Brasiliaanske fik

Mar ik begjin mei de Oeigoeren.

De Oeigoerske kultuer moat útrûge wurde, dêr fiert Sjina in aardich aktyd belied op. Dat is net bêst fansels. Dat is ferskriklik en djiptryst. No is Sjina fansels in moai ein fuort dat dêr kinne wy moai op omseure.

Yn Fryslân is it al hiel lang net mear mooglik in korrekt wurdbyld op te bouwen en dêrmei de taal te behâlden. De taal is fermoarde. Is dat slim?

No ja, al as wy Ed Hoornik syn ‘Taal is het instrument waardoor ik ademhaal’ leauwe sille. Of ‘Wa’t syn memmetaal fersmyt, is syn djoerste eigen kwyt’ wier achtsje.

As jo dat allegearre net sa krekt nimme dan krije jo dus Sjineeske tastannen. En dogge se soks dêr noch wat yn it geheim, hjir by ús ha wy mannich swier troch de oerheid subsidiearre taalferdylgjende ynstituten en media. Mar dy binne net fier fuort en dus seure wy dêr net op om. Wy toffelje mei it aldergrutste gemak efter de kapitalisten oan.

Yn Brasilië barbeknoeie se wat mei beammen. Dat fine wy ferskriklik. Wat der by de REC yn Harns bart kin ús gjin bliksem skele. De REC is gjin beam. En de REC is tichtby en dat is Brasilië net. It is ferskriklik wat se dêr yn Brasilië dogge. Dat dy beammen dat belije moatte is ien ding, mar wat op syn minst like slim is, is dat de oarspronklike bewenners harren leefgebiet nei de barrebysjes giet. Tryst. Djiptryst.

Dat de Grinzer ynheemske befolking dakleas makke wurdt, skriuwe wy in kear op en dan ha wy dat ek wer hân. Grinslân is net fier fuort, Brasilië al.

No leverje dy beamkes dus ek gjin soerstof mear en dat is net allinnich foar de Brasilianen net sa moai mar as it heal misbeteard kin de hiele wrâld aanst net mear sykhelje. Dat is ferskriklik. Noch tryster as yntryst. Want wy binne sels aardich tichtby ús sels dat oft wy de piip útgeane is dat op himsels al in stik slimmer as dat der ris in Brasiliaan dea gean soe. Mar wy seure net op ús sels om want dat komt te tichtby.

Gers produsearret ek soerstof. Ik tink dat se dat yn Brasilië ek wol witte want ik nim oan dat se dêr ynternet ha. Mar ik ha noch gjin Brasiliaan heard dy’t dêr wat oer sein hat. Oer wat wy mei dat gers dien hawwe en noch fan doel binne te dwaan.

Wy ha dat gers ûnder it asfalt bedobbe. It is hjir ien grutte grize púnbult. En dêr’t wy gjin pún deldondere hawwe, ha wy fabriken plante. Of sinnepanielen op kwakt. Dat binne dingen dêr’t jo gjin sop fan siede kinne as se net rindabel mear binne. En soerstof leverje se alhielendal net.

Der binne noch al in pear lullige hoekjes gers oerbleaun. Dêr nukke gleonhastige wrâldreizgers lege blikjes yn dy’t nei in bêste gisel fan de syklo yn in ko bedarje. En dat wylst wy it sa ferskriklik fine dat bisten mishannele wurde. En wy noch folle poerder wurde as lju it har yn harsens helje om halal te slachtsjen.

Wylst it hjir dus ien grutte halalslachterij oan it wurden is troch al dy dwazen dy’t Sjinezen en Brasilianen sa nedich miene de les lêze te moatten.

No’t it gers wat krap wurdt begjinne wy op it wetter. Dat wetter bedobje wy ek ûnder de sinnepanielen dy’t gjin soerstof leverje. Dat nukt fansels neat want wetter is gjin beam en sûnder dûkbril kinne jo ek net sa fier nei ûnderen sjen. Dat wy dogge krekt as is dêr neat. Dan wurdt der ek neat wei. Gjin beammen teminsten.

Wêrom hawwe wy hjir eins 17 soarten húskepapier yn de iene winkel en yn in oaren noch wer 39 oare? Wêrom ha wy hjir sûker yn allerhanne útfierings, mjitten en trijedûbelde ferpakkings? Pak ferdomme in sûkerleppel! En wêrom moatte wy hjir eins alle kearen 5 kilometer ride om úberhaupt in winkel tsjin te kommen? Is dat goed foar de soerstofproduksje?

Wat tinke wy hjir yn de leave frede te berikken mei PsyFiFestivals dêr’t lju út alle hoeken en hernen fan de wrâld op takomme yn de meast fersmoargjende kempers en oar goar ark? Zandvoort sil ik it mar net mear oer ha.

Dêr meie wy tink ik ek neat oer sizze. Mar dy ferflokte Brasilianen en Sjinezen. It is ferskriklik. Dûm wurde jo der fan. Underûntwikkelde sekreten binne it. Dwazen binne it. En de Russen ek. Fansels.

Nee, dan de Amerikanen. Poerbêst folk en altyd tichtby. Al wie it allinnich mar omdat se de Hollanners omraak skewiele mei it ferdylgjen fan it Frysk. Sadat wy moai yn it Ingelsk op Brasilianen, Sjinezen en Russen ommjekkerje kinne.

One comment on “Brasiliaanske fik

  1. Eddy 31 augustus 2019 18:40

    Jo slaan de spiker wer op kop.
    Iuwen lang hawwe wy de greiden en de bosk hjir yn Europa fernield en no eamelje wy oer de Brasilianen. Slacht nearne op.
    Op de drugsfeestjes fan Sjoerd Bootsma sitte wy ek net te wachtsjen. It hiele WTC terrein stiet grôtfol auto’s. Blowe en ballontsje blaze. It nije Fryslân. Kulturele Haadstêd…? Wy gean stadichoan nei de bliksem mei al dy idioaten yn Provinsjale Steaten en de Gemeente Ried fan Ljouwert. Tsientallen miljoenen der op ta lizze en dan giet de “Taartsjebakker fan Makkum” ús wiismeitsje dat it finansjeel in boppeslach wie… De Ekonomy fan Fryslân hie yn 2018 de leegste groei fan alle provinsjes. De Gemeente Ljouwert stiet noch altiten yn’e top tsien fan de earmoede.
    Jaja, it giet hjir geweldich.
    “Sietske Poepjes en de 1001 sprookjes.”

Comments are closed.