jo oft it treft samar allegearre smoarge spullen oan de telegraaf. Of lege earsten. En ûnderslaggen fansels. En wat soene lju dy’t net al te talich binne sûnder Roelof by it keatsen moatte? Dy soene al gau tinke dat it keatsen fan juster in tige earmoedige takke fan it wâlbowl is. Moai dat Roelof dan efkes útleit dat Tjisse in dinkje om de elleboog hat. Oars koene de lju wol tinke dat er de saak besoademiteret en mei in takke oan it houwen is.

De partij soe ek efkes stil lein wurde want der wie frijwat min waar kommendeweis. Mar foar’t it safier wie fûn in oare Omroeper it al tige spannend wurden want foardat dat needwaar de hiele saak yn disoarder stjoere koe foelen der al ien of twa drippen en wat jo dan mei sa’n tige modern stadion dêr’t om de matchpoints spile wurdt dan hawwe is dat de stadionfloer wat chlysterich wurdt. No, en oft in wâlbowler begjint te chlysterjen dan giet er plat op ‘e bek. Spannend!!!

Mar goed, dat duorre net sa lang want wat in trochsneed terrorist amper foarinoar krijt, hjir waard it hiele matchpointstadion yn notime evakuearre. Sels de NOS hie it der al oer. It is te hoopjen dat de Russen dat ek lêzen hawwe, dan krije dy ek ris wat betroubere ynformaasje en dan witte se no dat wy hjir matchpointstadions hawwe dêr’t wol 2.000 man yn kinne. Foar Trump is sokke ynformaasje ek tige nuttich, dan wit dy ek ris dat it hjir ek frijwat great is.

It soe sa alderferskuorrendste need gean mei it waar dat in keppel nylhoazen der wol oan hawwe soe om dêr te oerlibjen. Mochten jim net witte wat in nylhoas is, Johan Terpstra fan de Omroep hat dat okkerlêsten tige dúdlik útlein. In nylhoas is in ‘nijlpaard’. Wêrom’t guon Friezen in ‘paard’ in ‘hoas’ neame is fansels in grut riedsel. Friesch is ek net chmaklik fanzelf. Wat ik dan wer net begryp is dat oft jo it wol hiele dagen oer matchpoint hawwe kinne jo blykber net genôch ferstân yn de harsens hawwe om te witten dat it gjin ‘hoas’ is mar ‘hoars’ en dat de Ingelsken dat ferbastere hawwe ta ‘horse’. Mar ik wit fansels net oft Ingelsken wol oan wâlbowl dogge.

Mar de saak moast dus ûntromme wurde want al it opgarre iis út de horrorwinter soe by bakken, brokken en mooglik wol folle grutter as wâlbowlen út ‘e loft donderje. En tsja, dat kinne jo in kaatser fansels net oandwaan want dy wit dan net mear wêr’t er op slaan moat oft it chlysterich is. En it publyk meie jo soks ek net oandwaan want dy mochten fan de terrorist net iens in paraplu meinimme om’t se syn sicht dan bedjerre soene. En dat soe it slimste noch net iens wêze mar dan soene de kamera’s him ek net shotte kinne foar de waarkast by it wâlbowl mei it tannis en beachbowl. Dat hie in yn- en yntryste dei wurden mei al dy reinskerms.

Wy moatte takom jier mar wer ris sjen. Ik hoopje dat it foltallige PC-bestjoer dan yn boerka ferskynt en dy terrorist mei wat elleboochjes yn it keatsmuseum plantet en dêr konservearret.

One comment on “PC – de hichtepunten

  1. Eddy 1 augustus 2019 23:40

    Ik bin nea by de PC west.
    Wy kamen yn 1962 fanút Hollân earst yn Tzummearum te wenjen. Ik wie maat mei Jetze Heringa. Wy fytsten alles ôf om nei it keatsen te gean, mar foar de PC koe ik gjin kaartsje krije. Jetze wol. Syn broer Sjoerd keatste doe ek en hie de PC ek alris wûn.
    Us heit moast altiten wol witte wêr’t wy hinne giene op ‘e fyts. Wy wienen seis jier.
    No, dat wie in kear nei Berltsum. Us heit de kaart der by. Koe it net fyne fansels. Ik net nei Berltsum.
    Hotze Schuil keatste doe ek noch. Ik sjoch him noch mei in wasmasine op it stjoer fytsen. Hij aaide Jetze en my ek altiten even oer de holle.
    Doet ik njoggen wurde ferhuzen wy nei Langwar. Foar skoalle namen Jetze en ik ôfskied. Hij joech my de hân. Ik sil it nea ferjitte.

Comments are closed.