De KNKB jout gjin lûd

De strafkommisje hat sprutsen. Twa wedstriden – om krekt te gean dy fan no sneon en no snein te Bitgum – skorsing foar Johannes en Dylan. Dat kin. In rjochter hat no ienkear altyd gelyk.

Wat my al justjes fernuveret is dat der earst in wike as seis oer hinne gean moatte foar’t sa’n útspraak der is. It komt my sa foar dat it proses tsjin Holleeder suver wat flotter ferrûn. Dat kin ik lykwols mis ha.

De mannen yn berop. Dat kin ek. En dat moat binnen de stelde termyn. Ha se kreas dien. Ik skriuw it mar gewoan op sa’t it is. In dei hâldt no ienkear net earder op as om 24.00 oere. Dêr hoege jo net iens abbekaat foar te wêzen om dat fêst te stellen.

Se moatte it justerjûn let dien hawwe, neffens in sprutsen berjocht op Oes Omroep, Oes Taal. Dat is sjoernalistyk. It earste berjocht dat doocht moat tink ik noch komme by Oes Omroep, Oes Taal. Fansels, jo kinne redendiele oer hoe let let is.

Hoe let hawwe dy jonges dat berop no krekt oantekene? Fansels sille de sjoernalisten dat aanst allegearre kreas foar ús rekonstruearje want se sitte tige ticht by it fjoer. Dat is sjoernalistyk. Ik moat it dwaan mei myn eigen waarnimmings. En jim no dus mei dy fan my.

De sjoernalistyk lit ús leauwe dat de mannen yn earste ynstânsje útsletten wiene fan de lotting fanwege de skorsing. Dat kin. Dy lotting begjint om 19.00 oere. Om sawat 19.45 oere (mar ik ha net op ‘e klok sjoen dat it kin ek 19.44 oere west ha) ha ik de listen download. Want dy brut moat in bytsje yn it fatsoen brocht wurde al wie it allinnich mar om’t de KNKB yn har ûnhjirmlike profesjonaliteit de plaknammen dêr hieltyd yn haadletters opgriemt. Dat wol ik net. It giet nammentlik mear om de keatser en minder om syn wenplak. Dat is gjin sjoernalistyk mar foarmjouwing.

Wat docht no bliken? De beide feroardielden binne kreas meilotte op de list fan de snein. Mar net op dy fan de sneon. It earder neamde sjoernalistike berjocht is dus op syn minst foar de helte net wier. Mar Geert van Tuinen sil wol mei bewizen komme want dy hat al fêststeld dat de listen dêr’t se net op lotte wiene al publisearre binne. Kom dan mar mei dat dokumint. Wy wolle soks sjen. Dat is sjoernalistyk.

Yn teory is it mooglik dat it beropsskrift fan de beide mannen binnen kommen is by de KNKB nei’t foar de list fan de sneon lotte wie mar dy fan de snein noch moast. Yn dat gefal moatte de mannen it beswier foar 19.45 oere yntsjinne hawwe. Oars koe ik ommers om dy tiid net in list downloade dêr’t se op stiene.

Is 19.45 oere let? Wol Geert van Tuinen dêr efkes stúdzje nei dwaan? En ús ek efkes útlizze wêrom’t it yntsjinjen fan beswier binnen de stelde termyn provosearjend is? Dat wurd kaam nammentlik ek yn it sprutsen sjoernalistike berjocht foar.

Ik gean der fanút dat de KNKB foar 19.45 oere op ‘e hichte wie fan it ynstelde berop. Dat kin ek net sa wêze mar dan hat de ‘official’ de kop der by de iene lotting al by hân en by de oare net. Dêr moatte wy net fan útgean, it binne profesjonals by de KNKB. En oft it al sa is dan wurdt it dêr net better fan want dan is der sprake fan folsleine ‘wy dogge mar wat’-kultuer.

Wat hat de KNKB dien doe’t foar it ljocht kaam dat de beide mannen hielendal legaal de skorsing op ‘e lange baan skood hiene troch yn berop te gean? Wat soe de KNKB dwaan moatte?

Se hiene der fansels al yn in folle earder stadium foar soargje moatten dat dizze situaasje him net foardwaan koe. Dat ha se net dien.

Se ha ek net fuortendaliks de telefoan, de mail, skype, sms en apps aktivearre om belanghawwenden fan dit troch harsels feroarsake probleem op ‘e hichte te stellen. Organisearjende ferienings bygelyks dy’t de partij dan wol ûnder it reglemint fan de KNKB keatse mar fierder net al tefolle stipe fan de profesjonals krije as ik de lûden om my hinne sa hear. Dat is fjildsjoernalistyk.

Sjoch – Geert van Tuinen en oare sjoernalisten -: de foarsitter fan de organisearjende feriening siet hjir justerjûn fan sawat 20.30 oant 21.15 by my efter de kompjûter om’t ik in mail útgean litten hie dy’t dêrta útnoege al stie dat der net letterlik yn. Hy hie de siktaresse ek mei. Ik ha dus tsjûgen.

De man hie de eagen op stokjes doe’t er seach wat ik makke hie: “Ferhip, Dylan en Johannes steane op ‘e list. No begryp ik der neat mear fan. Dy wiene dochs skorst?”

Dat moat om sawat 21.00 oere west hawwe. Mear as in oere neidat de KNKB it trelit fêststeld hie, hie de KNKB dus noch hieltyd gjin lûd jûn nei de earstbelanghawwenden.

Sa sit it dus en net oars. Wat de ‘sjoernalisten’ der fierder ek fan bakke wolle.

En de KNKB? Dy stiet like fier fan it keatsen ôf as de beropsfriezen oan de Bûterhoeke en omkriten fan it Frysk. Konferinsjes oer meartaligens en keatsplaatsjes. Other words en útstapkes mei de jeugd nei Portugal.

En yn Ingelum net opdraven komme wylst de jeugd dêr wakker heech by de KNKB-officials opsjocht en net wachtsje kin om in priis út har hannen te krijen. Mar dus net krije.

It ferskil tusken de ‘profesjonal’ en de ‘amateur’? De profesjonal stekt nearne tiid yn en komt mei bakken jild thús. De amateur stekt rûnom bulten tiid en en smyt der bakken jild efteroan. De amateur seit: ‘Asto dit efkes dochst, dan doch ik dat’. De profesjonal seit: ‘Dêr sille wy it oer ha’.

En dan fine de profesjonals it frjemd dat it keatsen en it Frysk op ‘e lêste fuotten rinne. Se sille it der wol oer ha sille. Mei kofje grif. Want dat iene bierke krije jo allinnich yn Ingelum noch dy’t as ien fan de alderlêsten sels noch lotsje mei. Echte amateurs, dy Ingelumers.

Allinnich giet dêr, foarsafier’t ik it besjen kin, amper wat mis.